Franz Ziegler, selsportret
Selsportret as fotograaf

Franciscus Xaverius Wilhelmus Josephus (Franz) Ziegler (Harderwijk, 3 septimber 1893De Haach, 12 novimber 1939) wie in Nederlânske hoffotograaf.

Libben en wurk

Ziegler wie in soan fan fotograaf Robert Mathias Ziegler (1863-1931) en Alida Gerarda Johanna Bult. Hy wie ek in pakesizzer fan skilder Mathias Ziegler. Hy boaske oan Margaretha (Greet) Cooijmans (1911-2007) en krige mei har trije bern.

Ziegler learde de begjinselen fan it fak fan syn heit en wurke dêrnei by inkelde oare ateliers. Hy studearre ier jierren tweintich oan de Höhere Fachschule für Phototechnik yn München, mar beskôge himsels lykwols as autodidakt. Nei syn stúdzje wurke er mei syn heit yn dy syn atelier oan de Nieuwe Markt yn Swolle.

Hoffotograaf

Yn juny 1927 fêstige Ziegler him as selsstannich fotograaf yn De Haach, dêr't er it atelier fan de ferstoarne hoffotograaf Herman Deutmann oernaam. In moanne letter makke er syn earste opdrachten foar it Keninklik Hûs. Hy makke foto's fan mear as ien generaasje Oranjes, fan keningin Emma oant de lytse prinses Beatrix.[1] Fan 1928 ôf oan neamde er him hoffotograaf.[2] Ien fan Ziegler syn portretten fan keninginne Wilhelmina waard troch Piet Zwart foar postsegelûntwerpen brûkt. Yn 1937 wie er de troufotograaf fan prinses Juliana en prins Bernhard.

Fernijer

Ziegler eksperimintearre in soad mei nije prosessen dy't er as fotograaf tapasse koe, op it mêd fan drukprosedees, beljochting, komposysje, kleurgebrûk en retûsjearjen. Hy ûntwikkelde de duplofotografy, wêrmei't mear fariaasje yn de tonaliteit fan it byld ûntstie. Gearwurkjend mei Philips ûndersocht er de tapassing fan waarm giel natriumljocht, dat gewoanwei as weiferljochting brûkt waard, yn syn studio. Zieglers portretten krigen dêrtroch in lykmjittiger sêfte beljochting mei bettere kontrasten. Yn 1927 wûn er in priisfraach fan it blêd American Photography. Hy waard talitten ta de Royal Photographic Society en mocht de letters A.R.P.S. efter syn namme sette (Associate Royal Photographic Society).[3] Yn 1934 makke er in stúdzjereis nei Berlyn, om de dêr tapaste ferljochting te besjen. Werom yn Nederlân waard er troch Philips frege om in nij natriumljocht te testen. Dat 'Philoralicht' foldie Ziegler tige en hy skreau ferskate artikelen en joech lêzingen om it gebrûk dêrfan oan te rekommandearjen.

Ziegler waard yn 1935 foarsitter fan de Nederlandse Fotografen Patroons Vereeniging, ôfdieling De Haach. Hy wie ek lid fan Pulchri Studio en de Nederlandsche Fotografen Kunstkring.[4]
Yn 1939 krige er twaris in breinblieding mei de dea fan gefolgen yn novimber fan dat jier; hy waard 46 jier. Hy waard beïerdige op it Roomsk-Katolike Begraafplak Sint Petrus Banden yn De Haach.

Galery

Literatuer

  • N. Coppes et al.: Franz Ziegler. Virtuoos fotograaf (1893-1939). Zutphen, Walburg Pers, 2009. ISBN 9789057306570
  • Daniëlle Rietveld en Maartje van den Heuvel: 'Koninklijke portretten van Franz Ziegler'. Yn: Omslag, 2011-2, s. 3-5. (Folsleine tekst)

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.