De Frans Kellendonk-priis is in literêre priis dy't sûnt 1993 ienris yn de trije jier takend wurdt foar in Nederlânsk literêr wurk of oeuvre dat tsjûget fan in ûnôfhinklike en orzjinele fyzje op de in dat wurk of oeuvre behannele maatskiplike of eksistisjele problematyk. Kombinaasjes mei oare literêre uteringsfoarmen (fertaling, foardracht, sjoernalistyk) binne mooglik. De priis wurdt takend troch de Maatskippij fan de Nederlânske Letterkunde en is ynsteld op inisjatyf fan de Stichting Frans Kellendonk Fonds ta eere fan en neitins oan de Nederlânske skriuwer Frans Kellendonk dy't yn 1990 ferstoar.

Priiswinners

  • 2020 - Wytske Versteeg foar har romans en essays.
  • 2017 - Hanna Bervoets
  • 2014 - Esther Gerritsen
  • 2011 - Arnon Grunberg - hiele oeuvre
  • 2008 - Marjolijn Februari - hiele oeuvre
  • 2005 - Piet Gerbrandy - hiele oeuvre
  • 2003 - Henk van Woerden - hiele oeuvre
  • 1999 - Dirk van Weelden - hiele oeuvre
  • 1996 - Benno Barnard - Het gat in de wereld (1993)
  • 1993 - Kristien Hemmerechts - hiele oeuvre

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.