Filmfestival fan Zürich
Zurich Film Festival
plak en tiid
lân Switserlân
kanton Zürich
plak Zürich
tiid fan it jierseptimber
bysûnderheden
ôfkoartingZFF
soarte evenemintfilmfestival
bestean2005 – no
offisjele webside
zff.com

It Filmfestival fan Zürich (offisjele, Ingelsktalige namme: Zurich Film Festival), ôfkoarte ta ZFF, is in filmfestival dat elts jier yn septimber yn 'e Switserske stêd Zürich holden wurdt. It evenemint waard yn 2005 oprjochte troch Nadja Schildknecht, Karl Spoerri en Antoine Monot jr. It Filmfestival fan Zürich wurdt organisearre troch de Zurich Film Festival AG en de Spoundation Motion Picture AG y.g.m. ferskate pleatslike ynstellings en sponsors.

It wichtichste útgongspunt fan it Filmfestival fan Zürich is om in platfoarm te bieden foar opkommende filmmakkers fan oer de hiele wrâld. De foar it festival selektearre films wurde ferdield oer trije kategoryen mei in kompetatyf karakter:

De bedoeling om nije filmmakkers in opstapke te bieden, komt dêrby ta utering trochdat allinne de earste trije films fan eltse filmmakker talitten wurde.

Yn it ramt fan it Filmfestival fan Zürich fine njonken de fertoaning en beoardieling fan films ek ferskate oare eveneminten plak dy't ferbân hâlde mei de filmyndustry. Foarbylden binne de ZFF Masterclass en de ynternasjonale Top fan Zürich, dy't it festival ta in moetingplak makke hawwe foar filmprodusinten en filmdistributeurs fan oer de hiele wrâld.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.