Rutger Hauer as Floris

Floris is in Nederlânske telefyzjerige, skreaun troch Gerard Soeteman, en regissearre troch Paul Verhoeven. De haadrollen waarden spile troch Rutger Hauer (Floris), en Jos Bergman (Sindala). De tolve swart-wyt ôfleverings waarden yn 1969 útstjoerd troch de NTS, en binne neitiid ferskate kearen werhelle.

Carel Enkelaar, direkteur fan de NTS fernaam dat de Britske searje Ivanhoe en de Frânske rige Thierry la Fronde tige súksesfol wiene. It die him besluten dat Nederlân ek sa'n programma hawwe moast, dat hy joech Gerard Soeteman de opdracht ta it skriuwen fan in scenario.

De opnames hiene plak yn 1968, foar in grut part op Kastiel Doornenburg en ek op Kastiel Hernen, Slot Loevestein, en yn Gint en Brugge.

De ôfleverings waarden útstjoerd fan 5 oktober oant en mei 21 desimber 1969. De earste hie 2.790.000 sjoggers; de tredde ôflevering rûm 3,5 miljoen sjoggers. Floris wie yn 1969 it bêst besjoene programma op de Nederlânske telefyzje. Er ferskynden Floris-boeken, Floris-tekenteltsjes, en in Floris-langspylplaat.

Yn 1975 waard in Dútske remake fan de searje makke mei de titel Floris von Rosemund. Hauer spile wer de haadrol. De rol fan fakir waard no spile troch de Dútske akteur Derval de Faria. De regy wie fan Ferry Radax.

Yn 2004 wie de premiêre fan in spylfilm oer de pakesizzer fan Floris, ûnder regy fan Jean van de Velde. Dizze film hjitte ek fan Floris. Yn de film binne bylden ferwurke út de telefyzjerige.

Rolferdieling

Personaazje Akteur/Aktrise
Floris van Rosemondt Rutger Hauer
Sindala Jos Bergman
Reinbout Cees Pijpers
Wolter van Oldenstein Ton Vos
Maarten van Rossum Hans Culeman
Sergeant Tim Beekman
Lange Pier Hans Boskamp
Gravin Ada van Couwenberg Diana Dobbelman
Keamerfaam Viola Ida Bons

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.