Focke-Wulf Fw 190 Würger


Rol Jager, jachtbommesmiter
Makker Focke-Wulf, mar ek: AGO, Arado, Fieseler, Mimetall, Norddeutsche Dornier en oaren
Untwerper Kurt Tank
Earste flecht 1 juny 1939
Yn tsjinst Augustus 1941
Ut tsjinst 1945 (Luftwaffe); 1949 (Turkije)
Tal makke 19.500 (1941-1945)
Brûkers Luftwaffe, Hongaarske Loftmacht, Turkske Loftmacht
Fariant Focke-Wulf Ta 152

De Focke-Wulf Fw 190 wie in jachtfleantúch dêr't de Luftwaffe mei fleach yn 'e Twadde Wrâldkriich. Wilens de kriich binne der 20.000 produsearre, dêrfan wiene 6.000 as (dûk)bommewerper ornearre. De Fw 190 wie populêr ûnder de piloaten. De Fw 190 hie in grut ferskaat mooglikheden, lykas doelen op 'e grûn oanfalle, it begelieden fan bommewerpers oer lange ôfstannen, koe nachts brûkt wurde en koe (benammen de "D" ferzje) heech yn 'e loft oare fleantugen ûnderskeppe.

Yn 'e hjerst fan 1937 frege it Reichsluftfahrtministerium (Ryksloftfeartministery) oan ferskate ûntwerpers om mei in ûntwerp te kommen foar in nije fjochtfleanmasine. De ûntwerper fan de Fw 190 wie yngenieur Kurt Tank. Hy wurke gear mei in keppel ûntwerpers en yngenieurs dêr't in part fan sels piloat wie. Hy fûn it wichtich de piloaten deryn te behellen, omdat dy ûnderfining hiene mei praktyske technyske problemen.

Fw 190 A

Fan de Fw 190 A binne njoggen ferzjes, de Fw 190 A-1 oant en mei Fw 190 A-9. It earste model (Fw 190 A-1) wie ree yn juny 1941. Nei it testen waard de Fw 190 A-1 krekt bûten Parys stasjonearre. Mei de A-3 kaam ek de earste Umrüst-Bausätze. De U1 hie in ETC-501 bommehâlder. De U2 hie trije RZ 73 mm raketlansearders yn beide wjukken. Mei de U3 waard de Fw 190 A-3 in jachtbommewerper, eltse wjuk krige in ETC-501 bomhâlder en SC-50 bom. De U-4 wie in type om mei te ferkennen, dy ferzje hie twa Rb 12.5 kamera's.
Alles meiinoar binne der 13.291 Fw 190A produsearre.

Fw 190 B

De Fw 190 B is yn 'e testfase stykjen bleaun. It hie in fleanmasine wurde moatten mei bettere prestaasjes heech yn 'e loft. Der binne mar fjouwer fan produsearre.

Fw 190 C

De Fw 190 C wie inkeld in projekt, der binne gjin masines fan dit type produsearre.

Fw 190 D

Fw 190 D-9

Fan de Fw 190 D binne fiif ferzjes, de Fw 190 D-9 oant en mei Fw 190 D-15.

Fw 190 F

Fan de Fw 190 F binne njoggen ferzjes, de Fw 190 F-1 oant en mei Fw 190 F-9.

Fw 190 G

Fan de Fw 190 G binne njoggen ferzjes, de Fw 190 G-1 oant en mei Fw 190 G-4 en Fw 190 G-7 oant en mei Fw 190 G-9.

Spesifikaasje Fw 190 D-9

Trochsneed fan in Fw 190A
Produksje Focke-Wulf Fw 190
JierJachtfleantugenBommesmiters
1941226gjin
19421.85068
19432.1711.183
19447.4884.279
19451.6301.104

Algemiene eigenskippen

  • Bemanning: 1
  • Lingte: 10,2 m
  • Spanwiidte: 9,8 m
  • Hichte: 3,35 m
  • Wjuk oerflak: 18.30 m²
  • Leech gewicht: 3.490 kg
  • Fol gewicht: 4.350 kg
  • Maksimum gewicht om fan 'e grûn te kommen: 4.840 kg
  • Oandriuwing: 1× Junkers Jumo 213A-1 12-silinder omkearde V-sûgermotor, 1.287 kW, maksimum 1.544 kW (1.750 hk / 2.100 hk)

Prestaasjes

  • Maksimum faasje: 685 km op 6.600 m, 710 km op 11.300 m
  • Fleanberik: 835 km
  • Maksimum fleanhichte: 39,370+ foet (12,000+ m)
  • Klimradius: 3,300 foet/min (17 m/s)
  • Maksimum wjukbelêsting: 48.7 lb/ft² (238 kg/m²)

Bewapening

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.