Flavius Aëtius (sa. 391 yn Durostorum, † 21 septimber 454 yn Rome) wie magister militum (heechste befelhawwer) fan it leger yn it West-Romeinske Ryk ûnder keizer Falentinianus III. Hy is benammen bekend wurden troch syn oerwinning op de Hunnen yn de slach op Katalaunyske fjilden.

Famylje en eardere jierren

Aëtius waard berne yn Durostorum yn de Romeinske Moesia Inferior (tsjintwurdich Silistra, Bulgarije), om 390 hinne. Syn heit wie Flavius Gaudentius, in Romeinsk soldaat fan Skytysk komôf;[1] syn mem, har namme is net bekend, wie in rike en aristokratyske frou ôfkomstich út Itaalje.[2] Foar 425 boaske hy de dochter fan Carpilio,[3] dy't him in soan joech, ek neamd Carpilio.[4] Letter troude hy Pelagia, de widdo fan Bonifasius, by har hie hy in soan, Gaudentius. It is mooglik dat hy ek noch in dochter hie, de frou fan Thraustila dy't de dea fan Aëtius' wrake troch Falentinianus III te fermoardzjen.[5]

As bern wie Aëtius diplomatyk gizeler fan de Hunnen. Sa learde hy syn lettere fijannen goed kennen en rekke befreone mei harren lettere kening Rugula. It slagge kening Aëtius om in bûnsmaatskip mei de Hunnen ta stân te bringen. Yn ruil foar frede joech hy de Romeinske provinsje Pannoanje oer oan de Hunnen mei alle jierren in jildskatting.

Aëtius, Bonifatius en Placidia

Aëtius syn earste wapenfeit wie it oanfieren in leger Hunnen yn Itaalje yn 425. Hy stipe de upsurpator Jehannes dy't himsels ta keizer útroppen hie. Lykwols arrivearre Aëtius mei syn leger yn Ravenna trije dagen neidat Jehannes troch it offisjele Romeinske leger ferslein wie en deade. Nei gefjochten hin en wer komt Aëtius ta oerienstimming mei Galla Placidia, de keizer-mem en regintesse fan Falentinianus III; de Hunske hierlingen wurde ôfbetelle en nei hûs stjoerd, en Aëtius krijt de posysje fan magister militum fan it westlike ryk, in posysje mei in protte macht.

Yn Galje wurde troch Aëtius de opstannige Fisigoaten ferslein yn de Slach by Arles en twingt hy se werom te kearen nei harren festigingsgebieten yn Akwitaanje. Hy werstelt de Limes en ferdigenet Norikum tsjin Germaanske ynfallen. Underwillens, wie de comes Bonifasius fan Afrika in ûngenede fallen by Plasidia, wierskynlik as gefolch fan yntriges troch Aëtius en oare Romeinske generaals.

Bonifasius komt yn opstân en lit de Fandalen út Spanje nei Afrika oerkomme. As er yn 432 by Plasidia wer yn de geunst komt wurdt er nei Itaalje roppen en kriget der in hege posysje. Aëtius dy't fan betinken wie dat Plasidia fan him ôf woe, marsjearret mei syn leger op Bonifasius en rekket mei him yn gefjocht yn de slach by Riminy. Dizze slach wurdt troch Bonifatsus wûn, mar hy rekket swier ferwûne en stjert in oantal moannen letter. Aëtius ûntsnapt nei dizze nederlaach nei Dalmaasje en keart mei help fan de Hunnen werom (yn ruil dêrfoar krigen se de Romeinske provinsje Pannoanje) en yn 433 hy er syn machtsposysje werom.

Machtichste Romein fan it Westen

Fan 433 oant 450 wie Aetius de wichtichste persoan fan it West-Romeinske Ryk. Syn polityk is der op rjochte om de Romeinske macht dy't slim te lijen hie fan de ynfallende Germaanske folken te fersterkjen yn de provinsjes Galje en Spanje. Hy hat dêrby te krijen mei diverse opstannen û.o. fan de Germaanske foederati (bûnsmaten) yn it ryk. Yn 435 ferbrekke de Boergonden har ferbûn mei de Romeinen en falle it oanswettende gebiet binnen. As antwurd stjoerd Aëtius in strafekspedysje derhinne dy't haadsaaklik út Hunnen bestiet. By Worms wurde de Boergonden troch dat leger ferneatige en rûge in grut part fan de Boergonden út. It oerbleaune part wurdt yn 443 troch Aetius oerbrocht nei Sapaudy (Savoye). Yn Galje en Spanje ûnderfynt hy fjirders ek in soad problemen mei kloften plonderers, de saneamde Bagaudae. By Valence en Orléans pleatst hy mobile legers.

Nei de dea fan hunnekening Rugula kaam even syn neef Bleda op de troan, mar dizze waard al gau fermoarde en ferfongen troch Attila. Attila ferbruts yn 447 it bûnsmaatskip mei Rome, foel de Balkan binnen en oermastere sechtich stêden. Yn 450 foel Theodosius II, keizer fan it East-Romeinske Ryk fan syn hynder en rekket deadlik ferwûne. Hy wurdt opfolge troch de ûnervaren Marsianus. Oan him wegert Attila skatting te beteljen en yn it easten stiet in nije kriich op in punt út te brekken.

Yn Ravenna waard lykwols de leafde fan Iusta Grata Honoria troch har broer Falentinianus III finzen set. Hja nimt wraak troch harsels oan Attila oan te bieden en nûget him út it westlike ryk foar har te feroverjen. Neffens de skriftlike boarnen soe dat de reden west hawwe dat Attila it westen oanfoel ynstee fan it easten.

Slach op de Katalaunyske fjilden

Aëtius reizget of nei Gallia om in alliânsje fan Hunnen, Gepiden en Ostrogoaten it haad te bieden. Hy ropt dêrby de help yn fan de Germaanske foederatistammen dy't al op Romeinske gebiet ferbleauwen lykas ie de Fisigoaten, Boergonden, Franken en Fandalen. Op 20 septimber 451 wie op de Campus Mauriacus of Katalaunyske fjilden, tichtby Troyes en Châlons-sur-Marne, in grutte fjildslach. De Hunnen koenen mei muoite in nederlaach ûntkomme en de slach einige yn feite sûnder winners. Dan lit Aëtius de Hunnen de ôftocht blazen, mooglik om harren as tsjinwicht tsjin de Germaanske stammen te behâlde kinnen. In beslissing dy't him djoer te stean komme sil om't de Hunnen har yn 452 tsjin Itaalje keare. Aëtius waard letter hjirfoar yn Rome en Ravenna alderlei ferwiten makke.

As yn 453 Attila ferstoar is, is Aëtius syn grutste tsjinstanner kwyt, mar likegoed dé reden dêr't hy foar de keizer ûnmisber wie gie dêrmei ferlern. Yn 454 lit dizze keizer him fermoarde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

fuortnoaten

  1. Aëtius. Catholic Encyclopedia; Dictionary of Greek and Roman Biography and Mythology, vol. 1, side 51; Tirnanog (1997).
  2. Jordanes, Getica, 176; Merobaudes, Carmina, iv, 42-43, en Panegyrici, ii, 110-115, 119-120; Gregorius fan Toers, ii.8; Zosimus, v.36.1; Chronica gallica 452, 100. Siteare yn Jones, side 21.
  3. Carpilio wie comes domesticorum, kommandant fan de keizerlike garde (Gregory fan Toers, ii.8).
  4. Carpilio gie nei Attila foar diplomaatsje (Kassiodorus, Variae, i.4.11) en ferbleau in skoft as gizeler oan har hof (Priscus, fr. 8).
  5. Gregorius fan Tours, ii.8; Priscus, fr. 8; Kassiodorus, Variae, i.4.11; John of Antioch, fr. 201.3 en 204; Marsellinus comes, s.a. 432; Sidonius Apollinaris, Carmina, v.205; Hydatius, 167; Merobaudes, Carmina, iv (gedicht makke foar de earste jierdei fan Gaudentius); Additamenta ad chron. Prosperi Hauniensis, s.a. 455 (only source to cite Thraustila as son-in-law of Aëtius). Siteare yn Jones, p. 21.

Literatuer

  • Edward James, De Franken, Baarn, 1988, siden 63-66, 93.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.