Fonetyk, fan it Grykske φωνή, phōnē ("lûd" of "stim"), is de tûke fan 'e taalkunde dy't him taleit op it bestudearjen fan 'e lûden dy't ûnderdiel útmeitsje fan it minsklike spraakfermogen (of, op it mêd fan gebeartetalen, fan 'e ekwivalinte gebearten). In taalkundige dy't him spesjalisearre hat op it mêd fan 'e fonetyk is in fonetikus. Sokken hâlde har foar it meastepart dwaande mei ûndersyk nei de fysike skaaimerken fan spraaklûden of gebearten (foanen): harren fysiologyske produksje, akoestyske eigenskippen, auditive persepsje en neurofysiologyske status. Fonetyk moat net betize wurde mei fonology, dat him taleit op 'e abstrakte, grammatikale karakterisaasje fan klanksysteemen of gebearten.
Skiednis
De skiednis fan 'e fonetyk giet tebek oant de fjirde iuw f.Kr., en op it Yndyske subkontinint oant de sechsde iuw f.Kr., doe't Pāṇini syn ferneamde traktaat skreau oer it plak en de wize fan útspraak fan konsonanten yn it Sanskryt. De moderne fonetyk sette útein mei it besykjen fan û.o. Joshua Steele (yn syn Prosodia Rationalis út 1779) en Alexander Melville Bell (yn syn Visible Speech út 1867) om in sekuere notaasje te yntrodusearjen foar it werjaan fan spraaklûden. It ûndersyk nei fonetyk naam geandewei de njoggentjinde iuw sterk ta, mei troch de útfining fan 'e fonograaf, dy't it mooglik makke om spraak op te nimmen.
Underdielen
Der besteane trije haadûnderdielen fan 'e fonetyk:
- artikulêre fonetyk: it ûndersyk nei de produksje fan spraaklûden yn it fokale en artikulêre kanaal fan 'e sprekker
- akoestike fonetyk: it ûndersyk nei de fysike oerbringing fan spraaklûden fan 'e sprekker nei de harker
- auditive fonetyk: it ûndersyk nei de ûntfangst en de persepsje fan spraaklûden troch de harker
Transkripsje
Fonetyske transkripsje is in systeem foar it werjaan fan spraaklûden of gebearten mei skreaune symboalen. It Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet (IPA), dat yn 1888 ûntwikkele waard, is yn 'e wittenskip tsjintwurdich algemien akseptearre foar it werjaan fan spraaklûden, en biedt dêrfoar in standerdisearre stelsel fan symboalen. Fanwegen dizze standertnotaasje kinne wittenskippers (en oare brûkers) akkuraat en konsistint de spraaklûden út ferskillende talen, dialekten en idiolekten werjaan. Dêrtroch is it IPA net inkeld in handich stik ark foar fonetysk ûndersyk, mar ek foar it oanlearen fan frjemde talen, aktearjen en spraakpatology.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |