Foodvalley is in gearwurkingsferbân fan acht gemeenten yn de Gelderske Fallei. De namme betsjut "itensdelling" en is dêrfoar ornearre om in Jeropeeske topregio op it mêd fan agrifood te wurden en te bliuwen.[1] Der binne in soad feehâlderijen yn de delling dêr't de namme Foodvalley dus nei ferwiist. It regionale gearwurkingsferbân is fuortkommen út de eardere gearwurkingsferbannen Regio De Vallei en WERV, in gearwurkingsferbân tusken de plakken Wageningen, Ede, Rhenen en Veenendaal.
Meidoggers
Oparbeidzjende gemeenten
Yn de Regio Foodvalley wurkje de gemeenten Barneveld, Ede, Nijkerk, Rhenen, Renswoude, Skerpenseel, Veenendaal en Wageningen mei-inoar mei de twa provinsjes Gelderlân en Utert, ûnderrjochts- en kennisynstellings en ûndernimmers.
Gemeente | Ynwenners (1 jannewaris 2024) | Provinsje |
---|---|---|
Barneveld | 62.649 | Gelderlân |
Ede | 123.441 | Gelderlân |
Nijkerk | 45.400 | Gelderlân |
Renswoude | 5.759 | Utert |
Rhenen | 20.249 | Utert |
Skerpenseel | 10.352 | Gelderlân |
Wageningen | 42.623 | Gelderlân |
Veenendaal | 69.520 | Utert |
Totaal | 350.684 |
Oparbeidzjende kennispartners
De folgjende ûnderrjochts- en kennisynstellings wurkje mei:
- Kristlike Hegeskoalle Ede
- Hegeskoalle fan Arnhim en Nymwegen
- Wageningen University & Research
Oparbeidzjende bedriuwen
Yn de regio Foodvalley binne mear as 2600 bedriuwen en ynstellings fêstige, dy't mei-inoar 21.700 arbeidsplakken leverje.[2]
- Arla Foods
- Struik Europe
- Bieze Food Group
- FrieslandCampina
- NIZO food research
- Keninklike De Heus
- Dishman
- Hatchtech
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |