kopy fan in Selsportret
De fleurige drinker 1628-1630
1624
Sigeunerfamke 1628-1630
Isaak Abrahamsz Massa 1626

Frans Hals (Antwerpen, ± 1583 - Haarlim, augustus 1666) jildt as ien fan de wichtichste Alde Hollânske Masters. Hy wurke syn hiele libben yn Haarlim en waard benammen bekend troch syn libbene en kleurrike skuttersstikken en ôfbylden fan tiidgenoaten.

Libben

Hals waard yn 1582 of 1583 berne yn Antwerpen mar de famylje kaam fan Mechelen. Syn heit wie roomsk en lid fan de skutterij. Lykas in soad Flamingen yn dy tiid ferhuze de húshâlding om 1586 hinne nei Haarlim. Dirck, syn jongste broer waard doopt yn in protestantske tsjerke. Frans Hals we oant 1603 in learling fan Carel van Mander, yn 1610 waard hy lid fan it Sint-Lucasgilde en syn ierst datearre wurk is út 1611 mar hy moat al folle earder folleard west hawwe. Yn 1616 reizge hy nei Antwerpen om it wurk fan Rubens en Antoon Van Dijck te bestudearjen. De reguliere tsjinsttiid in de pleatslike skutterij wie twa jier, mar Frans Hals tsjinne mar leafst fan 1612 - 1624. Yn 1616 skildere hy syn earste skutterstik en yn 1639 syn lêste. Hy makke diel út fan de Haarlimske rederikerskeamer.

Hals is twaris troud: om 1610 mei Anneke Harmensdochter en yn 1615 mei Lysbeth Reyniers. It lêste houlik waard foltrokken yn Spaarndam en in pear dagen letter waard syn dochter Sara berne. Hals hat fjirtjin bern dope littten en hat fjouwer of fiif soannen ta skilder oplaat. Om 1615 siet Hals yn sokke finansjele swierrichheden dat de fiedster him oankleide. Tusken 1620 en 1630 skilderde hy portretten fan de elite en late hy ferskate learlingen op, lykas Philips Wouwerman. Ien fan syn skuttersstikken, De Meagere Kompanjy, is ôfmakke troch Pieter Codde. Frans Hals stiet bekend om syn oermjittige styl mar yn syn lêste jierren waard dat minder. Op ûngefear 84-jierrige leeftiid, nei in karriêre fan hast in heale iuw ferstoar de keunstskilder yn 1666. Yn de âlde St. Bavo-tsjerke oan de Grote Markt yn Haarlim leit hy ûnder it koar begroeven. Yn de 18e iuw foel de artyst út de geunst mar yn 1968 waard hy ôfbylde op it Nederlânske bankbiljet fan 10 gûne.

Wurk

It is ûndúdlik hoefolle fan it wurk Hals oerbleaun is is, mar neffens de gesachhawwende oeuvrekatalogus fan Seymour Slive út 1970-1974 kinne noch 222 skilderijen oan Hals taskreaun wurde. In oare Hals-kenner, Claus Grimm, hâldt it yn ‘Frans Hals. Das Gesamtwerk’ (1989) op 145 stikken.

De keunstner skildere:

  • yndividuele portretten en pendanten fan echtpearen (skilderijen dy't neist elkoar hearre te hingjen). Sa ferivige hy om 1652 de âlden fan
  • Groepsportretten wêrûnder fiif skuttersstikken, no yn Haarlim en trije groepsportretten fan reginten en regintessen (ek yn Haarlim). Hy produsearre dizze portretten yn opdracht fan minsken út de middelste en boppeste lagen fan de maatskippij: skriuwers, boargemasters, geastliken, hannelers, keaplju en bestjoerders. De skutters, alteast de offisieren en de ûnderoffisieren dy't harren groepsportretten bestelden, kamen ek meastentiids út de wat ‘hegere’ dan wol mear begoedige fermiddens.
  • Sjenrewurken: fiskersbern oan it strân, in grienteferkeapster, de Haarlimske ‘doarpsgek’ Malle Babbe, en mear fan sokke stikken, dy'y yn sekere sin ek wol as portretten te beskôgjen binne, mar benammen dochs bedoeld lykje as 'ympresjes fan it deiske libben’.

It is like ûnbekend as ûnwierskynlik dat Frans Hals lânskippen, stillibbens of ferheljende stikken makke hat. In protte 17e-iuwske keunstners yn Hollân keazen foar spesjalisaasje, en dat wie ek by Hals it gefal.

Al yn de 17e iuw waarden minsken troffen troch de libbenheid fan Hals syn portretten. Sa notearre de Haarlimmer Theodorus Schrevelius, ien fan de manlju dy't hy portrettearre, dat der yn de wurken fan Hals 'sa'n krêft en libben' is dat de skilder ‘de natoer út liket te daagjen mei syn pinsiel’. En twa iuwen letter skreau Vincent van Gogh oan syn broer Theo: ‘Wat is it in geniet sa’n Frans Hals te sjen, wat is ’t hiel wat oars as de skilderijen – der binne der sáfolle – dêr't sekuer alles op deselde wize glêdstrutsen is.’ Mei dy observaasje slaat Van Gogh de spiker op 'e kop: Hals keas derfoar om in skilderij net glêd ôf te wurkjen, lykas hast al syn tiidbegenoaten dat diene, mar besocht it libben deryn te hâlden. Omt libben te werkennen is oan beweging, soarge hy derfoar dat de taskôger de yndruk krijt dat it portret yn beweging is. Wa't sjocht nei ien yn beweging, sjocht dy persoan net hielendal skerp: krijst net goed fet op wa't of wat him beweecht, der binne flekken, linen, stippen, grutte kleurflakken, amperoan details. En sa skildere Frans Hals syn portretten, benammen lettter, as hy hielendal op 'e gleed is. Hjirmei berikte Hals in oplossing foar in âld probleem: hoe makkest in libbensechte foarstelling op in plat flak? Al is it saneamde trompe-l'oeil ofwol it sa ekstreem mooglik glêdskilderjen ek in oplossing (lykas (Gerrit Dou en de Leidse school dienen) mar de kar fan Hals is tige bysûnder en hy wie mei dizze oanpak syn tiid fier foarút. Pas yn de 19e iuw krige hy echt folgelingen, benammen ûnder de saneamde ympresjonisten.

Technyk

Faak wurdt tocht dat Hals syn wurken ‘aus einem Guss’ – yn ien woarp – op het doek slingere mar út technysk en natuerwittenskiplik ûndersyk blykt dat er soks amper die. In inkel wurk is dan wol far in grut part sûnder ûndertekeningen of ûnderskildering ‘alla prima’ delsetten, mar de measte wurken ûntstiene dochs yn ferskillende lagen, lykas yn dy tiid wenst. Op in grûnlaach waard mei kryt of ferve in tekening makke, soms yn kleur soms yn it griis, dy't dan yn stadia ynfold waard. Wol liket syn ûnderskildering oer it generaal ek tige los opsetten te wêzen: hy wie fan begjin ôf oan firtuoas, benammen by syn lettere, ripe wurken. Hals doarde latitejn in soad oan. Hy koe syn hannen fan it doek (of paniel) weromlûke as de persoan wat him oanbelange de libben en wol op stie. Hy skildere se net deadsk, lykas in soad fan syn tiidgenoaten dat yn harren iver en sekuerens wol diene. Een onghemeyne (ongewone) manier van schilderen, die hem eyghen is, bynae alle (iedereen) over-treft, skreau syn earste biograaf Schrevelius yn de 17e iuw.

Learlingen

Frij maklik wurde skilders as learling fan Hals beskôge. Mar út neier ûndersyk blykt dat der op dat mêd in soad fraachtekens binne. Arnold Houbraken neamt yn syn ‘De Groote Schouburgh’ (1718-21) Adriaen Brouwer, Adriaen van Ostade en Dirck van Delen as learlingen. Nei alle gedachten wiene Frans syn broer Dirck Hals en syn eigen soannen by him yn de lear of hawwe se by him op it atelier wurke. Dan binne der noch Vincent Laurensz van der Vinne (neffens dy syn soan wie dizze in Hals-learling), en Pieter Gerritsz van Roestraten (neffens in notarieel dokumint) Van Roestraten waard oars syn skoansoan. Mooglik studearre de Haarlimmer portretskilder Johannes Verspronck (ien fan de ûngefear tsien konkurrearjende portrettisten yn it Haarlim fan doe) ek in skoft by Hals. It hantsjefol skilderijen dat oan Judith Leyster taskreaun wurdt steane kwa styl it tichtst by Hals en se jildt dan ek as in wierskynlike learling, krektas har oarehelte de skilder Jan Miense Molenaer. Der sille grif mear west hawwe, mar in soad skilders fan doe binne yn it ferjitboek rekke. Twa iuwen nei syn dea krige Hals noch in oantal ‘postume learlingen’. Claude Monet, Charles-François Daubigny, Max Liebermann, James Whistler, Gustave Courbet, en yn NederlânJacobus van Looy en Isaac Israëls, se hearre ta de ympresjonisten en realisten dy't har yn Hals ferdjippe hawwe, dy't har troch him ynspirearje litten hawwe en op him fuortbouden.

Echt of net echt

In soad oan Frans Hals taskreaune skilderijen wurdt de echtheid fan betwiste. Sjoch bygelyks Frans L. M. Dony: "Alle bekende schilderijen van Frans Hals" 1975. Kenlik is der gjin ynternasjonale toetsing fan syn wurk op echtheid lykas by Rembrandt of Johannes Vermeer. De ferfalskingen fan Van Meegeren hawwe de ûnsekerheid nochris fergrutte.

Yn 2006 is bygelyks fêststeld dat Portret van de Haarlemse kerkvoogd Jacobus Hendrick Zaffius in 17e-iuwske kopy is fan it ierst bekende wurk fan Hals. It ûndersyk wurdt útfierd troch Pieter Thiel, âld-direkteur fan de skilderijenkolleksje fan it Ryksmuseum yn Amsterdam.

Wurk

  • Portret fan Aletta Hanemans
  • Lachende jongen, yn it Mauritshûs
  • Portret fan Jacob Olycan
  • Portret fan in man, 1660-63
  • Jonge mei in lút, ± 1624-26
  • De fleurige drinker, ± 1628-1630
  • De laitsjende Kavalier, 1624
  • Portret fan Isaac Abrahamsz Massa, 1626
  • Portret fan in Hollânske famylje, ± 1665
  • Portret fan Cornelis Guldenwagen, boargemaster fan Haarlem, ± 1666
  • De Hear Bodolphe
  • Frou Bodolphe
  • Fiskersbern oan it strân
  • In grienteferkeapster
  • Malle Babbe
  • De Regintessen fan it Alde-Manljushûs yn Haarlim, 1664
  • Huwelijksportret van Isaac Massa en Beatrix van der Laen, ± 1662, yn it Ryksmuseum
  • Portret fan Catharina Hooft en har min, ± 1602
  • Portret fan Pieter van den Broecke
  • Portretten fan de famylje Coymans
  • Portret fan Willem van Heythuysen

Musea

It wurk fan Frans Hals is ûnder mear te bewûnderjen yn:

Literatuer

  • Seymour Slive: Frans Hals, 3 dln. (oeuvrekatalogus), New York / Londen 1970-1974; Frans Hals (eksposysjekatalogus Washington/Londen/Haarlim, 1989).
  • Claus Grimm (1989) Frans Hals. Das Gesamtwerk Stuttgart/Zürich;
  • W. Liedtke (2007) Dutch paintings in the Metropolitan Museum of Art, side 250-
  • N. Middelkoop en A. van Grevenstein, Frans Hals. Leven, werk, restauratie (Haarlim Amsterdam 1988).
  • A. Erftemeijer; Frans Hals in het Frans Hals Museum, Amsterdam/Gent 2004 (yn Ned., Ing. en Frâ.)
  • C. Atkins ‘Frans Hals’s Virtuoso Brushwork’, yn: Nederlands Kunsthistorisch Jaarboek 2003, Swol 2004, side 281-309.

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Frans Hals fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.