Florianus fan Lorch | ||
hillige | ||
Brânskildere raam yn de Severusbasilyk fan Boppard dat skonken waard oan de tsjerke troch de lokale brânwar | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
stjerdatum | 4 maaie 304 | |
stjerplak | Lorch oan de Enns (Eastenryk) | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke; Otterdokse Tsjerken | |
hjeldei | 4 maaie | |
patroan fan | brânwar, de bakkers, skoarstienfegers, bierbrouwers, smeden, túnkers, pottebakkers, kûpers, makkers fan sjippe, fan de Poalen, Linz en Opper-Eastenryk. |
Florianus fan Lorch (Dútsk: Florian von Lorch; ek Floriaan) wie in ofsier yn it romeinske leger en kommandant fan in ienheid dy't ferantwurdlik wie foar it dwêsten fan brannen. De hillige Florianus wurdt yn de Roomsk-Katolike Tsjerke fereare en dan benammen yn Dútsktalige lannen en East-Europa. Yn Dútsktalige lannen is de hillige in soad te sjen op gebouwen fan de brânwar.
Passio Floriani
Yn de Passio Floriani út de lette 8e of iere 9e iuw wurdt it martlerskip fan Florianus beskreaun. Florianus wie dêrneffens in pinsjonearre amtner en libbe yn Aelium Cetium, it tsjintwurdich Eastenrykske Sankt Pölten. Yn de tiid fan de kristenferfolgings (303–304) ûnder keizer Diokletianus kaam steedhâlder Aquilinus nei Lauriacum (it hjoeddeiske Lorch oan de Enns) om kristenen op te spoaren. Hy wist 40 kristenen op te pakken, dy't martele en finzen setten waarden. Florianus fernaam dat en makke dat er yn Lauriacum kaam om syn bruorren en susters by te stean, mar yn Lauriacum krigen se dat yn 'e rekken en hy waard ek oppakt. Om't er it ferpofte syn kristlike leauwe ôf te swarren, waard er mei knuppels slein en mei slipe izers brieken hja syn skouderblêden.
Lang om let waard Florianus ta de dea feroardiele troch him libben te ferbaarnen. Oan de martlerspeal fersei Florianus lykwols dat hy mei de flammen nei de himel opstiigje soe. Fan dy wurden waarden de soldaten kjel en se doarsten it fjoer net mear oan te stekken. Op 4 maaie 304 waard syn eksekúsje op 'e nij besocht út te fieren. No soed er mei in stien (letter is it in molestien woarn) om 'e hals fan in brêge yn de rivier de Enns smiten wurde. Foar de eksekúsje bidde Florianus noch in skoft en dêrfan ûnder de yndruk doarsten de soldaten de deastraf op 'e nij de straf net út te fieren. By eintsjebeslút wie it in poermâle jongkeardel, dy't Florianus fan de brêge it wetter yn stjitte. Sa ferstoar Florianus; de 40 oaren ferstoaren yn de finzenis.
It ferhaal ferhellet fierder dat syn lyk letter op in rots oanspielde en fan in earn mei iepen wjukken beskerme waard. In frommiske (dy't letter de namme Valeria krige) fûn him nei't hja in fizioen hân hie en lei him op in karre, oerdutsen fan grien en strûken om him sa stikemwei nei syn lêste rêstplak te bringen. Underweis bleaune de oksen dy't de karre lutsen op 't lêst fan kleare wargens stean en op dat plak ûntsprong nei in gebed fan de frou in boarne, sa't de oksen drinke koene. Dy boarne bestiet noch altiten en wurdt de Florianbrunnen neamd en is te finen by de St. Johannkirche yn Sankt Florian, Eastenryk. De oksen koene no wer fierder en brochten Florianus nei it plak dêr't begroeven wurde moast. Oer syn grêf ûntstie letter it stift Sankt Florian.
Lettere oerleverings fertelle fan in strafwûnder. By de jongkeardel, dy't Florianus fan de brêge treau, brieken de eagen. It brekken fan de eagen wie yn it oarspronklike ferhaal in wize om it ferstjerren fan Florianus út te drukken. Sa wurdt yn ikonografy noch wolris in foarstelling fûn, dat by de man dy't de eksekúsje útfierde de eagen út de holle falle.
Acht jier nei't Florianus de marteldea ferstoar waard ûnder keizer Konstantyn de frijheid fan religy ynfierd.
Ferearing
Neffens de Passio Floriani waard de hillige op it plak fan it stift Sankt Florian yn Eastenryk begroeven. Yn de midsiuwen waard it kleaster in wichtich beafeartsplak. De reliken fan de hillige ferhûzen yn 1184 nei Krakau, dêr't se yn de domtsjerke byset waarden. Oant de reformaasje hie de ferearing him útwreide nei Eastenryk, Beieren, Bohemen, Poalen en Hongarije.
Hjoed-de-dei wurdt Florianus as beskermhillige tsjin it gefaar fan brân fereare, mar oarspronklik waard er oanroppen tsjin it gefaar fan wetter.
Florianus is beskermhillige fan de brânwar, de bakkers, skoarstienfegers, bierbrouwers, smeden, túnkers, pottebakkers, kûpers, makkers fan sjippe, fan de Poalen, Linz en Opper-Eastenryk. Hy wurdt oanroppen tsjin droegte en fjoer en syn help wurdt frege by brânwûnen.
Ikonografy
Florianus wurdt foarsteld as in romeinske legionêr mei feandel, in wetterfet en in baarnend hûs of in baarnende tsjerke, somtiden ek mei in molestien. Oarspronklik stie it wetterfet foar it martlerskip fan ferdrinking, mar it waard yn de rin fan de tiid troch de tafoeging fan it baarnende hûs stadichoan in symboal fan beskerming.
In healwize foarstelling fan de hillige is te sjen yn it kuerplak Bad Tölz yn Beieren. Bad Tölz hat yn it ferline noch al ris lest hân fan grutte brannen en dêrom waard yn it plak ta eare fan de hillige foar it gebou fan de belestingtsjinst in Florianusboarne oanlein. Om de gek mei de belestingtsjinst te hawwen lieten se dêr de rok fan Florianus sakje, sa't de belestingtsjinst it útsjoch krige op it ûntbleate achterwurk fan de hillige.
Feestdei
Florianus wurdt op 4 maaie betocht troch de Roomsk-Katolike Tsjerke. It is lykwols net in ferplichte feestsdei op de algemiene roomske kalinder. Yn Poalen en yn it bisdom Sankt Pölten is it in ferplichte betinkingsdei.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Florian von Lorch
|