In folkshegeskoalle is in ynstelling foar folwoeksene-ûnderwiis dat kursussen fersoarget. De earste folkshegeskoallen waarden fan 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw ôf stifte yn Denemark. Dat barde op inisjatyf fan 'e dichter, teolooch en filosoof N.S.F. Gruntvig, dy't it doel hie om dêrmei de plattelânsbefolking te emansipearjen en ferset te bieden tsjin it opkommende rasjonalisme en liberalisme. Oant op 'e dei fan hjoed hawwe folkshegeskoallen yn 'e Skandinavyske lannen in wichtich oandiel yn 'e edukaasje fan 'e befolking.
Yn Nederlân waarden ek folkshegeskoallen oprjochte, dy’t it karakter krigen fan foarmingsynstellings yn ynternaatsferbân. Allardseach, by Bakkefean, wie it earste plak dêr’t in folkshegeskoalle úteinsette. Dy Folkshegeskoalle Allardseach gie yn 1932 fan start op inisjatyf fan Jarich van der Wielen. Tsjin 1968 wie der yn eltse Nederlânske provinsje wol in folkshegeskoalle te finen. It doel fan dy ynstellings waard sa omskreaun: "it jaan fan in seedlik-geastlike ûntwikkeling oan folwoeksen persoanen as grûnslach foar de fernijing fan 'e folkskultuer en ta it fuortsterkjen fan de folksmienskip". Der waarden dan ek in protte kursussen jûn dy't rjochte wiene op it sosjaal funksjonearjen yn 'e mienskip.
Troch werstrukturearring fan 'e subsydzjestreamen waarden de folkshegeskoallen yn 'e 1980-er jierren twongen om gear te wurkjen of te fúzjearjen mei libbensbeskôglike foarmingssintra. Ien fan 'e gefolgen dêrfan wie dat de namme 'folkshegeskoalle' hast oeral ferdwûn. Dy oantsjutting wie oant yn 'e ienentweintichste iuw noch op twa plakken werom te finen. Sa waard er brûkt troch de yn 2011 ophefte lanlike Stifting foar Folkshegeskoalwurk, dy’t foarmingsprojekten subsidiëarre en stúdzjes en publikaasjes inisjearre en finansierde salang't dy strieken mei de âlde doelstelling. Mar de oarspronklike betsjutting fan 'e beneaming is no inkeld noch werom te finen by de Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Dat ynstitút, dat sûnt 1948 bestiet, is de lêste folkshegeskoalle fan Nederlân. Trochdat it ûnôfhinklik fan subsydzjes wurket, hie it minder muoite mei de grutte feroarings dy’t ein tachtiger jierren trochfierd waarden.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |