De fjirde wand is in begryp út it aktearjen wêrmei't de foarkant fan it toaniel oantsjut wurdt. De earste trije wanden binne de sydkanten en de efterkant fan it toaniel. De 'fjirde wand' bestiet net, om't it publyk yn 'e skouboarch dan de akteurs net sjen kinne soe. Mar de akteurs beare dat der oan 'e foarkant fan it toaniel in muorre is, en dat se dêrtroch it publyk net sjen kinne. De fjirde wand is dus eins in trochsichtigen-ien, dy't it publyk by steat stelt om nei it toanielstik te sjen, wylst foar de personaazjes dy't troch de akteurs spile wurde, it publyk ûnsichtber bliuwt.

De fjirde wand waard foar it earst beskreaun troch de Frânske filosoof en keunstkritikus Denis Diderot, yn syn Discours sur la Poésie Dramatique, út 1758. Fan 'e yntree fan it naturalisme ôf, yn 'e njoggentjinde iuw, waard it lykwols pas gebrûklik om it konsept fan 'e fjirde wand ta te passen. Der waard fan dy tiid ôf nammentlik besocht in sa libbensecht mooglike foarstelling te meitsjen, û.m. troch skildere dekôrdoeken te ferfangen troch trijediminsjonale dekôrstikken op it poadium. Ek oan 'e manear fan sprekken waarden doe dingen feroare. Earder wie it foar de akteurs wizânsje om nei it publyk ta te spyljen en dêrby harren teksten foar te dragen. Neitiid waard keazen foar in oare oanpak, wêrby't de oanwêzigens fan it publyk negearre waard en akteurs tsjin inoar sprieken. Troch de yntroduksje fan elektryske ferljochting waard de fjirde wand foar de akteurs it stik makliker op te bouwen, om't se doe troch it frontljocht út 'e seal it publyk dochs al amper mear gewaarwurde koene.

De fjirde wand wurdt yn oerdrachtlike sin ek brûkt by oare foarmen fan fiksje, lykas literatuer, film, tillefyzje, harkspullen, strips en kompjûterspultsjes. Yn dy kontekst komt de fjirde wand benammen op 't aljemint as er 'trochbrutsen' wurdt. Mei dat 'trochbrekken fan 'e fjirde wand' wurdt in stylfoarm oantsjutten wêrby't in personaazje ynienen, om samar te sizzen, út it ferhaal stapt troch him direkt ta it publyk te rjochtsjen. Dêrmei wurdt ymplisyt erkend dat de realiteit dy't oproppen waard troch de oanbelangjende foarm fan fiksje mar in yllúzje is. It trochbrekken fan 'e fjirde wand is in foarm fan ferfrjemding, en wurdt yn sokke gefallen faak brûkt foar it komyske effekt dat it jaan kin.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.