De Fjoertoer fan Harns of Harnzer fjoertoer is de fjoertoer dy't oan de haven fan de stêd Harns stiet. It ljocht fan de fjoertoer waard yn 1998 definityf útdien. De fargeulen en havenmûning wienen oanpast wêrtroch't de fjoertoer nei 75 jier syn funksje ferlear. De fjoertoer is tsjintwurdich partikulier besit en it ienige ienkeamerhotel fan de Benelúks.
- Boud: 1920-1922, Arsjitekt: C. Jelsma.
- Restaurearre: 1998-1999, Arsjitekt: B. Pietersma.
- Heechste útsjochpunt: 24 meter boppe gemiddeld heechwetter.
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.