Fiskersmonumint Moddergat
Fiskersmonumint Moddergat

It Fiskersmonumint Moddergat is in út basaltblokken oplutsen mitsele monumint op de seedyk by Peazens-Moddergat as neitins oan de ramp dy't barde yn de nacht fan 5 op 6 maart 1883, doe't de fiskersfleat fan it twillingdoarp yn in swiere stoarm fergie.

Unthulling

It ienfâldige graniten tinkteken waard op 6 maart 1958 troch de Fryske kommissaris fan de Keninginne mr. H.P. Linthorst Homan ûnthuld. By de ûnthulling giselden stoarmfleagen en heilbuoien de mannichte en wie de loft boppe see griis en bartsk. De tekst op de stien is gearstald troch Douwe Tamminga.


Tekst monumint
A.D. 1883 stieken fan dit
plak 109 fiskers mei 22
skippen yn sé. Yn in swiere
stoarm binne 83 man
en 17 skippen bleaun.

As de dea it skip berint,
Dan is der gjin ûntkommen.
O wetter, o wif elemint!
De sé hat jown, hat nommen.

1883 - 6 maert – 1958
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.