Fool Moon
algemiene gegevens
auteurJim Butcher
taalIngelsk
foarmroman
sjenrefantasy
1e publikaasje2001, New York
oarspr. útjwr.Roc Books
rige
rigeThe Dresden Files
● foarich dielStorm Front
● folgjend dielGrave Peril
kodearring
ISBN0 45 14 62 025

Fool Moon is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "Dwazemoanne" of "Moanne fan 'e Dwazen" (moanne yn 'e sin fan 'e byplaneet fan 'e Ierde), mar it is in Ingelske wurdboarterij, mei't Fool Moon min ofte mear klinkt as Full Moon, dat "folle moanne" betsjut. It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it twadde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Storm Front. Yn Fool Moon kriget Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, te meitsjen mei in wiere pleach fan wearwolven, en moat er besykje om himsels en syn freonen hielhûds troch de swierrichheden te loadsen dy't dat opsmyt.

Publikaasjeskiednis

Fool Moon waard yn 2001 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2005 waard de roman troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard for Hire, mei it earste en trêde diel fan The Dresden Files: Storm Front en Grave Peril. Yn 2011 en 2012 ferskynde fierders in twadielige omwurking fan Fool Moon ta in grafyske roman mei as nammen Fool Moon, Volume 1 en Fool Moon, Volume 2. Dielen fan Fool Moon tsjinnen ek as basis foar it senario fan 'e ôflevering Hair of the Dog fan 'e tillefyzjesearje The Dresden Files, dy't yn 2006 útstjoerd waard op it Amerikaanske Sci Fi Channel. In Nederlânsktalige oersetting fan Fool Moon (troch Lia Belt) waard yn 2009 publisearre troch De Vliegende Hollander, ûnder de titel Wolvenjacht.

Ynhâld

Fool Moon iepenet likernôch in healjier nei de foarfallen yn Storm Front. Harry Dresden hat no in min ofte mear fêste relaasje mei Susan Rodriguez, in sjoernaliste foar de Arcane, in krantsje dat benammen oer boppenatuerlike saken publisearret. Ek hat er syn swierrichheden mei syn freondinne Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago, bylein, hoewol't er de lêste moanne gjin boe of bah mear fan har heard hat. Om't in grut part fan syn ynkommen bestiet út it lean dat er kriget as adviseur fan 'e plysje, sit er no finansjeel oan 'e grûn. As in bekende fan him, Kim Delaney, in jonge frou mei in beskieden talint foar tsjoenderij dy't er de lêste tiid op dat mêd begeliedt, oanbiedt om in miel foar him te keapjen yn syn stamkroech MacAnally's yn ruil foar wat advys, giet Harry dêr dan ek grif op yn. It docht lykwols bliken dat Kim witte wol hoe't se trije konsintryske magyske sirkels meitsje moat, dy't almeast brûkt wurde foar oproppings, om machtige demoanen of sels ingels yn finzen te hâlden. Harry wegeret dêrom en jou Kim de ynformaasje dy't se hawwe wol, en hy fynt dat dat foar har eigen goederbêst is.

Nei't Kim har lulk ôfjûn hat, komt Karrin Murphy yn MacAnally's, dêr't se it ferfrommele bryfke mei in tekening fan 'e trije konsintryske sirkels, dat Kim oer de flier smiten hat, oppakt. Se freget Harry syn help by in moardsaak, en ûnderweis nei it plak delikt leit se him út dat se de lêste tiid gjin kontakt mei him opnommen hat om't der troch de ôfdieling Ynterne Saken yn ûndersyk nei har ynsteld is. Harry wurdt troch de measte plysjes sjoen as in sjarlatan, dat wat minder kontakt oft Murphy mei him hat, wat better oft it foar har is. Op it plak delikt oankommen blykt de deade in bekende fan Harry te wêzen: Spike, in liifwacht fan maffiabaas "Gentleman Johnny" Marcone. Hy is midden yn Chicago troch in wolf deabiten, en mei't it in pear dagen foar folle moanne is, rekket Harry der daliks fan oertsjûge dat it om in oanfal troch in wearwolf giet. Oan 'e glêsskerven yn in brutsen rút sit bloed, en Harry nimt ien fan 'e skerven mei. Foar't hy en Murphy mear ûndersyk dwaan kinne, arrivearret lykwols agint Phillip Denton fan 'e FBI mei trije kollega's, de aginten George Wilson, Deborah Benn en Roger Harris. Denton en Murphy hawwe in lulke konfrontaasje oer wa't foech hat oer de moard. Dat einiget dermei dat Murphy en Harry troch Denton de doar wiisd wurde.

Murphy fertelt Harry neitiid dat der hast persiis in moanne lyn ek wolve-oanfallen yn Chicago plakfûn hawwe, op seis nachten om folle moanne hinne. Dat befêstiget Harry syn fermoeden dat se hjir te krijen hawwe mei in wearwolf. Der binne by de oanfallen ferskate deaden fallen, ûnder wa in James Harding III, dy't in sakepartner wie fan "Gentleman Johnny" Marcone. Op 'e weromweis nei MacAnally's merkt Harry op dat se folge wurde, hoewol't er dy ûntdekking stilhâldt foar Murphy. As er útstapt is, sjocht er dat de auto dy't Murphy folget, bestjoerd wurdt troch in brúnhierrige frou. Om't er net lang hat foar't it bloed op 'e glêsskerf hielendal bedrûget, beslút Harry daliks in betsjoening út te fieren, sadat it him nei de persoan ta liede kin dêr't it fan is. Harry bedarret yn in efterstânswyk, dêr't er nei in leechsteande supermerk ta laat wurdt. As er dêr ynbrekt, wurdt er de brúnhierrige frou út 'e folchauto gewaar, dy't ynstruksjes jout oan in groepke studinten. Se merkt syn oanwêzigens lykwols al rillegau op, wêrnei't se alle ljochten útdocht. Der folget in wrakseling yn it tsjuster wêrby't Harry it tsjin in wolf opnimt, dy't him lykwols inkeld ûntwapenet en ûnder fuotten hellet, en dan weiwurdt. Hy is him der goed fan bewust dat it bist him maklik deadzje kinnen hie, mar dat net dien hat. It is him útdúdlik wêrom't er noch libbet. As er de efterfolging ynset, wurdt er yn 'e stege efter de supermerk konfrontearre mei Murphy, dy't ek yn 'e rekken hie dat se folge waard, en letter op har beurt de folchauto folge hat. De frou/wolf en de studinten binne ûntkommen.

Nei't Harry thúskommen is, befreget er Bob oer wearwolven. (Bob is in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium in minsklike skedel bewennet.) Bob fertelt dat wearwolven yndie echt besteane, mar net sa't se yn films of boeken foarsteld wurde. Sa liedt in wearwolvebyt der net ta dat men sels wearwolf wurdt en hat men foar it deadzjen fan 'e measte wearwolven ek neat oan sulveren kûgels. Der binne ferskate soarten wearwolven, leit Bob út wylst Harry twa toverdrankjes makket: ien om sa ûnopmerklik te wêzen dat men hast ûnsichtber is, en ien om nije magyske enerzjy op te dwaan. De 'klassike' wearwolf is in soarte fan tsjoender dy't mar ien betsjoening ken: om himsels fan minske yn wolf en fan wolf yn minske te feroarjen. De heksewolf is in minske dy't tsjin betelling fan in demon of in warlock in wolvehûdene mulrym kriget. As er dy om docht, feroaret er yn in wolf, en docht er him wer ôf, dat wurdt er wer minske. In heksewolf brûkt dus, yn tsjinstelling ta in klassike wearwolf, net syn eigen tsjoenderij om wolf te wurden, mar de tsjoenderij fan in oar. In trêde foarm fan 'e wearwolf is de lykantroop. Dat is in minske dy't in wolfeftige geast fan razernij oproppe kin. Hy feroaret dan inkeld mentaal yn in wolf, mar fielt amper noch pine en is dreech tsjin te hâlden. Ta einbeslút is der de loup-garou, dat is minske dy't ferflokt is om op fêste tiden, ornaris om 'e folle moanne hinne, te feroarjen yn in demon mei it uterlik fan in wolf. Sokke wêzens binne frijwol ûnkwetsber en kinne inkeld deade wurde mei in sulveren wapen, en dan noch allinnich as de brûker fan it wapen it sulver urven hat fan in ferstoarn famyljelid.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Harry de oare moarns de ynformaasje oer wearwolven, dy't er yn in kreas rapport gearfette hat, nei it plysjeburo bringt om oan Murphy te jaan, rint er dêr agint Denton tsjin it liif. Dy seit dat Murphy op dat stuit yn besprekking is mei ien fan Ynterne Saken, mar dat hy it rapport wol oan har trochjaan wol. Harry langet dêrom sûnder euvelmoed it rapport oan him oer. Bûtendoar wurdt er steande holden troch Denton syn ûnderhearrige, agint Harris, dy't him út namme fan Denton de tip jout om ris syn ljocht op te stekken by de Streetwolves, in motorbinde dy't mooglik wat mei de moarden te krijen hat, mar tsjin wa't de FBI gjin bewiis fine kinnen hat. Sadwaande bejout Harry him nei de rykrakkige garaazje dy't it haadkertier fan 'e binde is. Hy ûndekt dat de Streetwolves lykantropen binne, en wit mar nauwerneed mei de hiele hûd te ûntkommen. Om't er Parker, de lieder fan 'e Streetwolves, útdage hat, is dy no lykwols twongen om him te deadzjen as er it liederskip oer de binde behâlde wol. As Harry weromkomt yn syn kantoar, wurdt er dêr opwachte troch "Gentleman Johnny" Marcone en dy syn liifwacht Hendricks. Marcone besiket Harry fannijs oer te heljen om by him yn 'e tsjinst te kommen, mar Harry stegeret him wer ôf. Ear't er fuortgiet, jout Marcone him by wize fan tip de namme fan Harley MacFinn.

Om fluch oan ynformaasje oer MacFinn te kommen, ropt Harry de demon Chaunzaggoroth op, dy't er yn ruil foar de ynformaasje fertelt wat syn twadde foarnamme is. MacFinn blykt in miljonêr te wêzen dy't behelle is yn it krewearjen foar it Northwest Passage Project, dat draait om 'e oprjochting fan in grut nasjonaal park yn it Amerikaanske Noardwesten. De opposysje tsjin dat plan waard oanfierd troch de ferline moanne fermoarde James Harding III. Chaunzaggoroth fertelt Harry ek dat MacFinn in telch is út in âld Iersk skaai, en dat ien fan syn foarâlden troch Sint Patrick ferflokt is om by folle moanne in loup-garou te wurden, in flok dy't neitiid fan âlder op âlder oerdroegen is troch it geslacht, oant Harley MacFinn de hjoeddeistige drager fan 'e flok wurden is.

Foar't Harry fierder ûndersyk dwaan kin nei MacFinn, wurdt er troch Murphy meinommen nei it plak fan in nije moard. It plak delikt blykt op it wenadres fan MacFinn te wêzen, en as se dêr oankomme, is it Kim Delaney dy't troch in wolf ferskuord is. Har stoflik omskot leit njonken in provisoarysk op 'e flier oanbrochte trijefâldige magyske sirkel, dêr't se blykber it iene of oare wêzen yn besocht finzen te hâlden. Murphy nimt Harry dan mei nei de kelder fan 'e filla fan MacFinn, dêr't in fernielde trijefâldige magyske sirkel fan sulver is. Dan hellet se Kim Delaney har tekening fan in trijefâldige sirkel foar 't ljocht, dat se yn MacAnally's oppakt hie, en beskuldiget se Harry derfan dat er mear fan dizze saak wit en dat er har – op 'e nij – foarliigd hat. Se jout Harry in pear bêste opstoppers en arrestearret him op fertinking fan 'e moard op Kim Delaney. Dêrnei lit se him troch har partner, resjersjeur Ron Carmichael, efteryn in plysje-auto stopje, wylst sysels mei de dan krekt arrivearjende agint Denton wer yn 'e hûs giet.

Harry is ûnderwilens mei stomheid slein troch dizze ûntwikkeling. Hy beseft no dat Kim yn 'e trijefâldige magyske sirkel gjin demon of ingel finzenhâlde woe, mar de loup-garou MacFinn, mei wa't se grif troch har miljeu-aktivisme yn 'e kunde kommen wie. Trochdat Harry har krúsjale ynformaasje ûntholden hat, is se no dea. Dus as Murphy seit dat hy Kim fermoarde hat, is dat eins ek noch wier. Wylst Harry yn tinzen wei is, wurdt de plysje-auto dêr't er yn sit, iepenbrutsen troch de brúnhierrige frou dy't er no al twa kear tsjinkommen is. Hja seit dat hja Tera West hjit en Harley MacFinn syn ferloofde is. Se is derfan oertsjûge dat Harry de iennichste is dy't MacFinn helpe kin troch in trijefâldige magyske sirkel om him hinne te meitsjen, sadat er yn 'e folgjende nachten fan folle moanne nimmen mear te fermoardzje kin. Se bepraat Harry om te ûntsnappen, mei't hy fanút in plysjesel alhiel neat bewurkmasterje kinne sil. As hy en Tera útpike, komme krekt Murphy en Denton wer nei bûten ta, dat syn ûntsnapping rint út op in wylde flecht, wêrby't er troch ien fan 'e plysjes yn it skouder sketten wurdt. Trochdat er mei tsjoenderij dize opropt, witte hy en Tera dochs fuort te kommen.

Harry rekket bewusteleas en wurdt de oare middeis wekket yn in goedkeap hoteltsje yn in foarstêd fan Chicago. Tera hat ûnderwilens syn wûnen fersoarge, en se nimt him dan mei nei in plak yn in park dêr't se yn 't foar mei MacFinn ôfpraat hat. MacFinn leit Harry út dat er in trijefâldige magyske sirkel fan sulver yn syn kelder meitsje litten hie, dêr't er himsels by folle moanne altyd yn opsleat. In moanne lyn waard dy sirkel fernield doe't der by him ynbrutsen waard. Harry freget him ôf oft Marcone dêr efter sitte kin. Foar't se fierder prate kinne, wurde se lykwols ûnderbrutsen troch Murphy-en-dy en agint Denton en syn minsken, en moatte se wer útnaaie. Harry wit op 'e nij fuort te kommen en in benzinestasjon te berikken dêr't er mei Tera en MacFinn ôfpraat hat. Nei ferrin fan tiid komt Tera opdaagjen, dy't fertelt dat se sjoen hat dat Murphy MacFinn arrestearre en ôffierd hat. Harry hat ûnderwilens Susan Rodriguez skille om in lift te krijen, hoewol't er har it leafst hielendal bûten de saak holden hie. Se bejouwe harren earst nei Harry syn wente, dy't, lykas ferwachte, troch de plysje yn 'e gaten holden wurdt. Wylst Tera West de plysjes ôfliedt troch neaken yn 'e rein ûnder in strjitlantearne te dûnsjen, glûpt Harry nei binnen ta om guon dingen op te heljen dêr't er ferlet fan hat.

Ien fan dy dingen is it toverdrankje dat er makke hie om tige ûnopfallend te wurden. Mei dat op kuieret er neitiid sûnder swierrichheden it plysjeburo binnen. Hy wit troch te kringen oant it selleblok dêr't de arrestanten opsletten wurde, mar troch it berûne waar hat er gjin idee oft de moanne al opkommen is. Dat blykt yndie al bard te wêzen, en fan gefolgen is MacFinn feroare yn 'e loup-garou. Dy fermoardet ferskate oare arrestanten, brekt út it selleblok en rjochtet dan in slachting oan ûnder de plysjes. Harry besiket it meunster tsjin te hâlden, mar it is ûnkwetsber foar alles dat er betinke kin. Op it stuit dat de loup-garou him deadzje sil, stapt Murphy ynienen oer him hinne, byt him ta dat er ûnder arrest stiet, en sjit it meunster dan mei in lyts kaliber pistoal del. Se hat Harry syn rapport lêzen en dêrom kûgels getten fan 'e sulverne earbellen dy't se fan har muoike urven hie. It binne lykwols hiele lytse kûgeltsjes, dy't de loup-garou net deadzje kinne. It ferwûne en razene meunster giet dan efter Murphy oan, wylst Harry wanhopich om him hinne sjocht nei eat dat er brûke kin om it ding tsjin te hâlden. Dan beseft er dat de loup-garou no bloed efterlitten hat, en dat bloed brûkt er om syn betsjoenings fan enerzjy te foarsjen en effektiver tsjin it meunster te meitsjen. Murphy wurdt ûnderwilens rêden troch har partner Ron Carmichael, dy't syn eigen libben foar harres opofferet. Harry blaast de loup-garou dêrnei troch de sydmuorre fan it plysjeburo nei bûten en ek dwers troch in hiel oangrinzgjende gebou hinne. Hoewol't it meunster net dea is, lit it him dy nacht net wer sjen. Harry wit yn alle gaos út it plysjeburo te ûntsnappen en pykt út mei Susan en Tera, dy't bûtendoar op him wachte hawwe.

As er neitiid de saak ris rêstich beprakkesearret, komt Harry ta ferskate konklúzjes. Harley MacFinn feroaret inkeld yn in loup-garou op 'e twa, heechút trije nachten dat it folle moanne is, mar der binne ek lju troch wearwolven fermoarde op nachten dat de moanne noch net alhiel of net mear alhiel fol wie. Guon fan 'e moarden komme dus wol deeglik op it konto fan MacFinn, mar hy kin net de dieder fan alle moarden wêze. Syn ferloofde Tera West is gjin minske, mar wat se wol is, wit Harry net. Yn elts gefal kin sy har yn in wolf feroarje. Mar Harry kin mar net betinke wat foar motyf oft sy foar de moarden hawwe kin. De groep studinten dy't Tera begeliedt, dy't harsels "de Alpha's" neame, binne in ridel klassike wearwolven (hat Tera oan Harry ferteld), mar dy lykje Harry te jong en te nayf om foar de moarden ferantwurdlik te wêzen. Dus wa kin it dan dien hawwe? Harry wurdt út syn tinzen opskrikt as de auto fan Susan folge blykt te wurden. Hy bliuwt efter oan 'e kant fan 'e dyk wylst Susan en Tera trochride, en ûntdekt dat de efterfolgers Parker en syn Streetwolves binne, dy't him ommers dea hawwe wolle. Harry drinkt dan it toverdrankje dat him nije magyske enerzjy jout en giet de striid mei de efterfolgers oan. It drankje jout him lykwols sa'n gefoel fan ûnoerwinlikheid dat er it te gek docht en syn fermogen om te tsjoenen koartslút. De Streetwolves wurde him dan oermânsk, slane him yninoar oant er bewusteleas rekket en nimme him finzen.

Hy wurdt wekker yn harren garaazje, dêr't er syn oaninoar tape'te hannen en fuotten temûk los wit te krijen. Parker hat ûnderwilens Harry syn wûnen fersoarge om't er him yn libben hâlde wol oant Johnny Marcone delkommen is. Dy hat nammentlik dúdlik makke dat er mei Harry prate wol ear't Parker him deadet. De oare Streetwolves binne (noch) net oanwêzich, dat Harry besiket Parker sa lulk te krijen dat dy him ôfjaan moat om ôf te kuoljen. Dat moat Harry de tiid jaan om út te naaien. It plan wurket averjochts as Parker sa lulk wurdt dat er beslút om Harry no daliks om te bringen. Op dat stuit arrivearret Marcone mei syn ûnôfskiedlike liifwacht Hendricks, en rêdt Harry it libben. Hy besiket Harry op 'e nij te bepraten om by him yn 'e tsjinst te kommen, en hoewol't der gjin hier op Harry syn holle is dy't dêroer prakkesearret, spilet er Marcone en Parker handich tsjininoar út. As Parker en Marcone slaande deilis reitsje, besiket Harry út te piken, mar foar de garaazje treft er agint Denton mei syn ûnderhearrigen Wilson, Benn en Harris. Denton jout de oaren de opdracht om Harry te deadzjen, en de FBI-aginten blike heksewolven te wêzen, dy't troch in mulrym oan te lûken yn wolven feroarje kinne. Harry flechtet wer nei binnen ta en siket efteryn de garaazje in skûlplak op wylst er heart hoe't de oare Streetwolves arrivearje. Der ûntjout him dan in trijefâldige striid tusken de Streetwolves, Marcone en Hendricks en de FBI-aginten. Marcone en Hendricks witte te ûntkommen troch mei in auto dwers troch de garaazjedoar nei bûten te riden, en de FBI-wolven meitsje koarte metten mei de leden fan 'e motorbinde. Harry ûntsnapt troch in gat ûnder de efterwand fan 'e garaazje troch, dat groeven is troch de Alpha's dy't mei Tera West kommen binne om him te rêden.

Bûtendoar oermasteret Harry op snoade wize agint Harris en nimt dy syn pistoal ôf en ek de wolvehûdene rym, dy't him it fermogen jout om 'e foarm fan in wolf oan te nimmen. Hy kloarket Harris út en komt sa te witten dat de leden fan it FBI-team figilantes binne, dy't skjin har nocht derfan hawwe om tasjen te moatten hoe't grutte kriminelen lykas Marcone altyd de dûns ûntspringe. Se binne dêrom fan doel om Marcone út 'e wei te romjen en de skuld oan MacFinn te jaan. It wiene de FBI-aginten dy't in moanne lyn by MacFinn ynbrutsen hawwe om syn trijefâldige sirkel te fernielen. It wurdt Harry dúdlik dat de wolvehûdene rimen demoanyske dingen binne, dy't de FBI-aginten geastlik alhiel op 'e doele brocht hawwe, sadat se it ferskil tusken goed en kwea folslein út it each ferlern hawwe. Harris jout ek ta dat Denton Harry inkeld nei de Streetwolves ta stjoerd hat om't er ferwachte dat dy him wol út 'e wei romje soene. Harry jout Harris dan in boadskip foar Denton mei: de jûns sille se it útfjochtsje by Marcone syn wente, dêr't de loup-garou ek ferwachte wurdt, om't MacFinn, op basis fan Harry syn eardere oanname, noch altyd mient dat Marcone efter de fernieling fan syn trijefâldige sirkel sit. As er feroaret yn 'e loup-garou bliuwt der net folle oer fan MacFinn de minske, mar genôch om it meunster yn in beskate rjochting te wizen.

Tsjin dy tiid is Harry der min oan ta. Hy is delsketten, biten en yninoar slein, en trochdat er it te mâl dien hat mei tsjoenen kin er op it stuit suver neat magysk mear út 'e wei sette. As Tera West en de Alpha's oanbiede om mei te gean nei Marcone syn filla, beseft er dat er dat oanbod net ôfslaan kin. Susan Rodriguez giet ek mei, om it hierbuske te bestjoeren, mei't net ien fan 'e Alpha's dêr âld genôch foar is. Oankommen by de mei in hege muorre omjûne filla fan Marcone siket Tera in manear om deryn te kommen. Dy fynt se in moai stik fierderop. Harry kin safier net drave, en beslút om op it plak dêr't er is oer de muorre hinne te klimmen. Oare kant de muorre ferskûlet er him tusken de beammen en it strewelleguod efteryn Marcone syn tún, en wachtet er op Tera en de Alpha's. Dy komme lykwols net opdaagjen. As er op eigen manneboet fierder de tún yngiet, sjocht er dat syn bûnsmaten op it gazon troch Marcone, dy't foar harren komst warskôge wie troch FBI-agint Denton, delsketten binne mei in ferdôvingsgewear. Denton en syn ûnderhearrigen spylje no moai waar mei Marcone. Se witte dat Harry earne deunby wêze moat, dat se geane nei him op 'e siik tusken de begroeiïng, wylst Marcone en Hendricks de oare kant út geane.

Harry wit Denton oer it mad te kommen mei it pistoal fan Harris en twingt him om Wilson, Benn en Harris werom te stjoeren nei it gazon. Hy befreget de FBI-man, dy't befêstiget wat Harris earder sein hat. It hat him der fan it begjin ôf oan om te dwaan west om Marcone út 'e wei te romjen. Hy wie oarspronklik fan doel om 'e Streetwolves de skuld dêrfoar op 'e lea te skowen. Lykwols, hy krige in tip dat der in autoriteit op it mêd fan it boppenatuerlike bestie dy't de Wite Ried fan Tsjoenderij hjit, en dat Harry dêrta hearde en dêrom gefaarlik wie. Denton besefte doe dat er syn plan oanpasse moast. Dêrom beloek er Harley MacFinn yn 'e saak, sadat de Streetwolves foar de plysje de dieders lykje soene, en MacFinn foar de Wite Ried. Nei't Denton Harry syn rapport oer wearwolven lies, dat hy ommers oan Murphy trochjoech, besefte er dat Harry tefolle wist en ek út 'e wei romme wurde moast. Harry wit eins net hoe no fierder, want as er Denton ûnder skot hâldt, kin er de oare FBI-aginten net ûnder skot hâlde en oarsom. As er Denton deasjit, sille Benn en Wilson harsels yn heksewolven feroarje en him ferskuorre. As er Benn en Wilson besiket del te sjitten, sil Denton him oermasterje. It liket in ympasse, mar dan lit Denton syn ûnderhearrigen in finzene foar it ljocht helje, dy't nimmen oars blykt te wêzen as Murphy. As har in pistoal tsjin 'e holle oanset wurdt, rekket Harry sa oerstjoer dat Denton him oermasterje kin. Op dat stuit komme Marcone en Hendricks werom, en Harry besiket de maffiabaas te warskôgjen foar de FBI-aginten, mar Marcone mient dat er him en Denton tsjininoar út besiket te spyljen, krekt sa't er dat earder mei Marcone en Parker dien hat. Denton sjit dan Hendricks del en Marcone wurdt troch Wilson en Harris finzen nommen.

Harry, Murphy, Tera en de Alpha's wurde allegear yn in djippe falkûle smiten yn Marcone syn tún, dy't Marcone dêr grave litten hat om MacFinn yn te fangen. Boppe de kûle is in hingjend platfoarm boud, dêr't Marcone de loup-garou wei deasjitte woe. Marcone wurdt oan in tou oan dat platfoarm boppe de falkûle hongen as libben ies foar de loup-garou. As dy Marcone besiket te pakken, sille se beide yn 'e kûle falle, dêr't de loup-garou dan alle fijannen fan Denton-en-dy út 'e ljochten helpe sil. Dan hoecht Denton inkeld noch ôf te weven mei it meunster, wierskynlik troch in sulveren kûgel te brûken dy't er makke hat fan in erfstik. Wylst se yn 'e falkûle sitte, leit Harry oan Murphy út hoe't it wier siet mei de moard op Kim Delaney en de rest fan 'e hiele saak. Se lizze harren spul dan by. Der bestiet gjin mooglikheid om út 'e falkûle te kommen, dat se kinne allinnich noch mar wachtsje op 'e dea. De FBI-aginten hawwe lykwols ien fan Marcone syn messen oer de holle sjoen doe't se him fûllearren, en dêrmei wit de maffiabaas ien fan 'e touwen fan it platfoarm troch te snijen. It iene útein fan it tou falt yn 'e kûle, sadat Harry en Tera derút klimme kinne. Tsjin dy tiid is de loup-garou der ek, mar Tera feroaret harsels yn in wolf en liedt it meunster by de kûle wei troch it út te daagjen en dan hurd út te naaien.

Dat jout Harry tiid en romte om mei de FBI-aginten ôf te weven. Hy hat noch ien troef, en dat is de wolvehûdene mulrym dy't er Harris ôfpakt en neitiid sels ûnder syn klean omdien hat. Hy feroaret himsels yn in heksewolf en wit de FBI-aginten sa yn betizing te bringen, dat Wilson Benn deadet, wylst letter Harris en Wilson inoar deasjitte. Harry giet dan de striid oan mei Denton, dy't er ferslacht yn in gefjocht fan wolf tsjin wolf, en slim ferwûnet. Denton feroaret himsels dan wer yn in minske en smeket om genede. Harry wol him deabite, mar as Susan Rodriguez, dy't temûk de tún fan Marcone binnenslûpt is om in primeur te krijen, him sa sjocht en hy de dea-eangst op har gesicht lêst, beseft er dat er troch de demoanyske wolvehûdende rym op it punt stiet om himsels te ferliezen. Hy skuort it ding ôf en smyt it fuort. Frijwol tagelyk wit de loup-garou einlings Tera West te pakken te krijen en bûten gefjocht te stellen. Harry liedt it meunster dan by Susan wei, hoewol't er net mear drave kin en gjin wapens mear hat. Suver op it alderlêste momint beseft er dat it amulet fan in pentragram, it iennichste dat er hat dat fan syn mem wie, en dat er altyd om hat, fan sulver is. Hy skuort it ôf en smyt it mei syn alderlêste bytsje tsjoenderij nei de loup-garou ta, op itselde stuit dat Murphy mei in pistoal yn 'e hân foar him stean giet en sjit. It amulet rekket it meunster yn it boarst en trochboarret it hert. De loup-garou falt del en feroaret yn Harley MacFinn, dy't glimket en stjert. Underwilens wurdt Harry rekke troch in kûgel út Murphy har pistoal, mar it blykt letter dat se op Denton skeat, dy't mei in kneppel yn 'e hân fan efteren op Harry takaam.

Neitiid sykje Harry en Murphy alle wolvehûdene mulrimen byinoar en ferbrâne dy foar't de plysje arrivearret. Dy hat der klauwen oan om út te finen wat der allegear bard is, mar op bylden dy't Susan Rodriguez temûk opnommen hat, is te sjen hoe't Harry en Murphy harren lêste konfrontaasje mei de loup-garou en Denton hawwe. As dy bylden op 'e tillefyzje útstjoerd wurde, wint Murphy sa'n populariteit ûnder de ynwenners fan Chicago dat ûnder druk fan 'e gemeenteried it ûndersyk fan Ynterne Saken tsjin har ôfblaasd wurdt. De bylden ferdwine lykwols letter spoarleas, wêrnei't it hiele barren weiset wurdt as in hoax. Harry tinkt dat dat is wat immen op in hege posysje it folk leauwe litte wol. Foar de dea fan 'e FBI-aginten wurdt net ien ferfolge. Trije fan harren hawwe dúdlik inoar ombrocht, wylst Denton syn oanfal op Harry op film fêstlein wie. Marcone wurdt troch de plysje út prinsipe arrestearre, mar syn abbekaten hawwe him binne in pear oeren alwer op frije fuotten. Hendricks, dy't in kûgelfrij fest droech, hat de sjitpartij oerlibbe en dielt ûnderweis nei it sikehûs in ambulânse mei Harry. Susan makket by de Arcane promoasje foar har ferslachjouwing. Tera West betteret wer op fan har wûnen en nimt kontakt op mei Harry om in lêste moeting te regeljen. Op dy moeting seit se dat se begrypt dat er gjin oare kar mear hie as om MacFinn, har ferloofde, te deadzjen. Fierders seit se dat se nei hûs sil, nei de wyldernis fan it Noardwesten. Dêrop feroaret se harsels yn in wolf en set ôf. Pas dan beseft Harry dat se in wolfwear is, in wolf dy't himsels feroarje kin yn in minske (ynstee fan in wearwolf, in minske dy't himsels yn in wolf feroarje kin). Neitiid sykje de Alpha's in nije mentor, en dêr kieze se, in bytsje ta syn skrik, Harry foar út.

Fool Moon einiget as Harry beskate dingen beprakkesearret. In healjier lyn ferskynde suver fanút it neat in megalomane warlock yn Chicago (sjoch: Storm Front), dy't syn kennis net allegear op eigen manneboet leard hawwe koe. En no hie immen Denton-en-dy fan 'e wolvehûdene mulrimen foarsjoen en harren ferteld oer de Wite Ried fan Tsjoenderij en dat Harry in gefaar foar harren foarme. Harry begjint him ôf te freegjen wa't him sa graach dea hawwe wol.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, Fool Moon, New York, 2001 (Roc Books), ISBN 0 45 14 62 025 (hardcover), ISBN 0 45 14 58 125 (paperback), ISBN 0 96 57 25 529 (lústerboek).
  • Butcher, Jim, Wizard for Hire (omnibus, diel 1-3 fan The Dresden Files), New York, 2005 (Science Fiction Book Club), ISBN 0 73 94 51 936.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 A Restoration of Faith1 Storm Front Fool Moon B Is for Bigfoot2,3 Grave Peril Summer Knight Death Masks Vignette1 Blood Rites Dead Beat I Was a Teenage Bigfoot2,3 Something Borrowed1 Proven Guilty AAAA Wizardry3 White Night It's My Birthday, Too1 Heorot1 Small Favor Day Off1 Backup1 The Warrior1 Last Call1 Curses3 Turn Coat Love Hurts1 Even Hand3 Bigfoot on Campus2,3 Changes Aftermath1 Ghost Story Bombshells3 Cold Days Cold Case3 Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 Peace Talks Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.