Filmfestival fan Tribeca Tribeca Film Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | New York (steat) | |
gemeente | New York (stêd) | |
plak | Manhattan | |
holden yn | Tribeca | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | TFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
sjenre | ûnôfhinklike films | |
bestean | 2002 – no | |
oprjochter | Jane Rosenthal Robert De Niro Craig Hatkoff | |
org. troch | Tribeca Enterprises | |
offisjele webside | ||
tribecafilm.com/festival |
It Filmfestival fan Tribeca (Ingelsk: Tribeca Film Festival) is in Amerikaansk filmfestival foar ûnôfhinklike films, dat ien kear yn it jier holden wurdt yn Tribeca, in buert yn súdlik Manhattan, dat in borough fan New York is. It evenemint waard yn 2002 oprjochte troch filmprodusinte Jane Rosenthal, de ferneamde akteur Robert De Niro en harren sakepartner Craig Hatkoff. Sûnt de oprjochting is it Filmfestival fan Tribeca útwoeksen ta in foaroansteand barren op it mêd fan ûnôfhinklike films, dêr't filmmakkers wurk fan alle sjenres útbringe kinne oan in breed publyk.
Yngeandere beskriuwing
Op it Filmfestival fan Tribeca wurdt in breed ferskaat oan ûnôfhinklike films sjen litten, sawol út 'e Feriene Steaten as út it bûtenlân. Dêrûnder binne spylfilms, dokumintêres en koarte films. Der is ek in programma spesjaal foar famyljefilms. Yn 2007 waarden mear as 8.600 films foar it festival oanmelden, en waarden yn it ramt fan it festival mear as 1.500 filmfertoanings holden. Dêrnjonken omfiemet it Filmfestival fan Tribeca ek foar it publyk tagonklike fraachpetearen en diskusjes mei filmmakkers en akteurs, en in muzyklounge dêr't artysten harrensels presintearje kinne. Foar dat lêste ûnderdiel wurket it festival gear mei de Amerikaanske muzykorganisaasje ASCAP. Op it festival wurde fierders ferskate prizen útrikt. It Filmfestival fan Tribeca lûkt jiers sa'n 3 miljoen besikers en hat in opbringst fan likernôch $600 miljoen.
Skiednis
It Filmfestival fan Tribeca waard yn 2002 oprjochte troch filmprodusinte Jane Rosenthal, akteur Robert De Niro en makeler en filantroop Craig Hatkoff. De oanlieding dêrfoar soene de terroristyske oanslaggen fan 9/11 op it World Trade Center yn New York west hawwe, dy't yn 'e buert Tribeca, yn it súdlike diel fan Manhattan, ta in tebekgong yn wurkgelegenheid en leefberheid laten. (Nettsjinsteande dy offisjele ferzje fan 'e ûntsteansskiednis fan it filmfestival binne der berjochten dat de oprjochting al foar de oanslaggen fan 9/11 taret waard.)
De earste edysje fan it festival waard yn 2002 holden mei de help fan mear as 1.300 frijwilligers, ûnder wa de bekende regisseur Martin Scorsese, en waard besocht troch mear as 150.000 minsken. Under de films dy't dêr foar it earst fertoand waarden, wiene About a Boy, Divine Secrets of the Ya-Ya Sisterhood, Insomnia, The League of Extraordinary Gentlemen en Star Wars Episode II: Attack of the Clones.
De twadde, útwreide en mear profesjonele edysje fan it Filmfestival fan Tribeca, yn 2003, waard besocht troch mear as 300.000 minsken. Ein 2003 kocht De Niro it gebou op 54 Varick Street oan, dêr't in resint opdoekt filmhûs fêstige wie. Hy liet de saak renovearje ta de Tribeca Cinemas, dy't yn folgjende jierren ien fan 'e wichtichste lokaasjes foar it filmfestival waarden. Sawol it festival as de Tribeca Cinemas waarden datselde jiers ûnderbrocht by Tribeca Enterprises, in mediabedriuw dat ek de filmstudio TriBeCa Productions fan De Niro en Rosenthal omfettet. Yn 2006 wreide it Filmfestival fan Tribeca út oant it lokaasjes yn hast hiel Manhattan besloech, dêr't mear as 1.000 filmfertoanings holden waarden. Ynternasjonaal begûn dat jiers de gearwurking mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Rome.
Yn 2009 waard Rosenthal, Hatkoff en De Niro yn Barron's Magazine it fjirtjinde plak taparte op in list fan 'e 25 grutste filantropen fan 'e wrâld, omreden fan harren belangeleaze help by de weropbou fan 'e ekonomy fan Tribeca nei de oanslaggen fan 9/11. Sûnt 2010 wurdt it Filmfestival fan Tribeca troch Tribeca Enterprises eksploitearre as in ûndernimming. Op 'e edysje fan 2011 waard foar de earste kear ek in fideospultsje yn 'e programmearring opnommen, nammentlik L.A. Noire. Sûnt jannewaris 2016 stiet Andrew Essex as algemien direkteur fan Tribeca Enterprises oan it haad fan 'e organisaasje fan it filmfestival.
Prizen
Op it Filmfestival fan Tribeca wurde de folgjende prizen útrikt:
- Amerikaanske ferheljende kompetysje
- bêste Amerikaanske ferheljende lange film
- bêste akteur yn in Amerikaanske ferheljende lange film
- bêste aktrise yn in Amerikaanske ferheljende lange film
- bêste kamerarezjy fan in Amerikaanske ferheljende lange film
- bêste senario fan in Amerikaanske ferheljende lange film
- ynternasjonale ferheljende en net-ferheljende kompetysje
- bêste ferheljende lange film
- bêste nije ferheljende filmmakker
- bêste akteur yn in ferheljende lange film
- bêste aktrise yn in ferheljende lange film
- bêste montaazje fan in ferheljende film
- bêste lange dokumintêre
- bêste nije dokumintêremakker
- bêste montaazje fan in dokumintêre
- bêste kamerarezjy
- bêste senario
- bêste ferheljende koarte film
- bêste koarte dokumintêre
- bêste koarte animaasjefilm
- spesjale prizen
- fyzjonêre priis foar filmstudinten (Student Visionary Award)
- Nora Ephron-priis
- Storyscapes Award
Foar in folsleine list mei winners fan dizze prizen, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|