In fisknet of net is in fleksibele konstruksje fan touwurk dy't yn 'e fiskerij brûkt wurdt om fisk yn te fangen. It basismateriaal foar it meitsjen fan in net is tou, tsjintwurdich faak fan nylon makke, dat ta in beskate mêskwiidte knope is. Netten wurde tsjintwurdich faak masinaal makke, mar eartiids moasten se knoop foar knoop mei de hân makke wurde, wat in tige tiidrôvend putsje wie. It meitsjen fan in nij fisknet wurdt 'breidzjen' neamd. In grut part fan 'e tiid fan fiskers gie foarhinne ek op oan it reparearjen fan besteande netten, it boetkjen.
In mêsk of mesk is de beneaming foar de gatten tusken de touwen fan it net, dy't bedoeld binne om it wetter fuortstreame te litten, om't it opheljen fan in ticht net troch it gewicht fan it wetter ûndwaanber wêze soe. Troch de mêsken kinne lykwols ek fisken fuortswimme dy't lytsernôch binne om dêrtrochhinne te passen, dus wat lytser de mêskwiidte, wat lytser de fisken dy't fongen wurde. De grutte fan 'e brûkte mêskwiidte en de grouwens of finens fan it tou kin sterk fariëarje, fan mar in pear milimeter oant ferskate desimeters, ôfhinklik fan 'e soarte fisk dêr't op fiske wurdt. As it in net skansearre rekket sadat twa of mear mêsken mei-inoar in gat yn it net foarmje, sprekt men fan mêskbrek.
Der besteane ferskate soarten netten, dy't lykwols allegear ûnderbrocht wurde kinne yn twa haadkategoryen: steande netten (foar passyf gebrûk) en sleepnetten of treilen (foar aktyf gebrûk). Steande netten wurde op in beskaat plak útset yn 'e see of in binnenwetter. Bekende types binne de hjerringfleet, dy't as in soarte fan grut gordyn yn 'e see stiet, en de fûke, dat in rûne, ôfsletten fâle fan netten is. Sleepnetten wurde efter de fiskersboat oan of dernjonken troch it wetter sleept. Ek kin it wêze dat in fisker in lyts sleepnet fan it strân ôf útsmyt yn 'e see en it dan mei in tou wer nei him ta lûkt. In sleepnet liket sterk op in fûke yn 'e sin dat fisken deryn fêst komme te sitten trochdat se yn in trachterfoarmich net bedarje dêr't se gjin útwei mear út fine kinne. By in hjerringfleet swimt de fisk him fêst yn it net trochdat er efter syn kiuwdeksels yn 'e mêsk heakjen bliuwt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|