Fiversburch (offisjele namme Vijversburg) is in bûten ûnder Tytsjerk by Swarteweisein. It hûs oarspronklike hûs waard ein 17e of begjin 18e iuw boud. It foel doe ûnder Ryptsjerk, mar kaam yn 1970 by Tytsjerk doe't de rykswei Ljouwert-Grins (Grinzer Strjitwei) de grins tusken dy twa doarpen waard.
Skiednis
Yn 1808 kocht de begoedige Age Looxma dit bûten. Syn dochter Baudina boaske dokter Nicolaas Ypey. Se krigen in soan, Age Looxma-Ypey dy't frijfeint bleau en yn syn testamint út 1892 bepaalde dat syn totale besit dat rûsd waard op mar leafst fl. 1.500.000,-, ûnderbrocht wurde soe yn in stifting. De wichtichste bepaling yn it testamint wie wol dat "âldere behoeftigen út de doarpen Ryptsjerk, Tytsjerk en Hurdegaryp yn 20 te bouwen wenningen harren âldedei trochbringe meie". Oant hjoed-de-dei binne de huzen bewenne. Om't de oerheid no de soarch foar de âlderein op him naam hat, binne it net mear allinnich âlden fan dagen dy't der wenje meie, mar wurde de wenningen normaal ferhierd troch de trije reginten dy't it behear útoefenje oer de "Stifting op Toutenburch" yn Swarteweisein.
Om 1964 hinne kaam Hector Baerdt van Sminia (sjoch ek De Klinze yn Aldtsjerk), troud mei Taetske Hempenius, op Vijversburg te wenjen. Hy wie regint fan de Stichting Op Toutenburg en ek foarsitter fan it Frysk Hynste Stamboek. Yn de lêste desennia fan de 20e iuw waard Fiversburch ferhierd as fakânsjeferbliuw oan de International Police Association.
Bosk fan Ypey
It park fan it bûten is bekend as de bosk fan Ypey. Ek dit is besit fan de Stichting op Toutenburch. It âlde part fan it park is oanlein troch Lucas Pieters Roodbaard. Yn it park stiet in fraaie teekoepel, dy't geregeldwei troch byldzjende keunstners brûkt wurdt, en hat in grot en in oranzjery.
Der wurde geregeld tentoanstellings holden yn it park. It is de bedoeling om der in grut keunstpark fan te meitsjen. Op 18 maart 2005 waard de nije tagongspoarte iepene. Omdat it park doe ek fergrutte wie, hjit it no Grut Fiversburch. Yn 2014 waard út ein set mei it gergrutsjen fan it park (nei 30 ha.), ûnder oare mei in besikerssintrum neffens in ûntwerp fan Junya Ishigami en Studio MAKS, en in ekstra yngong út rekreaasjegebiet De Groene Ster wei.