Flearmûzen
In flearmûs.
In flearmûs.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
rangleas takson:sekdieren (Scrotifera)
skift:flearmûzen (Chiroptera)
Blumenbach, 1779

De flearmûzen (Latynske namme: Chiroptera) foarmje in grut skift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia). De wittenskiplike namme komt úteinlik fan Grykske cheir-pteron, dat "hân"-"wjuk" betsjut. De namme ferwiist nei de foarpoaten fan de flearmûs, dy't de foarm fan wjukken hawwe. Troch syn teannen (of 'fingers') te bewegen kin de flearmûs sa wier fleane. Flearmûzen libje oeral op 'e wrâld, útsein yn 'e kâldste gebieten.

Taksonomy

De flearmûzen omfiemje likernôch in fyfde fan alle soarten fan de sûchdierren, en foarmje it iennichste skift fan de sûchdierren dat fleane kin. It skift waard opdield yn twa ûnderskiften, de Grutte Flearmûzen (Megachiroptera) en de Microflearmûzen (Microchiroptera). Genetysk ûndersyk tsjut der lykwols op dat dy opdieling net pas is. Der wurdt wurke oan nije taksons dy't de genetyske sibskip better werjouwe, mar fansels binne der ek hjir hieltiid nije fynsten dy't meinaam wurde moatte.

Klassifikaasje

It skift fan de Flearmûzen omfiemet mear as tûzen soarten. Dêrfan binne hjir in lyts oantal werjûn, meast fan soarten dy't yn Fryslân foarkomme of bekend binne, mei de famyljes en skaaien dêr't dy ta hearren.

Bat hanging upside down
  • skift Flearmuzen (Chiroptera)
    • famylje Hoefizernoazefamylje (Rhinolophidae)
      • skaai Hoefizernoasflearmûzen (Rhinolophus)
        • soarte Grutte Hoefizernoas (Rhinolophus ferrumequinum)
        • soarte Lytse Hoefizernoas (Rhinolophus hipposideros)
        • soarte Pearse Hoefizernoas (Rhinolophus euryale)
    • famylje Glêdnoazefamylje (Vespertilionidae)
      • skaai Mûsearflearmûzen (Myotis)
        • soarte Burdflearmûs (Myotis mystacinus)
        • soarte Franjesturt (Myotis nattereri)
        • soarte Ynsnijde Flearmûs (Myotis emarginatus)
        • soarte Langearflearmûs (Myotis bechsteinii)
        • soarte Wetterflearmûs (Myotis daubentonii)
        • soarte Marflearmûs (Myotis dasycneme)
        • soarte Mûsearflearmûs (Myotis myotis)
      • skaai Lytse Flearmûzen (Pipistrellus)
        • soarte Lytse Flearmûs (Pipistrellus pipistrellus)
        • soarte Rûge Lytse Flearmûs (Pipistrellus nathusii)
        • soarte Lytse Alpenflearmûs (Pipistrellus savii)
        • soarte Wytrânige Flearmûs (Pipistrellus kuhlii)
      • skaai Hûsflearmûzen (Eptesicus)
        • soarte Lette Flearmûs (Eptesicus serotinus)
        • soarte Noardske Flearmûs (Eptesicus nilssonii)
      • skaai Twakleurige Flearmûzen (Vespertilio)
        • soarte Twakleurige Flearmûs (Vespertilio murinus)
        • soarte Sineeske Twakleurige Flearmûs (Vespertilio sinensis)
      • skaai Reade Flearmûzen (Nyctalus)
        • soarte Reade Flearmûs (Nyctalus noctula)
        • soarte Boskflearmûs (Nyctalus leisleri)
      • skaai Grutearflearmûzen (Plecotus)
        • soarte Grutearflearmûs (Plecotus auritus)
        • soarte Grize Grutearflearmûs (Plecotus austriacus)
      • skaai Breedearflearmûzen (Barbastella)
        • soarte Breedearflearmûs (Barbastella Barbastellus)
      • skaai Hiersturtflearmûzen (Lasiurus)
        • soarte Grize flearmûs (Lasiurus cinereus)
    • famylje Langwjokfamylje (Miniopteridae)
      • skaai Langwjokflearmûzen (Miniopterus)
        • soarte Langwjokflearmûs (Miniopterus schreibersi)
    • famylje Lossesturtfamylje (Molossidae)
      • skaai Lossesturtflearmûzen (Tadarida)
        • soarte Grutte flearmûs (Tadarida teniotis)


Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.