Follow the Money | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | FTM | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
wurkmêd | Undersykssjoernalistyk | |
oprjochte | 2009 | |
oprjochter | Eric Smit, Arne van der Wal en Mark Koster |
Follow the Money (FTM) is in Nederlânske ûnôfhinklike nijswebside foar finansjeel-ekonomyske ûndersykssjoernalistyk fan likernôch tritich sjoernalisten – foar in part yn tsjinstferbân, foar in part freelancers – plus in tal kollumnisten. FTM [ 1 ] docht mei oan ynternasjonale ûndersyksprojekten lykas oer de CumEx-Files en fraude yn it fuotbal. [1][2] It kollektyf publisearret ek in podcast, makke troch Frederique de Jong.
Skiednis
Follow the Money waard ein 2009 oprjochte troch Eric Smit, Mark Koster en Arne van der Wal mei as doel ûndersyk te dwaan nei minsken, organisaasjes en systemen dy 't harren, benammen finansjeel-ekonomysk, misdrage of de mienskip swier neidiel tabringe. De namme is in ferwizing nei de film All the President's Men oer it Watergateskandaal. [3] It medium is 100 persint eigendom fan FTM Media, in besletten fennoatskip dy't beheard wurdt troch de stichting administraasjekantoar FTM Media mei Arne van der Wal en Eric Smit as bestjoerders. Sy hawwe mei-inoar goed 73 persint fan de sertifikaten. [3]
Foar it úteinsetten krige FTM € 180.000 subsydzje fan it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek (SVDJ). It platfoarm waard oarspronklik finansiere troch lidmaatskippen en it leverjen fan branded content. Dy lêste metoade waard yn 2014 stopset. Sûnt dy tiid dreau it op lidmaatskippen en alternative finansiering besteande út jeften fan sjaritative ynstellings en fan partikulieren. [4] De webside brûkt in betelmuorre (paywall). Foar in projekt om lêzers mei te lûken (gamification) krige FTM € 37.000 fan it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek en it SIDN Fonds yn 2016 en yn 2017 € 50.000 fan Google Digital News Initiative (DNI Fund). [5]
Yn augustus 2021 hie FTM 30.000 beteljende leden.
Teäter
Fiif Follow the Money-meiwurkers, Eelke van Ark, Thomas Bollen, Richard Jong, JanJaap Rijpkema, en Eric Smit, joegen yn 2022 de teäterfoarstelling ' Follow the Money ' ûnder rezjy fan Leopold Witte. Dêrby makken sy ek muzyk; Van Ark spile basgitaar, Bollen gitaar, Rijpkema slachgitaar en sang, Jong drums en Smit sang.
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Follow the Money fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|