Floyd Red Crow Westerman
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeFloyd Red Crow Westerman,
Káŋǧi Duta
nasjonaliteit Amerikaansk
berne17 augustus 1936
berteplakyn it Lake Traverse Reservaat
(Súd-Dakota)
stoarn13 desimber 2007)
stjerplakLos Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Dakota- (Sioux)
jierren aktyf19892007
offisjele webside
www.floydwesterman.com

Floyd Red Crow Westerman (Yndiaanske namme: Káŋǧi Duta, "Reade Krie"; ferienfâldige stavering: Kanghi Duta); yn it Lake Traverse Yndianereservaat (Súd-Dakota), 17 augustus 1936Los Angeles, 13 desimber 2007) wie in Amerikaansk akteur, sjonger en polityk aktivist fan Yndiaansk komôf. Hy wûn yn 'e Feriene Steaten in beskate bekendheid as countrysjonger foar't er frij let yn syn libben in aktearkarriêre begûn. Ynternasjonale bekendheid, alteast fan gesicht, krige Westerman troch syn rol yn 'e film Dances with Wolves, út 1990. In oare bekende rol fan him wie de Yndiaanske medisynman George Littlefox yn 'e komeedzjesearje Dharma & Greg. Njonken syn sjongen en aktearjen wie Westerman ek tige aktyf as aktivist foar Yndiaanske kwestjes.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Westerman waard yn 1936 berne yn it Lake Traverse Yndianereservaat, yn it noardeasten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Syn âlden hearden allebeide ta de Eastlike Dakota, in subgroep fan 'e (Sioux). Syn bertenamme wie Floyd Westerman, mar doe't er folwoeksen wie, naam er de Ingelske oersetting fan syn Yndiaanske namme Káŋǧi Duta, Red Crow, oan as syn middelnamme.

Mei tsien jier waard Westerman nei it Wahpeton Ynternaat ta stjoerd, dêr't er yn 'e kunde kaam mei Dennis Banks, dy't letter in lieder fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging wurde soe. Op it ynternaat waarden Westerman, Banks en de oare learlingen twongen om har tradisjoneel lange hier ôf te knippen en waard harren ferbean om har memmetaal te sprekken of har eigen goaden te ferearjen. De traumatyske behanneling dy't him dêr te'n diel foel, hie in sterke ynfloed op Westerman syn lettere libben. Nei't er fan it ynternaat ôf gien wie, studearre er oan 'e Noardlike Steatsuniversiteit, yn Aberdeen (Súd-Dakota). Neitiid tsjinne er twa jier yn it Amerikaanske Marinierskorps.

Karriêre

Yn 'e 1960-er en 1970-er jierren fêstige Westerman yn eigen lân in solide reputaasje as sjonger fan countrymuzyk. De ûnderwerpen dy't er dêrby oanroerde, hiene hast allegearre op 'e iene of oare manear te krijen mei de Yndianen en de ynfloeden fan 'e Westerske kultuer op harren bestean. Njonken syn wurk as solo-artyst wurke Westerman gear mei sokke grutte nammen as Willie Nelson, Harry Belafonte, Joni Mitchell en Kris Kristofferson. Letter, yn 'e 1990-er jierren, gied er op toernee mei Sting, om jild op te heljen foar it behâld fan 'e reinwâlden. Ek foar oare goede doelen sette er him belangeleas yn.

Westerman syn aardichheid oan aktearjen kaam fuort út syn sjongkarriêre, mei't in protte sjongers har oan dy oerstap weagen. Sels makke er syn debút yn 'e film Renegades, út 1989, as "Red Crow", de Lakota-heit fan haadpersoan Hank Storm, spile troch Lou Diamond Phillips. By in breder Amerikaansk en in ynternasjonaal publyk krige er bekendheid, alteast fan gesicht, yn 'e rol fan it opperhaad Ten Bears, yn Kevin Costner syn mei in Oscar foar Bêste Film bekroande masterwurk Dances with Wolves, út 1990. Oare bekende films dêr't er yn spile, wiene en Grey Owl (1999) en Hidalgo (2004).

Behalven yn films fertolke Westerman ek geregeldwei rollen op 'e tillefyzje. Yn 'e plysjesearje Walker, Texas Ranger hied er yn it earste seizoen in fêste rol as "omke Ray", en yn 'e komeedzjesearje Dharma & Greg hied er in weromkearende rol as de Yndiaanske medisynman George Littlefox, dy't earst libben foarkomt, dan ferstjert en dêrnei as geast weromkeart. Yn 1991 spile Westerman yn 'e minysearje Son of the Morning Star, oer generaal George Armstrong Custer, de rol fan it Lakota-opperhaad Sittende Bolle.

Fierders wied er û.m. te sjen yn 'e komeedzjesearje Roseanne, de rjochtbankdrama's L.A. Law en Judging Amy, de fantasysearje The X Files, de aksjesearje MacGyver en de detektivesearjes Murder, She Wrote en Baywatch Nights. Soms waard er op 'e ôftiteling koartwei fermeld as Floyd Westerman. Fan 2003 oant 2007 wied er fierders ek allegeduerigen op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen yn reklamespotsjes foar "Lakota", in merk pinestiller. Syn lêste rol spile er yn 'e film Swing Vote, dy't postúm útkaam yn 2008.

Priveelibben

Los fan syn wurkpaad as sjonger en akteur sette Westerman him oanhâldend yn foar Yndiaanske doelen, en droech er rûnom syn Yndiaanske identiteit út. Hy wie lid fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) en naam bytiden diel oan 'e protestaksjes dy't troch dy organisaasje bewurkmastere waarden. Westerman wie ferskate kearen troud en hie fiif bern. Syn lêste frou, Rosie, wie in Dútse, mei wa't er noch yn it houliksboatsje stapte doe't er al op jierren wie.

Ferstjerren

Westerman ferstoar nei in lang siikbêd op 13 desimber 2007 yn it Cedars Sinai Hospital yn Los Angeles oan 'e gefolgen fan leukemy. Hy waard 71 jier.

Diskografy

  • 1969 – Custer Died for Your Sins
  • 1970 – Indian Country
  • 1982 – Custer Died for Your Sins (re-recording)
  • 1982 – The Land Is Your Mother
  • 1990 – Oyate (mei Tony Hymas)
  • 2006 – A Tribute to Johnny Cash

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1988Powwow Highwaystim oer radioferbiningas stimakteur
1989RenegadesRed Crow
1990Dances with WolvesTen Bears
1991The Doorssjamaan
1991ClearcutWilf Redwing
1994Jonathan degli Orsiopperhaad Watanka
1997Dusting Cliff 7Indian Bob
1997The BravePapa
1998Naturally Nativefoarsitter Pico
1999Grey Owlopperhaad op powwow
2003Truth and Dareâldman
2003Atlantis: Milo's AdventureChakashias stimakteur
2004Hidalgoopperhaad Eagle Horn
2006The Tillamook TreasureStanding Elk
2008Swing Voteopperhaad Running Bear
tillefyzje
1988MacGyverTwo Eaglesgastrol; ôfl. Mask of the Wolf
1989Hardball ?gastrol; ôfl. The Cleveland Indian
1990Captain Planet and the Planeteersopperhaadas stimakteur; gastrol yn in tekenfilmsearje; ôfl. Tree of Life
1991L.A. Lawrjochter William Gainsergastrol; ôfl. Dances with Sharks
1991Son of the Morning StarSittende Bolleminysearje
1991–1993Northern ExposureOne-Who-Waitsweromkearende rol; 2 ôfl.: The Big Kiss (1991), Duets (1993)
1992Murder, She WroteAshie Nakaigastrol; ôfl. Night of the Coyote
1993The Wild Westvoice-overminysearje
1993The Dakota Conflictvoice-overtillefyzjefilm
1993Rio ShannonGabrieltillefyzjefilm
1993The Broken Chainstamâldstetillefyzjefilm
1993–1994Walker, Texas Rangeromke Ray Firewalkerfêste rol seizoen 1; 26 ôfl.
1994Lakota Woman: Siege at Wounded Knee   pake fan Mary Crow Dogtillefyzjefilm
1995500 Nationsvoice-overminysearje
1995Buffalo GirlsNo Earsminysearje
1995SiringoPlenty Woundstillefyzjefilm
1995RoseanneFloydgastrol; ôfl. The Last Thursday in November
1995–1999The X-FilesAlbert Hosteenweromkearende rol; 5 ôfl.
1997The PretenderErnie Two Feathersgastrol; ôfl. Mirage
1997Baywatch NightsYndiaanske gids Wahotegastrol; ôfl. The Vortex
1997Poltergeist: The LegacyEzekialgastrol; ôfl. Shadow Fall
1997Millenniumâlde Yndiaangastrol; ôfl. A Single Blade of Grass
1997–2001Dharma & Gregmedisynman George Littlefox   weromkearende rol; 4 ôfl.
2001Judging AmyWheelergastrol; ôfl. Rights of Passage
2003DreamKeeperIron Spoontillefyzjefilm
2008Comanche Moonâlde Komantsje #1minysearje

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.