Frank Lammers
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFrank Albertus Gerardus
   Petrus Maria Lammers
nasjonaliteit Nederlânsk
berne10 april 1972
berteplakMierlo (Noard-Brabân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Brabânsk
jierren aktyf1992 – no
prizenGouden Keal 2006
Prins Bernhard Kultuerpriis 2017
offisjele webside
www.franklammers.net

Frank Lammers (folút: Frank Albertus Gerardus Petrus Maria Lammers; Mierlo, 10 april 1972) is in Nederlânsk akteur en regisseur fan Brabânsk komôf. Hy is benammen bekend fan 'e reklamespotsjes foar Jumbo Supermarkten, fan syn rol as Dennis van der Horst yn 'e film Nachtrit en fan syn titelrol yn 'e histoaryske aventoerefilm Michiel de Ruyter.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Lammers waard yn 1972 berne yn in roomske húshâlding yn it Brabânske Mierlo, dat tusken Eindhoven en Helmond yn leit. Hy folge middelber ûnderwiis oan it Strabrecht Kolleezje yn Geldrop en studearre yn 1995 ôf oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle en Lytskeunstakademy.

Aktearkarriêre

Yn 1998 makke Lammers de koarte film Kort Rotterdams: Temper, Temper, dêr't er it senario foar skreau en de rezjy foar die. Foar de haadrollen loek er syn goede freon Fedja van Huêt oan, en fierders Monic Hendrickx en de doe noch ûnbekende Halina Reijn. Letter datselde jiers makke Lammers sels syn debút as filmakteur yn 'e Route 2000-film fl 19,99, mei in lytse rol as dakleaze. Yn 2000 bemachtige er in gruttere rol yn Wilde Mossels. Op 'e set fan dy film rekke er goed befreone mei regisseur Erik de Bruyn.

Neitiid wie Lammers te sjen yn films as Ochtendzwemmers (2001), Polleke (2003), Shouf Shouf Habibi (2004), Het Zuiden (2004), Het Schnitzelparadijs (2005) en Het Woeden der Gehele Wereld (2006). Yn De Dominee (2004) spile er de rol fan 'e kickbokser Adri Slotemaker. Ek hie Lammers in roltsje yn 'e oarlochsfilm Zwartboek, út 2006. Underwilens boude er op alderhanne mêd oan syn karriêre, en wied er behalven yn films ek te sjen op 'e tillefyzje. Foar syn rol as Bosko, yn 'e minysearje De Enclave (oer de Fal fan Srebrenica), krige er yn 2002 in Gouden Byld, en syn haadrol as Dennis van der Horst yn 'e film Nachtrit, út 2006, waard bekroane mei in Gouden Keal yn 'e kategory bêste akteur.

Op 'e tillefyzje wurke er mei oan it sketcheprogramma Koppensnellers, wêryn't er û.m. te sjen wie as Guus út Goes, de plysje fan Arûba (yn ferbân mei de saak-Natalee Holloway) en Edwin de Roy van Zuydewijn. Ek hied er gastrollen yn 'e plysjesearjes Baantjer en Grijpstra en De Gier en Spangen, yn 'e sikehûssearje De Co-assistent en yn oare programma's, lykas Dunya en Desie, Wet en Waan, Deadline en Het Sinterklaasjournaal. Fierders wie Lammers yn 2016 te sjen yn 'e minysearje Als de Dijken Breken. Yn 2007 en 2008 fertolke Lammers de rol fan Tom yn 'e musical Route 66, njonken û.o. Juda Goslinga, Loes Haverkort en Alexandra Alphenaar.

Op it wite doek spile Lammers nei 2006 û.m. yn Eigenheimers (2007), New Kids Turbo (2010), De Bende van Oss (2011) en De Marathon (2012). Yn 'e histoaryske aventoerefilm Michiel de Ruyter, dy't regisseur Roel Reiné en filmprodusint Klaas de Jong yn 2015 makken oer de santjinde-iuwske Nederlânske seeheld mei deselde namme, fertolke Lammers de titelrol. Dy film waard in grut súkses en makke Lammers bekend by in breder publyk, yn 'e mande mei de reklamespotsjes dy't er neitiid opnaam foar Jumbo Supermarkten. Yn 2015 hied er ek de titelrol yn 'e roadmovie J. Kessels, as in sûpende, keatlingsmokende, cowboyhoeddragende sjoernalist, en yn 2016 spile er yn 'e komyske horrorfilm SneekWeek in plysjeresjersjeur dy't efter in searjemoardner oan sit.

Yn 2007 en 2008 wie Lammers op de radio te hearren yn it harkspul Bommel. As stimakteur wurke er mei oan 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje fan tekenfilms as Wreck-It Ralph (2012), Despicable Me 2 (2013), The Spongebob Movie: Sponge Out of Water (2015), The Angry Birds Movie (2016) en Paddington 2 (2017). Fierders stied er yn 2009 op 'e planken mei it toanielstik Cadillac Cowboy, oer it libben fan countrysjonger Hank Williams. Ek wied er tusken 2012 en 2015 dûbluere foar Martijn Fischer, dy't de titelrol hie yn 'e musical Hij Gelooft in Mij, oer sjonger André Hazes.

Njonken syn aktearwurk wie Lammers troch de jierren hinne ek ferskate kearen as presintator aktyf foar Omroep Brabant, û.m. by programma's as De Kracht van Brabant en De Canon van Lammers. Fan 2008 oant en mei 2011 wied er ambassadeur fan it festival de Brabantsedag yn Heeze. Yn 2017 krige er de Prins Bernhard Kultuerpriis takend fanwegen "syn grutte bysûndere prestaasjes en fertsjinsten foar de kultuer yn Noard-Brabân." As regisseur makke Lammers yn 2010 de teäterfoarstelling Koper, mei de Limburchske band Rowwen Hèze en popsjoernalist Leon Verdonschot. Yn 2017 waard Of Ik Gek Ben, de earste spylfilm dy't er regissearre, bekroane mei de priis foar bêste film op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Footcandle, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina.

Priveelibben

Lammers is troud mei de skriuwster Eva Posthuma de Boer. Mei har hat er in dochter, berne yn 2004.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1990Ko de Boswachtershow ?gastrol; ôfl. De Kippenfokkerversnipperaar
1998BaantjerMilan Tolimirgastrol; ôfl. De Cock en de Vermoorde Onschuld
1999SpangenLars Biermangastrol; ôfl. Foute Vrienden
1999–2000BNN Look A Like 11-talcoach Frenk
2000Wildschut & De VriesMilkogastrol; ôfl. Zware Benen
2000–2001All StarsBerriefêste rol 3e seizoen; 14 ôfl.
2001OchtendzwemmersHermantillefyzjefilm
2002Intensive CareErik Kleingastrol; ôfl. De Grens
2002De EnclaveDarko Bokantillefyzjefilm
2003Wet & WaanMischagastrol; ôfl. Het Geheim van de Raadkamer
2003Het Wonder van Máximaplysjeman Deckertillefyzjefilm
2004Dunya & DesieTonnie van Bruggengastrol; ôfl. Dunya en Desie Forever
2005Grijpstra & De GierPaul van der Bildtgastrol; ôfl. My Funny Valentine
2006Koppensnellersferskaatkomysk sketcheprogramma; 8 ôfl.
2006EigenheimersJaap van Elsakkertillefyzjefilm
2007–2010Comedy Centralvoice-over
2008Sterke Verhalen uit ZoutvloedTepperweromkearende rol; 5 ôfl.
2009De Co-assistentPatrick Wezendonkgastrol; ôfl. De Bevalling
2009Echt Niet?!himselsas presintator
2009–2010Van Zon op Zaterdagferskaatkomysk sketcheprogramma
2010DeadlineYpe Sleeswijkweromkearende rol; 3 ôfl.
2010De Kracht van Brabanthimselsas presintator
2011LevensliedBertweromkearende rol; 7 ôfl.
2011The PassionJudas Iskariottillefyzjespecial
2011Bon VoyageTomtillefyzjefilm
2012–2014Crimi Clownsde Patronweromkearende rol; 7 ôfl.
2013Sinterklaasjournaalbistefersoargergastrol
2016Als de Dijken BrekenWillem Wienesseminysearje
2018Sinterklaasjournaalsûvenirferkeapergastrol
2019–noUndercoverFerry Boumanfêste rol
2020Nieuw Zeer ?gastrol
2019–2021De Alleskunnervoice-overrealitytillefyzjeprogramma
2020–2021Familie Gillis: Massa is Kassavoice-overrealitytillefyzjeprogramma
films
1998fl. 19,99dakleaze
2000Wilde MosselsDaan
2000De Zwarte MeteoorWezelkop
2000NachtwachtVermeer
2001De GrotRené
2003Grimmboer
2003Pollekemaster Wouter
2003De PassievruchtDees
2004Het ZuidenLoe de Koning
2004Shouf Shouf Habibi!Chris
2004De DomineeAdri Slotemaker
2005FlirtEgbert-Jan
2005Het SchnitzelparadijsWillem
2005Leef!BMW-bestjoerder
2005Racing Stripes ?as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2006Het Woeden der Gehele Wereldynspekteur Duivetrap
2006ZwartboekKees
2006NachtritDennis van der Horst
2007NadineVince
2008MafrikaFrank
2009Suske en Wiske: De Texas RakkersLambikas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2010LexLex
2010New Kids Turbobaas van Richard en Robbie
2011Rundskopbistedokter Sam Raymond
2011De PresidentKrasimir
2011De Bende van OssHarry den Brock
2012De MarathonKees
2012Wreck-It RalphRalphas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2013Crimi Clowns: De Moviede Patron
2013Despicable Me 2El Machoas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2014The BoxtrollsArchibald Snatcheras stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2014Onder het HartRogier
2015Michiel de Ruyteradmiraal Michiel de Ruyter
2015J. KesselsJ. Kessels
2015The SpongeBob Movie: Sponge Out of Water   Burger Beardas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2015Phantom Boyman mei misfoarme antlitas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2016SneekWeekresjersjeur Van Velzen
2016The Angry Birds MovieMighty Eagleas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2016Of Ik Gek Benn.f.t.regisseur
2016De HelleveegNico van Dartel
2016The Secret Life of PetsDukeas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2016SingBig Daddyas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2017Hotel De Grote Lheit
2017Paddington 2Knuckles McGintyas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2018All You Need Is LoveErnst
2018Chasing Windmillskaptein Holland Amerika Lijn   
2018Ralph Breaks the InternetRalphas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2018D-railedgasthear
2018Spider-Man: Into the Spider-VerseSpider-man Noiras stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2019KlausKlausas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2019The Secret Life of Pets 2Dukeas stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2020Groeten van GerriGerri van Vlokhovenek regisseur
2021FerryFerry Bouman
2021Herrie in Huize GerriGerri van Vlokhovenek regisseur

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.