In flammewerper of flammesmiter is in wapen besteand út in apparaat dat brânende gassen of floeistoffen yn in tige lange stekflam produsearret ûnder hege druk. De measte flammewerpers binne draachber.
Skiednis
As in iere foarrinner fan de flammewerper kin it Gryksk fjoer beskôge wurde dat de Byzantijnen brûkten. De moderne flammewerper waard yn 1907 troch de Prúsyske brânwachtkommandant Bernhard Reddemann yn de Fêsting Poznan út in brânspuit makke. Syn foarnaamste fining wie de gearstalling fan it brânbere mingsel. In oare Dútser, Richard Fiedler, fûn tagelyk earne oars yn Dútslân itselde út. [1]
It apparaat waard foar it earst op gruttere skaal brûkt yn de Earste Wrâldoarloch. It Dútske leger yntrodusearre it wapen yn 1915 oan it westlik front. De alliearden brochten al gau har eigen ferzjes op it slachfjild.
Yn de Twadde Wrâldoarloch waarden se op noch gruttere skaal as taktysk belegeringswapen tsjin fêstingwurken ynset. Yn 1939 sette de Wehrmacht foar it earst draachbere flammewerpers yn tsjin it Poalske postkantoar yn Danzig. Dêrnei yntrodusearre it Amerikaanske leger yn 1942 syn eigen draachbere flammewerper.
Gebrûk
Meastal wurdt de flammewerper brûkt by it ynnimmen fan fersterke stellingen as bunkers, rinfuorgen en mitrailleursnesten. De flammewerper is behalve gefaarlik foar de tsjinstanner ek gefaarlik foar de drager. In treffer mei ienfâldige ynfanterymunysje yn 'e brânstoftank kin it apparaat ûntploffe litte. Boppedat sil de drager faak syn beskutte posysje ferlitte moatte om it doel ticht genôch te tichterby te kommen om effektyf te wêzen. De kwetsberens fan ynfanteristen mei flammewerpers op de rêch laten ta eksperiminten mei op tanks montearre flammewerpers (flame tanks), dy't troch in soad lannen brûkt waarden.
Njonken militêre tapassings wurde flammewerpers ek tapast yn fredestiid dêr't kontrolearre ferbrâning nedich is, lykas by de sûkerreidrisping en lânbehearstaken lykas boskbrannen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Flamethrowers fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |