Fortuna Vlieland is in brouwerij yn it doarp East-Flylân, op it eilân Flylân. De brouwerij is oprjochte troch inisjatyfnimmers Bojan Bajic en Gosse Beerda.
Skiednis
De brouwerij begûn ynearsten ûnder de namme Selkiebrouwerij. De Selkiebrouwerij lei him ta op it ambachtlik en op lytse skaal brouwen fan spesjaalbieren, wêrby 't allinnich natuerlike en yn grutte mearderheid Flylanner grûnstoffen brûkt wurde. Rampzalig (foar it earst broud yn 2016) wie, nei Selkie, (in limitearre oplaach fan 44 flessen) it twadde bier fan de Selkiebrouwerij. De Selkiebrouwerij waard yn 2015 oprjochte troch Bojan Bajic, Gosse Beerda en Henriëtte Waal (bekend fan De Buitenbrouwerij, in workshopbrouwerij yn Amsterdam).
Op 16 novimber 2016 waard de brouwerij ynskreaun yn it register fan de KfK ûnder de namme Brouwerij Vlieland.
Yn septimber 2018 waard mei de bou fan in nije brouwerij anneks tëater, neidat der in subsydzje ûntfongen wie fan it Waadfûns. Sintraal yn it gebou stiet it brouwen fan bier mei lokale produkten kombinearre mei teäter- en filmfoarstellingen. Yn desimber 2019 waard de brouwerij offisjeel iepene ûnder de namme Fortuna Vlieland.
Hjoed-de-dei
Fortuna Vlieland-bieren wurde makke fan rûch dúnwetter, de smaakmakkers wurde mei de hân rispe op it eilân. Der wurdt foar in grut part mei sinne-enerzjy broud. Yn de brouwerij wurde rûnliedings jûn, al as net mei in bierpriuwerij. De brouwerij hat ek in online winkel.
Njonken bier wurdt der no ek Fortuna Vlieland Bruisend makke, mei Flylanner suvere dúnwetter dêr 't koalsoer oan tafoege is, sûnder sûker of oare tafoegingen.
Assortimint
- Happy Weizen
- West-Vlie IPA
- Geitenbok
- Duin Blond
- Island IPA
- Wad Donker
- Stortemelk Wit
- Monnicke Weizen
- Storm Stout
- Tij Tripel
- Cranberry Ale
- Wanda Weizen (broud op inisjatyf fan Into the Great Wide Open yn 2021)
- Vlierefluiter New England Pale Ale mei flierblossom (yn gearwurking mei Brand Bier op inisjatyf fan Into the Great Wide Open yn 2022)
- Zeevonkje (yn gearwurking mei Brand Bier op inisjatyf fan Into the Great Wide Open yn 2023)