François Halma

François Halma (Langerak, 3 jannewaris 1653 - Ljouwert, 13 jannewaris 1722) wie in (lânskips)printer yn Ljouwert.

Libben en wurk

François wie in soan fan Reinier Joriss. Halma, predikant te Langerak fan 1640 oant syn dea yn 1660. Widdo Halma ferfear nei Utert dêr't François yn in boekhannel oan it wurk gie. Yn 1674 waard er sels boekhanneler, oant 1699, en waard letter ek akademydrukker. Fan april 1699 oant 1709 wie er boekhanneler yn Amsterdam.

Yn 1710 ferhuze er mei syn soan Jakobus nei Ljouwert, dêr't er troch de Steaten fan Fryslân ta lânskipsdrukker beneamd wie. Yn dy funksje hat er de Schotanusatlas fan 1718 printe. Halma hat in soad skreaun, mar wie in kontroversjeel persoan.

Famylje

Yn 1674 boaske er oan Machteld Pos. Sy krigen tsien bern. François jr., har soan, wie akademydrukker fan 1701 oant 1716. Oare soan Hindrik hie deselde funksje fan 1717 oant 1727.

Bibliografy

  • Hollandt aan de voeten des Konings, uit het Fransch van la Volpelière, met tegenzangen enz. (Amsterdam 1707; m. pl.);
  • Davids Harpzangen of de CL Psalmen .... nevens de gewoone Lofzangen in de kerken gebruikelijk .... (Amst. 1707; mei muzyk; faak werprinte);
  • Woordenboek der Nederduitsche en Fransche taalen, Dictionnaire flamand et français (Amst. 1708; 2e pr. Utert 1710; 3e pr. Utr. 1758);
  • Le grand dictionnaire français et flamand .... (5e pr., Leien-Utert 1761);
  • Muurkroon behaald door Z.D.H. Johan Willem Friso .... met de bemagtiging der sterke staat Douai benevens de vesting De Scarpe 26 Juni 1710 (Ljouwert 1710);
  • Friesland in rouw over den dood van Johan Willem Friso (Ljouwert 1711);
  • Goddelyke begeerten van een geloovige ziel (Ljouwert)
  • Gereformeerd Gezangboek (Ljouw. 1712 en 1721; mei muzyk);
  • Het Kasteel van Aigermont, .... nevens Maastricht, heldendicht (Amst. 1708, Ljouwert 1715; mei pl.);
  • De Heidelbergse Catechismus (Ljouwert 1716);
  • Woordenboek der H. Schrift (Ljouwert 1716);
  • J. Lamigue, Het leven van Johan Willem Friso .... (Amst. 1716);
  • Kanaän ...., wurdboek (Ljouwert 1717; mei pl.);
  • Kaartboek van Friesland (Amst. 1718);
  • Heilige feestgezangen .... (Leien 1718; mei pl.);
  • Tooneel der Vereen. Nederlanden (Ljouwert 1725; mei platen).
  • Fierders oersettingen en wurk fan Mos. Amyrald, Petr. Jurieu, P. Bayle en B. Pictet; en yn 'e mande mei Joann. Brants, een lijkrede op Maria II.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Halma, François.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.