De Flevomar wie eartiids in grutte mar op it plak dêr't no parten fan Flevolân, de Markermar en de Iselmar lizze. De mar wurdt troch Pomponius Mela, in Romeinske ierdrykskundige, yn syn De Choreographia út 44 nei Kristus it Lacus Flevo neamd. Oare boarnen sprekke oer Flevum.
Nei de Romeinske Tiid ûntwikkele de Flevomar him troch it ôfbrekken fan de wâlen, ta de Almere, de mar dy't letter de namme oan de stêd Almere jaan soe. Wierskynlik ûntstie yn de Iere Midsiuwen, troch it stigen fan de seespegel en it ôfgraven fan de feangrûnen troch de Friezen yn West-Fryslân, in ferbining troch it Fly tusken de Almere en de Waadsee. Sadwaande ûntstie de Sudersee yn de 13e iuw.
Flevomar wie ek de namme foar de polders fan Noard- en Súd-Flevolân oant it stuit dat dy yn 1957 en 1968 drûchlein wienen en gjin diel mear wiene fan de Iselmar.