Fokker XB-8 | |
---|---|
| |
Rol | Bommesmiter |
Makker | Douglas Aircraft Company |
Untwerper | Fokker (bedriuw) |
Earste flecht | 1931 |
Tal makke | 7 (1919-1932) |
Brûkers | United States Army Air Corps |
Farianten | gjin |
De Fokker XB-8 wie in bommesmiter út de tweintiger jierren dy't foar it United States Army Air Corps ûntwurpen en boud waard; it tastel waard ôflaat fan de flugge Fokker O-27 ferkenningsfleanmasine út 1929 .
Al ûnder it ûntwikeljen waard it twadde prototype fan de XO-27 ta in bommesmiter omboud. Alhoewol't de XB-8 folle flugger as alle besteande Amerikaanske bommesmiters wie, kaam it net ta in bestelling, mei't se net genôch bomlading meinimme koene. Twa YB-8 en fjouwer Y1B-8 waarden besteld, mar dy waarden ûnder de produksje al omboud ta de ferkenningsfariant Y10-27.
De fleugel fan de XB-8 en X0-27 wiene hielendal fan hout, de romp bestie út in stielen frame beklaaid mei kanvas. It wie de earste bommesmiter fan de USAAC mei in lâningsgestel dat ynlutsen wurde koe.
De konkurrint fan de XB-8 wie de Douglas Aircraft Company Y1B-7/X0-36. Beide fleantugen wiene flugger as de âlde dûbeldekker-bommesmiters fan it Loftkorps fan it leger. De Douglas XB-7 levere lykwols bettere prestaasjes as de XB-8, dêrom waarden der gjin oare ferzjes fan de XB-8 mear makke.
Tolve tastellen fan de ferkenningsfarianten YO-27 en Y1O-27 waarden mids 1932–1933 oan de USAAC yn Brooks Field, Teksas, levere.
Spesifikaasjes
Spesifikaasjes Fokker Y1B-8 | |
---|---|
Langte: | 14,3 m |
Spanwiidte: | 19,5 m |
Draachoerflak fleigels: | 57,5 m² |
Hichte: | 3,5 m |
Oandriuwing: | twa V-12 sylinder Curtiss V-1570-23 'Conquerors' fan 600 hk (450 kW) |
Heechste faasje: | 260 km/o op seenivo |
Fleanberik: | 1.223 km |
Bemanning: | 4 |
Tsjinstplafond: | ? |
Gewicht leech: | 3.112 kg |
Gewicht laden: | 4.783 kg |
Bewapening: | Twa .30 in masinegewearen (1 yn de noas 1 boppe op de romp). Bommen. |
Sjoch ek
- Fokker YO-27
- Douglas Y1B-7
- Keystone B-6
- Martin B-10
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|