In fotoshoot yn Londen.

In fotoshoot is in term út 'e fotografy, wêrmei't ferwiisd wurdt nei in sesje wêrby't in fotograaf in searje foto's makket fan in posearjend model. Soks komt faak foar yn 'e moade-, glamour- en neakenfotografy. It resultaat is dan in saneamde fotoreportaazje, dy't publisearre wurdt yn in tydskrift of op in webside op it ynternet.

It is mooglik om in fotoshoot yn in fotostudio te dwaan, mar faak is hjirby sprake fan wurk op lokaasje, itsij binnendoar of bûtendoar. De fotograaf nimt ûnder in fotoshoot hast oanhâldend foto's en siket neitiid de bêsten derút. It model kin in man of in frou wêze, mar likegoed in bern, in bist of in foarwerp.

By reklamefotografy moat bgl. faak in fotosearje makke wurde fan 'e produkten dêr't mei advertearre wurdt. Ek binne gerjochten en de wize dêr't dy op reemakke wurde, it ûnderwerp fan guon fotoreportaazjes yn kulinêre tydskriften.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.