It Fluitemuseum is in kolleksje fluiten fan Bernard Visser út Boalsert. De kolleksje bestiet yn 2012 út 1055 fluiten. De muorren yn de keamer en de gong hingje der fol mei. Hast alles wat yn 'e hûs is hat mei fluiten te krijen. Der besteane fiif soaren fluiten:

Visser kin se allegear bespylje. It begûn doe't er as jonkje brongitis krige en hy fan de dokter mûlharmoankika spylje moast fanwege it yn- en útasemjen. In jier letter krige lytse Bernard fan syn pake krige noch in fluit. Doe't er by de maresjesee kaam te wurkjen gie it hurd. Ek doe't er by de Rabobank wurk kaam er op in soad plakken om syn kolleksje oan te foljen. Yn binnen- en bûtenlân, wrâldwinkels en yn omrinwinkels. Yn de jierren tachtich hie er it museum yn Wâldsein, doe't er yn Boalsert kaam moasten de fluiten yn syn eigen hûs in plak krije. Troch ynternet groeide de samling fan fiifhûndert nei mear as tûzen.

In bysûndere fluit is de 2500 jier âlde Gûatemalteeske fluit, dy't by in opgraving nei boppen kaam. Mooglik giet de kolleksje skylk nei it myzykynstrumintemuseum yn Eelde as der yn Fryslân gjin plak foar te finen is. Oant dy tiid it museum yn de flat fan Bernard achtheech op ôfspraak te besichtigjen (0515-577792).

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.