Riedhûs Swaensteyn út 1632
Alde Tsjerke yn Foarburch

Foarburch (Nederlânsk: Voorburg) is in stêd en eardere gemeente yn Súd-Hollân dy't op 1 jannewaris 2002 fusearre mei Leidskendam ta de hjoeddeiske gemeente Leidskendam-Foarburch. Foarburch leit oan it Ryn-Schiekanaal (ek wol Vliet neamd) en grinzet oan De Haach, Ryswyk en (binnen de eigen gemeente) oan Leidskendam. Hoewol't Foarburch hielendal fêstgroeid is oan De Haach hat it in âlde doarpskearn en in eigen skiednis. Foarburch is hielendal ferstêdlike. Binnen de gruttere gemeente Leidskendam-Foarburch binne noch wol lanlike gebieten.

Foarburch leit op in âlde dunerige of strânwâl dy't bylâns de Noardseekust rint en dêr't al sûnt ± 2700 f.Kr. minsken wenje, sa blykt út argeologyske fynsten. Bewenning is ek oantoand yn de Brûnstiid en de Lette Izertiid, de perioade foar en fan de Romeinske oerhearsking. Yn 1988 waard de twatûzenjierrige histoarje fan Foarburch fierd.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.