Fokker G.1 | |
---|---|
| |
Rol | Oanfalsjager |
Makker | Fokker |
Untwerper | Marius Beeling en Erich Schatzki |
Earste flecht | 16 maart 1937 |
Yn tsjinst | 1939 |
Ut tsjinst | |
Tal makke | 63 (1939–1940) |
Brûkers | Loftfeartôfdieling, Luftwaffe |
De Fokker G.I, Jachtkruser, wie in Nederlânske oanfalsjager, in middeldekker, dy't yn 1934 ûntwurpen waard troch de Fokker ûntwerpers ir. Marius Beeling en Dr.ir. Erich Schatzki. De earste flecht mei it prototype wie op 16 maart 1937.
It ûntwerp wie bysûnder troch de dûbele sturtbeammen en de swiere bewapening. By de presintaasje yn 1936 op de 15e Loftfeartsalon yn Parys wie de G. 1 in sensaasje.
Der waard in houtkonstruksje brûkt foar it middenstik fan de romp en de wjokken (in Fokker spesjaliteit), dy't ien gehiel wiene. Noas en sturtbeammen wiene fan aluminium en it oerbliuwende foarste rompdiel wie fan stiel. In gefal fan need koe de perspeks koepel ôfsmiten wurde om sa it tastel hurd ferlitte te kinnen.
Der binne twa ferzjes fan de G. 1 boud, de G.Ia mei Mercury-moters en de G.Ib mei Wasp-moters en 4 ynstee fan 8 masinegewearen yn de noas.
De Fokker G.I en de Fokker D. XXI wienen by de Dútske ynfal op 10 maaie 1940 feitlik de ienichste tastellen dy't harren ridlik warre koene tsjin de Dútske jachtfleanmasines. Der binne in stikmannich fijanlike tastellen mei delhelle, foaral Junkers Ju 52's. Op dat stuit wiene 23 fan de 32 G. 1's ynsetber, mar in protte binne op de grûn al stikken sketten.
Technyske feiten
Fokker G.IA | |
Feiten | |
---|---|
Fabrikant | Fokker |
Boujier | 1939-1940 |
Lingte | 11,50 m |
Spanwiidte | 17,14 m |
Hichte | 3,40 m |
Fleugeloerflak | 38,30 m² |
Oandriuwing | twa luchtkuolle 9-silinder-Stjermotors Bristol Mercury VIII |
Sterkte | it stik 619 kW / 830 PS |
Heechste faasje; | 475 km/o op 2750 m |
Krúsfaasje | 355 km/o op 2750 m |
Stiichfermogen | yn 8 min nei 5.000 m 8,9 min 7000 m |
Tsjinstplafond | 9300 m |
Fleanberik | 1400 km |
Leechgewicht | 3323 kg |
Startgewicht | maximal 4790 kg |
Bemanning | 2-3 |
Bewapening | acht fêste 7,9-mm-MGs yn de noas ien beweechbere 7,9-mm-MG yn efterkoepel |
Sjoch ek
Keppeling om utens
- Polygoon sjoernaal Fokker G.1 film
- Stifting Fokker G.I
- G-1, Fokker
- Ofbyldings en fideo's fan de G.I op Dutch Aviation
- Untwerp fleanende replika Fokker G-1
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fokker G.1 fan Wikimedia Commons. |