Fleanende iikhoarntsjes
In "fleanend" iikhoarntsje.
In "fleanend" iikhoarntsje.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha)
famylje:iikhoarntsjes (Sciuridae)
ûnderfamylje:echte iikhoarntsjes (Sciurinae)
tûke:fleanende iikhoarntsjes (Pteromyini)
Brandt, 1855

De fleanende iikhoarntsjes of fleanhoarntsjes (Latynske namme: Pteromyini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en de ûnderfamylje fan 'e echte iikhoarntsjes (Sciurinae). Ta dizze tûke hearre 48 soarten, wêrfan't trije noch mar koartby ûntdutsen binne, ferdield oer fyftjin skaaien yn 2 ûndertûken.

De fleanende iikhoarntsjes binne nachtdieren, dy't benammen yn Súd-, Súdeast- en East-Aazje libje, mei twa soarten yn Noard-Amearika en ien dy't oant yn noardeastlik Jeropa foarkomt. Dizze bisten kinne, oars as dat de namme hawwe wol, net echt fleane, mar se hawwe in losse hûdflap tusken de foar- en efterpoaten dy't se strak lûke kinne troch de poaten te sprieden. Dy hûdflap stelt har by steat om in beskate ôfstân te sweven.

Tûke-opbou

  • tûke fleanende iikhoarntsjes of fleanhoarntsjes (Pteromyini)
    • ûndertûke blaugrize fleanende iikhoarntsjes (Glaucomyina)
      • skaai dwerchfleanhoarntsjes (Petaurillus): 3 soarten
      • skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Nije Wrâld (Glaucomys): 2 soarten
      • skaai Yndonezyske fleanende iikhoarntsjes (Iomys): 2 soarten
      • skaai Yndyske fleanende iikhoarntsjes (Petinomys): 9 soarten
      • skaai Kasjmierfleanhoarntsjes (Eoglaucomys): 1 soarte
      • skaai pylksturtfleanhoarntsjes (Hylopetes): 10 soarten
    • ûndertûke echte fleanende iikhoarntsjes (Pteromyina)
      • skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Pteromys): 2 soarten
      • skaai grutte swarte fleanende iikhoarntsjes (Aeromys): 2 soarten
      • skaai hierpoatfleanhoarntsjes (Belomys): 1 soarte
      • skaai Namdaphafleanhoarntsjes (Biswamoyopterus): 1 soarte
      • skaai Noardsineeske fleanende iikhoarntsjes (Aeretes): 1 soarte
      • skaai oarstoskige fleanende iikhoarntsjes (Trogopterus): 1 soarte
      • skaai reekfleanhoarntsjes (Pteromyscus): 1 soarte
      • skaai reuzefleanhoarntsjes (Petaurista): 11 soarten
      • skaai rotsfleanhoarntsjes (Eupetaurus): 1 soarte
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.