De Fomoaren (fia it Ingelske Fomors of Fomorians fan it Aldierske Fomóiri of Fomóire, inkeltal: Fomóir; modern Iersk: Fomhóraigh of Fomhóire, inkeltal: Fomhórach) binne in ras fan mytyske wêzens út 'e Ierske mytology. Se wurde ornaris ôfskildere as meunsterlike wêzens dy't fijannich foar minsken oer steane en dy ûnder de grûn of ûnder de see libje. Yn lettere teltsjes út 'e Ierske folkloare waarden se mear ôfbylde as reuzen en minskeftige wêzens dy't fan oer see oanfallen op 'e kusten fan Ierlân útfierden.
De Fomoaren wurde tradisjoneel sjoen as fijannen fan 'e Lebor Gábala Érenn, de ierste (minsklike) kolonisten fan Ierlân, en as rivalen fan 'e Tuatha Dé Danann, it oare grutte boppenatuerlike ras fan wêzens út 'e Ierske mytology. De ûnderlinge relaasje tusken de Fomoaren en de Tuatha Dé Danann is lykwols kompleks, en guon leden fan beide groepen trouwe mei-inoar yn 'e myten en krije bern. Dêrom, en om't de Tuatha Dé Danann ornaris as de Ierske foarm fan goaden beskôge wurde, kinne de Fomoaren ferlike wurde mei de jötnar, de reuzen út 'e Noardske mytology, dy't ek mei de goaden yninoar omtrouden.
Etymology
De etymology fan it Ierske wurd Fomóiri is ûndúdlik. Fan it earste part fan 'e term is no algemien akseptearre dat it it Aldierske fo is, dat "ûnder", "del" of "leger(e)" betsjut. Oer de betsjutting fan it twadde part is lykwols noch altyd in protte debat mank taalkundigen. Ien teory is dat -móiri in ferbûging is fan it Aldierske wurd mur, dat "see" betsjut. Fomóiri soe dan safolle betsjutte as "dy't fan ûnder de see komme" of "ûnderseesken". Dat wie de ynterpretaasje dy't de measte Midsiuwske Ierske skriuwers oandroegen. It is lykwols ek mooglik dat -móiri ôflaat is fan mór, dat "grut" betsjut. Yn dat gefal soe de namme Fomóiri safolle betsjutte as "de grutten fan ûnder [de grûn of see]" of de "ûnder[wrâldske] reuzen". In trêde teory, dy't de measte oanhing hat ûnder hjoeddeiske taalûndersikers, is dat -móiri in foarm is fan in hypotetysk Aldiersk wurd foar "demon" of "spûk", dat ek oerlevere wêze soe yn 'e namme fan 'e Morrígan, de goadinne fan it needlot yn 'e Ierske mytology, en dat fan deselde woartel komme soe as "-merje" (fan "nachtmerje") dat yn in soad Germaanske talen foarkomt. De betsjutting fan Fomóiri soe dan "demoanen fan ûnder [de wrâld of de see]" wêze.
Skaaimerken
De Fomoaren lykje oarspronklik dy goaden fan it Ierske panteön west te hawwen, dy't skealike of destruktive natoerkrêften fertsjintwurdigen, lykas gaos, tsjuster, de dea, sykte en drûchte. De Tuatha Dé Danann, dêrfoaroer, binne de goaden dy't foar it meastepart goede dingen fertsjintwurdigje, lykas groei en beskaving. Troch de dingen dy't se fertsjintwurdigen waarden de Fomoaren foarsteld as boasaardich. Se soene ûnder de grûn of ûnder de see libbe hawwe, en wurde yn 'e myten gauris ôfskildere as meunsterlik. Sa wurdt yn in alfde-iuwske tekst yn 'e Lebor na hUidre (it "Boek fan de Brune Ko") útholden dat Fomoaren it lichem fan in minske en de kop fan in geit hawwe, wylst op oare plakken stiet dat se mar ien each, ien earm en ien skonk hawwe. Nettsjinsteande dat wurde de Fomoaren dy't yn 'e myten in relaasje krije mei de Tuatha Dé Danann, lykas Elatha en syn soan Bres, omskreaun as "tsjuster mar tige knap".
Yn lettere tiden waarden de Fomoaren ôfskildere as oanfallers dy't fan oer see de kusten fan Ierlân ûnfeilich makken. Dat idee kaam dúdlik ta stân ûnder ynfloed fan 'e ynfallen fan 'e Wytsingen yn Ierlân, dy't yn deselde snuorje plakfûnen. Noch wer folle letter, yn 'e santjinde iuw, hold Geoffrey Keating yn syn History of Ireland út dat de Fomoaren in minsklik seefarrend folk west hiene, dat ôfstamme fan 'e bibelske Cham, in soan fan Noäch.
Mytology
Neffens in Midsiuwske myte soene in Partholón en syn folgelingen de earste minsken west hawwe dy't it eilân Ierlân nei de Sûndfloed berikten, mar hja troffen de Fomoaren dêr al oan. Neffens Geoffrey Keating soene dy, ûnder lieding fan Cichol Grichencos, twahûndert jier earder arrivearre wêze en as jager-sammelders libbe hawwe oant Partholón de lânbou yntrodusearre. Partholón fersloech de Fomoarske foaroanman Cíocal yn Slach by Mag Itha, mar neitiid kamen hy en al syn folgelingen om by in epidemy.
Nei de dea fan Partholón-en-dy soe Ierlân tritich jier leech efterbleaun wêze, mar doe't oan 'e ein fan dy tritich jier in twadde groep minsken ûnder lieding fan Nemed arrivearre, troffen dy dêr ek de Fomoaren al oan. Nemed fersloech harren yn ferskate fjildslaggen, wêrby't harren keningen Gann en Sengann sneuvelen. Der stiene lykwols twa nije Fomoarske lieders op: Conand, soan fan Faebar, dy't yn 'e Toer fan Conand op it eilân Tory, yn it greefskip Donegal wenne, en Morc, de soan fan Dela. (De earste generaasje fan 'e Fir Bolg soene ek soannen fan Dela west hawwe.)
Nei de dea fan Nemed makken Conand en Morc syn folk ta slaaf en easken fan harren in swiere skatting op: twatrêde part fan harren nôt, kij en bern. Fergus Lethderg, de soan fan Nemed, brocht in legermacht fan 60.000 man gear en stie tsjin harren op en ferneatige de Toer fan Conand. Dêrop foel Morc him oan mei in ûnbidich grutte float en de striid rûn út op in wiere slachting mei hege ferliezen oan beide kanten. De see spielde oer harren hinne en ferdronk hast alle oerlibbenen; net mear tritich fan Nemed syn folk wisten te ûntkommen yn ien inkeld skip en rekken neitiid fersille oer oare parten fan 'e wrâld.
De folgjende ynvaazje fan Ierlân kaam fan 'e Fir Bolg, dy't der gjin Fomoaren tsjinkamen. Dêrnei kamen de Tuatha Dé Danann, dy't beskôge wurde as de goaden fan 'e Goidelyske Ieren. Hja fersloegen de Fir Bolg yn 'e Earste Slach by Mag Tuired en namen Ierlân yn besit. Om't harren kening, Nuada Airgetlám, yn 'e striid in earm ferlern wie en dus net mear lichaamlik folsein wie, koed er net kening bliuwe. Foar him yn 't plak waard Bres oansteld, dy't fan heal-Fomoarsk bloed wie as de soan fan prinsesse Ériu fan 'e Tuatha Dé Danann en de knappe Fomoarske prins Elatha, dy't op in nacht oer de see by har kommen wie yn in boat fan sulver. Bres wie in minne kening, dy't de Tuatha Dé Danann slavewurk dwaan liet en harren in skatting oan 'e Fomoaren oplei. Doe't er it slachtoffer waard fan in satire troch in bard, dy't syn dwaan mei de gek besloech om't er him net holden hie oan syn keninklike ferplichtings op it mêd fan gastfrijheid, ferlear er syn gesach.
Neitiid waard Nuada wer kening, dy't yn 'e tuskentiid syn missende earm ferfongen hie troch in wurkjende proteze dy't fan sulver makke wie. Nettsjinsteande dat hold de ûnderdrukking fan 'e Tuatha Dé Danann troch de Fomoaren oan. Bres flechte nei syn heit Elatha en frege him om help om syn keningskip werom te winnen. Elatha wegere lykwols, om't er fûn dat syn soan net besykje moatte soe en win yn kweadens wat er net yn goedens behâlde koe. Dêrop sette Bres nei de oarlochssuchtige Fomoarske haadman Balor ta, dy't op it eilân Tory wenne. Dy brocht foar him in leger op 'e foet.
De Tuatha Dé Danann retten har ek ta op oarloch. Dêrby waarden se oanfierd troch in nije lieder, Lugh, dy't ek fan heal-Fomoarsk komôf wie. Syn mem wie nammentlik Balor syn dochter Ethniu, dy't troch Balor opsletten waard yn in hege toer nei't er yn in profesije heard hie dat er deade wurde soe troch syn eigen pakesizzer. Syn bedoeling wie dat syn dochter nea omgong mei in man hawwe soe, sadat der nea in pakesizzer wêze soe. Doe't Balor lykwols de magyske bôge fan Cian stiel, ien fan 'e Tuatha Dé Danann, naam dyselde wraak troch mei de help fan 'e froulike druïde Biróg de toer te beklimmen, Ethniu te ferlieden en de nacht mei har troch te bringen. Neitiid skonk Ethniu it libben oan in trijeling. Balor joech opdracht om 'e poppen te ferdrinken, en twa fan 'e bern waarden yndie ferdronken, of oerlibben it en waarden de earste seehûnen, ôfhinklik fan 'e ferzje fan it ferhaal. De trêde poppe, Lugh, waard lykwols rêden troch Biróg, dy't him oan Manannán en Tailtiu joech om grut te bringen. Doe't er folwoeksen wurden wie, die bliken dat Lugh in master wie yn alles dat er besocht, en sa krige er tagong ta de hofhâlding fan Nuada, dy't him oanstelde as legeroerste.
De Twadde Slach by Mag Tuired waard útfochten troch de legers fan 'e Fomoaren ûnder Balor en de Tuatha Dé Danann ûnder Lugh. Dêrby deade Balor Nuada mei syn skriklike giftige each, dat alle ombrocht dêr't it nei seach. Doe't Lugh it yn in twagefjocht opnaam tsjin syn pake, iepene dy op 'e nij syn each om Lugh om te bringen, mar mei in stien wurpen út in slinger dreau dy it each dwers troch Balor syn plasse nei syn efterholle, dêr't it útseach oer it Fomoarske leger en sa yn 'e eigen rangen ferwoastging oanrjochte. Nei't Lugh foargoed mei Balor ôfweeft hie, waarden de Fomoaren ferslein en de see yn dreaun.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further Reading, op dizze side.
|