Frâns Faber (14 juny 1950) is in Fryske keunstskilder en dosint út Allingawier. Hy wennet op boerepleats "De Frije Wyn" yn de Parregeaster Mar. Faber krige syn oplieding oan de Keunstakademy Vredeman de Vries yn Ljouwert en spesialisearre him bynammen yn grafyk oan de ABR Minerva yn Grins.
Syn frije wurk omfettet grafyk, tekeningen en skilderijen. Hjirfoar brûkt Frâns akryl, oaljeferve, potlead, linosneed en drûge nulle. Minsk en bist steane dêryn faak sintraal. It wurk is figuratyf. Faber jout ek les, thús yn syn atelier "De Frije Wyn" en oan de byldzjende ôfdieling fan it Sintrum foar de Keunsten A7 (eartiids Kreativiteitssintrum De Cirkel) op It Hearrenfean.
Foar de gemeente Nijefurd makke er ea in karikaturale lispuzel en foar it 100-jierrich bestean fan Frico Warkum (2000) in print yn de drûgenulle-technyk. By it grutte publyk is Frâns Faber bekend troch syn karikaturale jieroersjoch op de Aldjiersbylage fan de Ljouwerter Krante. Eksposysjes fan him wienen ûnder oaren yn galery Lauswolt, meast resint by museum Mohlmann yn Appingedaam (2008)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |