Fishing Station Reservaat 62A Fishing Station 62A Reserve | ||
polityk | ||
haadplak | n.f.t. | |
stamme | Birdtail Sû Earste Naasje Canupawakpa Dakota Naasje Sioux Valley Dakota Naasje | |
lân | Kanada | |
provinsje | Manitoba | |
sifers | ||
ynwenners | – (ûnbewenne) | |
oerflak | 65 ha | |
bef.tichth. | 0 / km² | |
oar | ||
stifting | 1894 | |
tiidsône | UTC-6 | |
simmertiid | UTC-5 | |
kaart | ||
Lizzing fan it reservaat yn Manitoba.
|
It Fishing Station Reservaat 62A (Ingelsk: Fishing Station 62A Reserve) is in Yndianereservaat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Manitoba. It leit goed 68 km súdwestlik fan 'e stêd Dauphin, deun tsjin 'e súdgrins fan it Nasjonaal Park Riding Mountain oan, op 50°73′61″ noarderbreedte by 100°70′15″ westerlingte.
Fishing Station is mar 65 ha grut, en waard yn 1894 stifte as in plak dêr't (sa't de namme al seit) beskate stammen fiskrjochten hiene. Hjoed de dei wurdt it reservaat dield troch trije pleatslike Dakota-stammen, de Birdtail Sû Earste Naasje, de Canupawakpa Dakota Naasje en de Sioux Valley Dakota Naasje, dy't ek alletrije harren respektivelike eigen, gruttere reservaten hawwe, dy't foar bewenning bedoeld binne. Yn it Fishing Station Reservaat wennet nimmen.