Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.


Francesco Carotta (2007)
Carotta, Kees Sluys (VPRO)) en syn útjouwer Pierik (Aspekt) (rj) nei ôfrin fan de premjêre Gospel of Caesar, Utert 2007
begjin fan de lezing by Broese en Kemink yn Utert
ôfrin lêzing yn Utert

Francesco Carotta (Feneetsje, 1946) is in Italjaanske eardere IT-ûndernimmer [1], publisist en yngenieur,[2] en ek in ûnôfhinklik taalkundige en filosoof.[3] Carotta is mei-oprjochter fan de Dútske krante die Tageszeitung.[4] As auteur is er bekend wurden mei syn kontroversjele teory dat de teksten oer Jezus (fan Nazaret) ôfkomstich binne út de boarnen oer Julius Caesar. Nei in stikmannich publikaasjes yn blêden en de kranten Stadtzeitung für Freiburg (april 1989) en die tageszeitung (Berlyn, 23-12-1991), publisearre Carotta syn fyzjes yn de boeken War Jesus Caesar? 2000 Jahre Anbetung einer Kopie (1999) en yn wittenskiplike tiidskriften sa as it Italjaanske Quaderni Di Storia, Il Cesare incognito - Da Divo Giulio a Gesù (2003).[5] De teory waard ek oerset yn it Nederlânsk, Ingelsk en Spaansk.[6]

Diegetyske transposysje

Nei it fergelykjen fan de ferslaggen oer Julius Caesar (± 100 f.Kr. - 44 f.Kr.) en de Romeinske Boargerkriich fan de histoarisy Suetonius, Appianus, Kassius Dio en Plutarchus mei it Evangeelje fan Markus, kaam Carotta ta de konlúzje dat Markus syn ferhaal oer Jezus basearre wie op de Divus Iulius-kultus, de kultus fan de fergoade Julius Caesar. Carotta wol hawwe dat it Evangeelje fan Markus it ferhaal is fan de Romeinske boargeroarloch fan Caesar's oerstekken fan de Rubikon oant syn dea, begraffenis en de ein fan de republyk, yn in ferbastere foarm fannijs beskriuwt; Jezus syn libben en ferkundiging fan syn doop yn de Jordaan oant syn fêstnimming, krusiging en opstanning as parallel fan Ceasars lêste jierren. [7] [8] Carotta brûkt foar de ferklearring fan it ûntstean fan it evangeelje in term fan Gérard Genette,[9], diegetyske transposysje (it op’en nij ferheljen fan in ferhaal yn in oare romtlike en/of tiid kontekst); it nije ier-kristlike ferhaal oer Jezus mei tekstferoarings dat him yn in oar gebiet ôfspilet, soe ûntstien wêze troch in proses fan kopiëarflaters, ferkeard oersette wurden, foute útlis fan wurden en oanpassings en redaksje yn in oare kulturele kontekst om politike redenen. De úteinlike foarm fan de nije religy, dy’t de Juliaanske kultus fannijs útlizze moast mei as doel dat dy de Flaviaanske polityk, benammen foar Palestina, fertuten dwaan soe, waard ynfierd ûnder Fespasianus en de histoarikus Flavius Josephus, waans vita ek de basis foarme foar it libbensferhaal fan de apostel Paulus sa’t dat ferhelle wurdt yn Hannelingen fan de Apostels, haadstik 2. Neffens Carotta is Jezus dêrom de Divus Iulius fan de Flaviaanske dynasty (6996). Benammen de Flaviaan keizer Konstantyn de Grutte, dy’t it Kristendom foar syn ryk omearme, soe him tige bewust west hawwe fan it strategysk potinsjeel fan de Julius-kultus yn de nije foarm. Carotta sjocht in kontinuïteit fan de Divus Julius kultus, wêrby't de Romeinske oarsprong ferklearjend is [10] foar sawol de teksten fan it Nije Testamint as foar de tradysje [11], liturgy en ikonografy [12]fan it lettere Kristendom. Yn 2008 sette Carotta syn theory yn in breder perspektyf troch in relaasje te lizzen mei it saneamde amulet Orpheos Bakkikos, dat oant no ta fraachtekens oprôp wat echtens onbelanget. Yn in artikel foar de theologyske akademy fan it aartsdiocees fan Sevilla leinen taalkundige Carotta en histoarikus Arne Eickenberg nije arguminten op it kleed troch oan te toanen dat dit amulet te dwaan hat mei Caesar syn kremaasje. [13] Eickenberg ferdjippe de teory fan Carotta troch oan te toanen dat der grutte oerienkomsten besteane tusken de frjemde natuerferskynsels by de krúsiging yn it ferhaal oer Jezus en de neisleep by de dea fan Caesar. [14] De Utertske oersetter en undersiker fan it wurk fan Carotta, Tommie Hendriks [15], beskreau op grûn fan de boarnen de trije dagen fan rou en lulkens nei Caesar syn dea. [16]

Reaksjes

Nei in earste positive besprekking yn de útstjoering fan Buitenhof fan 1 desimber 2002 [17] neamde rjochtsgelearde, humanist en publisist Paul Cliteur it boek yn it programma NOVA fan 23 desimber 2002 in "ontdekking die gelijk staat aan de denkbeelden van Darwin en Galileo en die de hele cultuurgeschiedenis omver gooit".[18] Willem Dijkhuis skreau:" een perspektief op het Europees erfgoed dat na lezing in het geheugen gegrift blijft." [19] De Spaanske preester Pedro García González skreau: 'To my astonishment, the Passion and the whole Gospel had a truly Roman context, and they do lead back to Julius Caesar.’ [20] [21] De Leienske rjochtsfilosoof Andreas Kinneging neamde Carotta's boek op 24 desimber 2002 'it boek fan it jier 2002'. [22] Neffens nijtestamintikus Henk Jan de Jonge bringt it boek niets dan klinkklare nonsens, ongefundeerde speculaties op basis van toevallige overeenkomsten tussen de weergaven van het leven van Julius Caesar en Jezus.[23] Yn it blêd T.F. skriuwt De Jonge: De theorie van Carotta roept veel meer problemen op dan de theorie die Marcus terugvoert op oudere traditie aangaande een historische persoon Jezus. Carotta stelt ons constant voor nieuwe complicaties, die dan weer nieuwe hypothesen vereisen. [24] Henk Versnel, âldhistoarikus kwalifisearre it mei 'Dit is in samling apekoal'. [25] [26] De Nederlânske oersetter fan Carotta, de eksperiminteel psycholooch Tommie Hendriks beskreau yn in wiidweidich artikel de nuveraardige ûntfangst fan de teory yn Nederlân.[27] Fierders skreau Hendriks in monografy dêr't er sjen lit dat Caesar op 17 maart 44 f.Kr. – tertia die – byset is, in ekstra bewiis foar Carotta’s syn teory.[28] De klassyk histoarikus Anton van Hooff kwalifisearre de teory fan Carotta as 'ateïstysk byleauwe' en pseudowittenskip.[29] Histoarikus Thomas von der Dunk skreau: 'It klinkt hiel frjemd yn de earen, mar Carotta hat foar dizze stelling tal fan bewiizen.' [30]De linguïst Fotis Kavoukopoulos sprekt oer de teory fan Carotta as 'a paradigm shift in the history of religion.' [31][32]De Nederlânske programmamakker Jan van Friesland makke in dokumintêre oer Francesco Carotta's teory dat Jezus feitlik Caesar wie. Op 2 novimber 2007 wie de premiêre yn Utert fan 'Het evangelie van Caesar-zoektocht naar de ware Christus'.[33][34] Yn de dokumintêre seit de Spaanske kultureel-antropolooch Francisco Rodríguez Pascual de teory fan Carotta "mooglik" en dêrom fan belang as wurkhypoteze.[35] De Nederlânske klassikus en Plutarchusoersetter Gerard Janssen (ferbûn oan it Piter Jelles gymnasium yn Ljouwert) beskôget it wurk as in teory fan belang dy't in yngeande wittenskiplike diskusje wurdich is.[36] [37] Maria Wyke beskôget, yn har Caesarbiografy fan 2007, de troch Carotta oandroegen parallellen tusken Caesar en Jezus as "generalisearjend en faak oerflakkich", nettsjinsteande harren detailleardheid en ferantwurding sûnder ein." Pieter Steinz sei oer Wyke har sizzen oer Carotta yn de NRC: Wyke laat de belachelijkheid van Carotta’s these mooi zien (door zijn argumenten alleen maar te citeren), maar verbindt er een mooie conclusie aan. Vroeger, schrijft ze, werden Caesar en Jezus met elkaar vergeleken om de opmars van de christelijke heilsleer of het "droit divin" te ondersteunen. Tegenwoordig worden de parallellen juist getrokken om de goddelijkheid en de historiciteit van Jezus te ondermijnen. Wyke: ‘Caesar is niet langer de schaduw van Christus, maar Christus is de schaduw van Caesar.’[38] Sir Peter Stothard skreau dat de teory tige de oandacht fertsjinnet. [39] De Spaanske filolooch en nij testamintikus Antonio Piñero [40] skreau dat Carotta syn teory oer in diegetyske transposysje fan it Evangeelje ien fan de meast yngenieuze benaderingen is as it giet oer it fraachstik fan de histoaryske Kristus. [41] Filolooch en Caesarbiograaf Luciano Canfora [42] fynt it wurk fan Carotta 'orizjineel' en komt mei in wichtige oare oerienkomst op 'e hispel: Caesar en Kristus ûntkomme mar amper oan de ûntearing fan harren lichem. [43] Archeologe Erika Simon [44] sprekt fan oerienkomsten dy't net earder sa besjoen binne. [45] Wim de Ridder sei yn syn ynaugurele rede dat minsken sels mei dizze teory harren takomst ferkenne wolle. [46]J. Kleisen skreau dat Carotta mei in hiele protte arguminten komt wer at de lêzer sels mar syn of har gewicht oan jaan moat. [47] [48]

Literatuer

  • F. Carotta, "Verkündigung: Caesars Kreuzigung — Das Evangelium nach Kleopatra", in: Cam (ed.), Memoria 2090 — Kalenden und Iden, Freiburch 1989 ISBN 3-926023-76-7
  • F. Carotta, War Jesus Caesar? 2000 Jahre Anbetung einer Kopie. Goldmann, München 1999, ISBN 3-442-15051-5
  • F. Carotta, Was Jezus Caesar? Over de Romeinse oorsprong van het christendom. Een onderzoek. Utjouwerij Aspekt b.v., Soesterberg novimber 2002, ISBN 90-5911-069-2
  • F. Carotta, Jesus was Caesar. On the Julian Origin of Christianity. An Investigative Report. Utj. Aspekt b.v., Soesterberch 2005, ISBN 90-5911-396-9
  • F. Carotta, War Jesus Caesar? Eine Suche nach dem römischen Ursprung des Christentums. Verlag Ludwig, Kiel, july 2011, ISBN 978-3-937719-63-4
  • F. Carotta, "Christus ein Mythos?", review of G. Courtney (1992), Et tu, Judas? Then fall Jesus, Kirchzarten 2002
  • F. Carotta, Jezus Christus = Julius Caesar — Theologen in verwarring ("Tumult": lecture & debate), Luterske Tsjerke, Utert, 11-28-2002
  • F. Carotta, Il Cesare incognito – Da Divo Giulio a Gesù, (ferzje), Kirchzarten, maart 2002
  • F. Carotta, "Da Divo Giulio a Gesù - con aspetti iconografici", Kirchzarten maart 2002
  • F. Carotta with Rev. P. García González, Caesar on the cross. Passion before Easter, Auditorium Louis Hartlooper Complex, Utert, 03-20-2005
  • F. Carotta met Eerwaarde P. García González, Caesar aan het kruis. Passie voor Pasen. Id. (Nederlânske oersetting)
  • F. Carotta, "Sull'origine Giuliana del Christianesimo", Conferenza tenuta ad Offnadingen, maart 2005
  • F. Carotta, Die Evangelien als diegetische Transposition: Eine mögliche Lösung der Aporie „Existierte Jesus?“, Complutense Universiteit, Escorial 2007
  • F. Carotta met Arne Eickenberg, Liberalia Tu Accusas! Restituting the Ancient Date of Caesar's Funeral, Kirchzarten 2009
  • F. Carotta, Orpheos Bakkikos: The Missing Cross, Isidorianum, Centro de Estudios Teológicos de Sevilla, 2009, Nº 35
  • F. Carotta, 17 de Marzo -liberalia- Victoria de Munda Fundación de la Colonia Astigi, Funeral de Julio César, Écija (Spanje) maart 2010
  • F. Carotta, Noche de San Juan, Colaboración: Arne Eickenberg y Daniel Mere, Conferencia Asociación Puerta del Agua, Aguilar de la Frontera. 23-24 juny 2010.
  • J. Beaufort, "Arius und Ali. Über die iranischen Wurzeln des Christentums und die christlichen Wurzeln des Islam", 2008 (republished by H. Detering at Radikalkritik, Berlin 2009)
  • James Anthony Froude, "Cæsar, a sketch", London: Longmans, Green, and Co. 1879, p. 494
  • P. García González, "Contexto histórico y entendimiento entre confesiones religiosas", Rascafría 2006
  • P. García González, "Intereses, competencias y niveles de realidad. Diferentes lecturas de las historias de vida", Rascafría 2009
  • T. Hendriks, Rouw en razernij om Caesar. De wraak van het volk voor een politieke moord zonder weerga. Utjouwerij Aspekt b.v., Soesterberg april 2008, ISBN 9789059112957
  • Earl S. Johnson Jr., "Mark 15,39 and the So-Called Confession of the Roman Centurion", yn: Biblica 81, Vatican Rome 2000, side 406–13
  • Tae Hun Kim, "The Anarthrous υἱὸς θεοῦ in Mark 15,39 and the Roman Imperial Cult", yn: Biblica 79, Vatican Rome 1998, side 221–41
  • Robert L. Mowery, "Son of God in Roman Imperial Titles and Matthew", yn: Biblica 83, Vatican Rome 2002, side 100–10
  • Lily Ross Taylor, The Divinity of the Roman Emperor, Middletown 1931; cf. especially Henri Jeanmaire, Le Messianisme de Virgile, Parys 1930
  • E. Stauffer, Clementia Caesaris, Schrift und Bekenntnis: Zeugnisse lutherischer Theologie, sidenn 174-184. Furche-Verlag, Hamburg und Berlin, 1950
  • E. Stauffer, Jerusalem und Rom im Zeitalter Christi, Bern 1957
  • E. Stauffer, Christus und die Caesaren, Hamburch 1952
  • M. Wyke, Caesar: A Life in Western Culture, Londen 2007 ISBN 0226921530
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Carotta founded the IT company Legenda Informationssysteme, which specialized on OCR and EDP for press archives and documentation centers. In Paris he worked for Cora, a company specializing on linguistic technology and artificial intelligence. Cf.citizendium.org, Arne Eickenberg.
  2. Cf. Carotta's vita.
  3. Cf. Maria Wyke 2007 ;Caesar: A Life in Western Culture |isbn=978-1-86207-662-4 |publisher=Granta, Londen side 254.
  4. "Cham"; Heide Platen, "Die Legende von der taz aus dem ID", die tageszeitung, 04-17-1984, side 5.
  5. Francesco Carotta, "Il Cesare incognito — Da Divo Giulio a Gesù", yn: Luciano Canfora (ed.), Quaderni di Storia 57, Milan 2003.
  6. Was Jezus Caesar? Over de Romeinse oorsprong van het Christendom. Een onderzoek (2002); Jesus was Caesar. On the Julian Origin of Christianity (2005). Jan van Friesland (letter haadredakteur by Omrop Fryslân) makke in dokumintêre oer Carotta syn ûndersyk: It Evangeelje fan Caesar (2008).
  7. Carotta ferwiist nei de teolooch Ethelbert Stauffer dy't selde skaaimerken sjocht tussen beide lijensskiednissen fan Caesar en Kristus.
  8. http://en.wikipedia.org/wiki/Ethelbert_Stauffer
  9. Gérard Genette, Palimpsestes: La littérature au second degré, Paris 1982
  10. http://www.carotta.de/subseite/texte/articula/Escorial_en.pdf
  11. http://www.carotta.de/subseite/events/lhc_nl.html
  12. http://www.carotta.de/subseite/texte/articula/Orpheos_Bakkikos_en.pdf
  13. http://www.carotta.de/subseite/texte/articula/Orfeo_Baquico.pdf
  14. http://divusjulius.wordpress.com/2010/04/01/darknesshour6
  15. http://www.linkedin.com/pub/tommie-hendriks/a/134/7a0
  16. http://tommiehendriks.wordpress.com/tag/rouw-en-razernij-om-caesar
  17. http://www.vpro.nl/programma/buitenhof/afleveringen/8881570/items/9609239/
  18. http://www.carotta.de/subseite/echo/novatv.html
  19. http://www.carotta.de/subseite/echo/hfd.html
  20. De Dútsk-Portugeeske preester José Cabral haldt in mooglikheid iepen mar hat betingsten. Rev. José Cabral, dialog with Francesco Carotta in: Jan van Friesland, The Gospel of Caesar, documentary film, 2008, TC 01:41:11–01:42:22: "It's self-evident that there was no room for the sheep, but only for the ass and the ox, when they came at night to be fed. I don't quite believe that it has something to do with Augustus, but it could be possible. But then you must keep a very strong faith in the child."
  21. http://www.carotta.de/subseite/echo/journaal.html
  22. Jezus Christus, alias Julius Caesar, Hans Ariëns, MARE 19, 6 febrewaris 2003
  23. [http://www.carotta.de/subseite/echo/tf.html Carotta over Marcus en Jezus, H.J. de Jonge yn T.F. – blêd fan de fakulteit fan de godgeleardheid fan Universiteit Leien 35.2 (jannewaris 2004) s. 3-13.
  24. Jezus Christus, alias Julius Caesar, Hans Ariëns, MARE 19, 6 febrewaris 2003
  25. http://www.mareonline.nl/2003/21/brieven.html
  26. Was Jezus Caesar? – Receptie van een historische These, Tommie Hendriks, yn: De Zwarte Hand, Utjouwerij Aspekt – Nû. 1 · 2004 – s. 119-157
  27. http://tommiehendriks.files.wordpress.com/2010/01/rr-recensie-tijdschrift-voor-geschiedenisx6.pdf Sjoch ek literatuerlist.
  28. [http://www.skepsis.nl/carotta.html Atheïstisch bijgeloof, Anton van Hooff; útj. Skepter 15 desimber 2002 (mei neiskrift 4 novimber 2007)
  29. [http://www.carotta.de/subseite/echo/vn.html
  30. [Het evangelie van Caesar, tiidkoade:/tc 00:28:55:15 00:29:00:01]
  31. http://www.carotta.de/esub/preface.html,
  32. http://www.vanfrieslandfilm.nl/
  33. http://divusjulius.wordpress.com/goc/
  34. http://www.vanfrieslandfilm.nl, 2008, TC 01:08:34–01:09:00: "There was the cult of the sole highest God Jupiter, and then of [Divus] Julius. Therefore [your theory] is possible, and this is your task as researchers. This is very important as a working hypothesis. It closes a gap that has never been heuristically investigated from this angle."
  35. Sjoch syn ynlieding op Plutarchus syn Caesar: Plutarchus Biografieën I: Demosthenes, Cicero, Alexander, Caesar, Ljouwert 2006.
  36. The Gospel of Caesar /tc 00:51:25:11 00:51:30:08 Janssen: 'I don't think that the great mass of people see anything merciful in Caesar. Well, of course people say that he was a ruthless dictator. We only know Caesar from sources, in which he doesn't appear as benefactor or healer. It's logical that we think of him in old categories, so it's hard to realize that Jesus is connected to Caesar, the great, victorious general. People rather tend to remain stuck inside their old familiar boundaries.'
  37. http://www.nrcboeken.nl/recensie/ieder-tijdvak-omgeeft-de-beroemdste-aller-romeinen-met-zijn-eigen-mythes
  38. http://timescolumns.typepad.com/stothard/2008/08/christ-was-juli.html
  39. http://it.wikipedia.org/wiki/Luciano_Canfora
  40. Antonio Piñero, "A modo de síntesis parcial y conclusiones", in: A. Piñero (ed.), ¿Existió Jesús realmente?, Madrid 2008, side 345 sq. "The Spanish philologist Antonio Piñero wrote that Carotta's reading of the Gospel as a diegetic transposition was one of the most remarkable and ingenious exercises he had read about the problem of Jesus' historicity, but also noted the complexity of his proposal as a possible problem. "http://en.wikipedia.org/wiki/Francesco_Carotta. Catholic priest José Cabral believed that it could be possible that the Nativity originates from the legends and historical accounts about the birth of emperor Augustus, but stated that it could be countered by a strong faith.
  41. http://it.wikipedia.org/wiki/Luciano_Canfora
  42. http://archiviostorico.corriere.it/2008/novembre/02/Quando_tiranno_finiva_nel_Tevere_co_9_081102040.shtml
  43. http://de.wikipedia.org/wiki/Erika_Simon
  44. "Das vorliegende Buch knüpft an diese Tatsache an, geht aber weiter und deckt neue, bisher nie so gesehene Zusammenhänge auf." Foarwurd Was Jesus Caesar?
  45. ‘When Francesco Carotta asks if Julius Caesar and Jesus Christ are the same person, a question which is rhetorical to him, he participates in the development of normative future models which the elite of church and state considers undesirable, but for the average citizen who wants to explore his own future himself, this is experienced as inspirational.’ – Inaugural Address Faculty of Future Studies, University of Twente –
  46. http://www.carotta.de/subseite/echo/nbd.html
  47. Sjoch ek: http://divusjulius.wordpress.com/reception
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.