In finger is in útstekkend part fan de hân fan in minske of de foarpoat fan guon bisten. De hân fan in minske hat ornaris fiif fingers, tomme, wiisfinger, mulfinger, ringfinger en pinke. Mei twa hannen hat in minske tsien fingers.
1. tomme |
Bou
Fjouwer fan de fingers lizze njonken elkoar, en hawwe trije keatsjes. De tomme stiet los fan de oare fingers en hat mar twa keatsjes. De fingers mei trije keatsjes kinne foar grip brûkt wurde, om dy altiten om rannen hinne bûchd wurde kinne. Dat jildt foar in tomme net, mar dy kin sa draaid wurde dat dy tsjin de oare fingers oer komt te stean. Trochdat de sterkste spieren fan de fingers de tomme dan tsjin de oare fingers oan drukke kin, kin in minske sa maklik saken oppakke en fêsthâlde.
Fingernammen
De fingers hawwwe yn de bernewrâld ek Fryske nammen, lykas fan pink nei tomme:
- lytse pink, gouden ring, âldemoer(beppe), poatsjeslikker, luzeknipper
of oars, fan tomme nei pink:
- Tûmke, Filemûmke, Klaas Hamke, Piter Tsjamke, Lytse poes
en ek wol:
- Dy hat yn de sleat sitten, dy hat him derút holpen, dy hat him in skjin himd oan dien, dy hat him op bêd lein en dy hat him goenacht sein. Ek fariaasjes komme foar.
Keppeling om utens
- Wikiwurdboek-side - finger
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|