Fort Sumter, yn de haven fan Charleston, Súd-Karolina, is it plak dêr't de Amerikaanske Boargeroarloch begûn, yn de slach om Fort Sumter fan 12-13 april 1861.
Fort Sumter is neamd nei generaal Thomas Sumter, in held út de Amerikaanske Revolúsje. It fort waard boud nei de Oarloch fan 1812 as ien yn in rige fortifikaasjes lâns de súdlike kust fan de Feriene Steaten. De bou begûn yn 1829 en wie noch net foltôge yn 1860, doe't it drama begûn. 70.000 ton granyt waard oanfierd fanút Nij Ingelân om in fûnemint te meitsjen op in sânbank yn de yngong nei de haven fan Charleston. It fort hie fiif siden, hie bakstienen muorren fan 1,5 meter dik, wie sa'n 60 meter lang en stie 15 meter boppe it leechwetter-punt. It wie ûntwurpen om 650 man en 135 kanonnen yn trije dagen te hûsfestjen, mar safolle hawwe der nea yn it fort west.
1861: Begjin fan de boargeroarloch
Op 26 desimber 1860, fiif dagen neidat Súd-Karolina him ôfskieden hie fan de Feriene Steaten, ferliet U.S. Army majoar Robert Anderson it ûnferdigenbere Fort Moultrie en brocht syn twa kompanjys (85 manskippen) fan de 1st U.S. Artillery oer nei Fort Sumter. Yn de moannen dêrnei waarden werhelle oproppen troch de súdlike brigadegeneraal P.G.T. Beauregard ta kapitulaasje negearre, wylst Noardlike pogingen om it garnizoen te befoarriedzjen mislearren.
Op 12 april 1861, om 04.30 oere moarns, iepenen de Súdlike batterijen it fjoer, rjocht op it fort, en hâlden dat 36 oeren lang fol. It garnizoen beäntwurde it fjoer, mar sûnder folle effekt, omdat majoar Anderson net tastie om kanonnen te brûken (omdat dy tefolle kâns rûnen troch it Súdlike kanonfjoer rekke te wurden). Op 13 april joech it fort him oer en waard evakuearre. Neffens tsjûgeferslaggen, lykas it bekende deiboek fan Mary Chesnut, fierden de bewenners fan Charleston grut feest by gelegenheid fan it begjin fan de striid.
Nasjonaal monumint
Yn 1948 krige Fort Sumter, ta erkenning fan syn betsjutting yn 'e Amerikaanske skiednis, de status fan in nasjonaal monumint: Nasjonaal Monumint Fort Sumter. It fort is tsjintwurdich in museum dat foar it publyk te besichtigjen is.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fort Sumter fan Wikimedia Commons. |