Lokaasje fan de Flietsône yn Ljouwert
Kaart fan Ljouwert, 1866

De Flietsône wie oant 2018 in wyk fan de stêd Ljouwert. De wyk waard yn 2018 mei de wiken Oldegalileën-Blommebuert en Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek gearfoege ta de wyk Ald-East
Yn de wyk wenje in soad studinten en starters. De wyk 't Vliet leit om it tichtsmiten wetter It Fliet. Sûnt 1840 waarden de earste wenten boud. It is in fariearde wyk mei lytsere huzen oan de kaai fan it Noardfliet. Yn begjin 1900 waarden oan de bûtengrêften en in nij groeven kanaal prachtige hearenhuzen mei dêryn faak praktykromten boud. Bylâns it eastlike diel fan It Fliet steane ferskate soarten huzen en bedriuwsgebouwen. Oan it Súdfliet steane in soad nije wenkompleksen. It Fliet is in kleurrike strjitte mei in soad twaddehâns winkels.

De omkriten fan it Mûnepaad is in buertsje op himsels. Der binne smelle stjitsjes mei âlde gevels.

Skiednis fan de Flietwiken

Dêr't foar 1200 de wetterkes It Fliet, De Potmarge en Ie yn de Middelsee útkamen, groeide op twa terpen om de Ie hinne de hannelsbuert Nijehou. Mei de terp Aldehou (mei de âldste Ljouwerter tsjerke, wijd oan Sint Fitus) en it hannelsbuertsje Hoek dêr't It Fliet yn de Ie útrûn, waard dit de stêd Ljouwert. Krekt foar 1500 waard de grêft om dy stêd folslein reemakke; dat wie ek nedich: yn 1487 koenen fijannen noch frij maklik Ljouwert ynkomme en hat de stêd in pear jier beset west.

Alde kaarten

De âldst bekende kaart fan Ljouwert is fan ± 1560. Doe hie de stêd ien dúdlike bûtenbuert: om It Fliet hinne; foaral oan de noardkant dêr't al bebouwing in ein foarby de wei nei Cambuur/ Oranjewâltsje. (Letter groeide ek sa’n buert om de Ie hinne, Camstrabuorren en Aldegaleien; mar yn 1560 wie dêr noch net folle te finen)

It is net mear te sjen, mar It Fliet wie dus yn oarsprong in wetterwei. De tsjintwurdige strjitnammen Noardfliet en It Súdfliet jouwe dat ek noch oan. ‘Pas’ yn 1970 waard dy wetterwei tichtsmiten. Benammen it stik tichtst by de stêd wie te smel foar de grutter wurdende skippen, yn 1895 wie as modernere farwei al it Nije Kanaal (‘Emmakade’) groeven fan de Stedsgrêft nei de Greuns by Skilkampen. Mar oant nei 1945 waard Koopmans Moalfabryk oan It Noardfliet oer wetter befoarriede.

Bedriuwen

Mûne De Jonge Fenix om 1800 hinne
Pakhuzen Koningsbergen en Friesland oan it Fliet, 1930

Al yn 1560 sieten om It Fliet al bedriuwen; op de al neamde kaart is de nôtmûne te sjen, dêr't fan de stedsgrêft ôf in paad en in opfeart hinne rûnen; de wyk Mûnepaad hat dêr syn namme troch krigen. Ek oan It Noardfliet stie yn 1560 sa’n mole (op dat plak al frij gau wer ferdwûn). De Flietsters wienen fan âlds gjin stedsjers, foelen foar in part ek bûten de stedswetten. It stedsbestjoer wie dêr net sa wiis mei. It hat noch wol sa’n 100 jier duorre eardat der in brêge kaam tusken It Fliet en de stêd (neffens it boerd by de Flietster brêge 1656?); dêrfoar moasten je oer it wetter, of óm troch de Hoeksterpoarte.

Yn 1832 gie, nei lange tarieding fan kaarten tekenje en sa mear, it kadaster fan start. Fan dat jier (en yn grutte linen dêrnei) is in hierskerp byld te krijen fan de bebouwing by It Fliet. Ek de eigeners wurde neamd, hierders net. (Dat kadaster fan 1832 is ek op ynternet te finen op HISGIS, bygelyks fia de webside www.tresoar.nl).

Yn grutte linen wie it doe noch meast bylâns It Fliet; dêrefter wie it yn 1832 noch meast greide. Efter de grêftswâlen lizze ferskate ‘plaisirtuinen’ mei ‘simmerhuis’ fan begoedigen út de stêd.

Wol is der itselde te sjen as yn de binnenstêd: lytse húskes, faak ienkeamerwenten, oan stegen efter de grutte gebouwen by de strjitten, hjir dan efter It Fliet. Foar in part wennen dêr wurknimmers fan bedriuwen oan It Fliet. Yn dat justjes letter "De Weerklank" waard, no Seeheldebuert-west, is al yn 1832 it begjin fan it doalhôf fan lytse strjitsjes fan dy Weerklank. As bedriuwen steane der ferskate pakhuzen; dêr wienen nôt- of fergelykbere pakhuzen by mei altiten in soad aksje. (Wel oant 1940 moatte yn de buert fan de Flietster brêge ‘los werklieden’ paraat west hawwe, sykjend nei in klus fan lossen of laden.) Neist dy pakhuzen waard yn 1832 apart neamd: yn de Weerklank leerloaierij en pottebakkerij fan Dorama en grienferverij fan Suringar; fierderop in grutterij (= grôtmakkerij, faak mei hynstekrêft), baarnderij (foar brandewyn) + mouterij (foar de bierbrouwers), tichelwurk (= stienbakkerij; wie der al yn 1700), oaljemole fan Looxma, 2 ‘lymsiederijen’, twa learmoles, op Skilkampen noch twa oaljemoles (doe de djoerst belêste bedriuwen), ‘seamtouwerij’, toudraaierij, 2 skipsbouwerijen, 2 ‘fellebleaterijen’, pelmole, houtseachmole, noch 3 loaierijen, oaljemole by Pitersbuorren (de Fenix, út 1752), linnenweverij, sâltkeet, noch in pottebakkerij fan Dorama op It Súdfliet en ien fan Van Gent, nog in baarnderij en in mouterij, seiltaanderij en linebaan (efter de Grêftswâl). De grutte wyn-bedriuwsmoles stiene doe tusken Pitersbuorren en Skilkampen.

Bebouwing yn sifers

Eastlik fan Pitersbuorren wie by It Súdfliet del gjin paad; dat hat duorre oant de dimping yn 1970. De bedriuwen wienen allinnich oer wetter te berikken; letter efterom fia de Willem Loréstrjitte.

Ut 1888 binne sifers oer de neamde steechwenten. De list makket ûnderskied tusken buerten en ûnderbuerten en ‘stegen en gloppen’, mar it gie by beide meast om lytse húskes; efter de nammen earst it tal huzen, dan it tal bewenners. Súdfliet (204, 936), Noardfliet (236, 1119). Stegen, gloppen en buerten efter it Súdfliet: Haven (15, 66), Keetwâltsje (6, 19), Ketelsteech (11, 47), Pottebakkerssteech (5, 15), Túnmanssteech (12, 55), Sûkereibuert (38, 178), Hellingbuert (29, 123), Pitersbuorren + Efter Pitersbuorren (29, 132), Poppebuert (36, 164). Efter it Noardfliet: Dykshoek + Efter Dykshoek (18, 67), Langesteech (dimping yn 1970) (10, 47), Oranjewâltsje (9, 31). De Weerklank waard ûnderskieden yn Heechpaad, Heecheinspaad, Hulstbuert, Kapelsteech, de Krimp, Leechpaad, de Polle en de Seringebuert (boud as Suringarbuert); opteld 151 húskes mei 606 bewenners. It Mûnepaad (steech/gloppe efter de Grêftswâl): 7 mei 39; doe 194 meter lang.

Nijbou-‘projekten’ waarden fan âlds faak opset troch ûndernimmers yn de bou (faak beneamd as ‘mr mitselder’) of, troch grutte ûndernimmers. Koart nei 1900 waarden om It Fliet hinne de earste projekten ûnder de wentewet boud: (Ald-)Yndyske buert 1908, Saskiabuert direkt dêrnei, Eillartsstrjitte 1917. Mar dêrfoar wienen om It Fliet hinne al nijboustrjitten ferriisd troch sok partikulier inisjatyf: it grutste diel fan de wyk Molepaad (efter de Grêftswâl dêr't yn 1919 noch ûnbeboude greide) en westkant wyk Welgelegen. Bûten de Weerklank (nei 1945 ferfongen troch de Seeheldebuert west) en de Aldyndyske buert binne de greiden efter It Noardfliet in bytsje letter beboud. It westlik diel foar 1940, it eastlikste koart nei ’45.

Buerten

Ta de Flietsône hearden de folgjende buerten:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East Aldlân-De Himrik Bilgaard-Havankpark en omkriten Binnenstêd De Súdlannen Foksepark-Helicon Frijheidswyk Heechterp-Skieringen Himpens/Tearns-Suderbuorren Huzum-West Kammingabuorren en omkriten Middelsee Nijlân-De Swette Potmargesône Sonnenborgh en omkriten Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân Bedriuweterrein-East Bedriuweterrein-West Kammingabuorren De Swette Faleariuskertier-Meagere Greide Flietsône Fûgelbuert-Muzykbuert Grutte Wielen-De Griene Stjer Huzum-East Oldegalileën-Blommebuert Oranjewyk Skieringen-De Sintrale Transfaalwyk-Rengerspark Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.