In filmhûs, ek filmteäter neamd of mei in Ingelske term arthouse, is in iepenbiere útgeansgelegenheid fan beskieden grutte dy't him taleit op it fertoanen fan films. It ferskil mei in bioskoop is dat in filmhûs oer it algemien gjin winsteachmerk hat. Mei oare wurden: wylst in bioskoop jild fertsjinje wol oan syn klandyzje, hoecht in filmhûs inkeld kyt te spyljen. Oars as bioskopen, dy't wurknimmers yn 'e tsjinst hawwe oan wa't se in salaris betelje moatte, wurde filmhuzen dan ek almeast eksploitearre troch frijwilligers, dy't harren frije tiid dêroan besteegje út leafhawwerij foar de filmkeunst.
De folle legere kosten dy't dêrtroch mei de eksploitaasje fan in filmhûs mank geane, stelle sokke ynstellings yn 'e gelegenheid om films te fertoanen bûten it reguliere kommersjele oanbod om. Dat wol sizze: de films dy't yn filmhuzen draaie, lûke ornaris in folle minder grut publyk as mainstreamfilms, en binne dêrom net daliks ynteressant foar bioskopen. It giet by it filmoanbod fan filmhuzen foar in grut part om ûnôfhinklike films mei in artistyk of eksperiminteel karakter, dy't mei in lyts budget makke binne. Sokke films wurde dêrom ek wol filmhûsfilms of arthousefilms neamd. Dêrnjonken fertoane filmhuzen ek films út lannen dêr't de bioskopen (dy't grutdiels films út Nederlân en Ingelsktalige lannen draaie) gjin belangstelling foar hawwe, lykas Finske, Yndiaaske of Sineeske films, en soms ek filmklassikers út 'e 'âlde doaze'.
In bekend filmhûs yn Fryslân is Slieker Film yn Ljouwert, dat yn 'e kelder fan Stedsskouboarch De Harmony fêstige is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |