Franceska Jaimes | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Franceska James, Morgana, Sweet Sugar | |
echte namme | Silvia Romero | |
nasjonaliteit | Kolombiaansk | |
berne | 20 septimber 1985 | |
berteplak | Medellín (Kolombia) | |
etnisiteit | Kolombiaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2006 – no | |
offisjele webside | ||
www.franceskajaimes.com |
Franceska Jaimes, echte namme: Silvia Romero (Medellín, 20 septimber 1985), is in Kolombiaansk model, neakenmodel en pornografysk aktrise, wa har namme oft ek wol misstavere wurdt as Franceska James, en dy't ek wol wurke hat ûnder de skûlnammen Morgana en Sweet Sugar. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 34D.
Libben en karriêre
Franceska Jaimes waard yn 1985 berne yn 'e stêd Medellín, yn it Kolombiaanske departmint Antioquia (guon boarnen neame lykwols de Kolombiaanske haadstêd Bogotá as har berteplak). Oarspronklik wurke hja as model. Yn juny en july 2005 wie se in blaumoandei (yn totaal likernôch seis wiken) troud mei de Spaanske pornoakteur, regisseur en produsint Nacho Vidal. Nettsjinsteande harren ûnlijich houlik en flugge skieding bleau se mei him befreone.
Yn 2006 ferfear Jaimes nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en úteinsette mei in karriêre as pornoaktrise. Dêrby makke se har debút yn Vidal syn film Nacho Rides Again. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn 43 pornografyske films spile, wêrfan't fierwei de measten produsearre waarden troch de foaroansteande Amerikaanske studio Evil Angel. Oare labels dêr't Jaimes foar wurke hat, binne û.o. Pure Play Media, Jules Jordan Video, Third Degree Films, West Coast Productions en Digital Playground. Ek hat se wol wurke foar pornosites as Brazzers, Reality Kings en Kink.com. Underwilens hat se acht kear in nominaasje yn 'e wacht sleept foar in prestizjeuze AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Njonken har aktearjen wie Jaimes ek wurksum as neakenmodel; sa stie syn april 2011 yn 'e Penthouse as de Penthouse Pet of the Month.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2012 | AVN Award | nominearre | skandalichste sekssêne (mei Nacho Vidal) | Nacho Vidal vs. Live Gonzo |
nominearre | bûtenlânsk artyste fan it jier | n.f.t. | ||
Galaxy Award | wûn | bêste nije artyste (Noard-Amearika) | n.f.t. | |
Urban X Award | nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei Dana DeArmond en Nacho Vidal) | Nacho Vidal Back to the USA | |
2013 | AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | Big Wet Butts 6 |
nominearre | bêste solosekssêne | Nacho vs. Franceska Jaimes | ||
nominearre | bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Nacho Vidal) | Fucking Tour | ||
nominearre | bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) | Big Wet Butts 6 | ||
nominearre | bûtenlânsk artyste fan it jier | n.f.t. | ||
2014 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Penelope Crunch en Nacho Vidal) | Fuck, Yeeaaah!!!! |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |