Filips de Goede

Filips de Goede, ek wol neamd Filips III fan Boergonje (Dijon, 31 july 1396 - Brugge, 15 juny 1467) wie hartoch fan Boergonje fan 1419 oant syn dea. As lânshear fan Greefskip Flaanderen, Hartochdom Brabân, Greefskip Namen, Greefskip Hollân, Hartochdom Limburch hat hy de basis lein fan de naasjefoarming yn de Nederlannen. Hy hat ek in koarte tiid Greve west fan Charolais. Filips is de stifter fan de Oarder fan it Gulden Flues.

Libben

Nei de dea fan syn heit, Jan sûnder Eangst folge Filips him op yn it Hartochdom Boergonje en yn de greefskippen Flaanderen en Arteezje. Hy waard ek baas fan it greefskip Namen yn 1429, de hartochdommen Braban en hartochdom Limburch troch erfopfolging fan Filips fan Saint-Pol (1430) Greefskip Hollân, Greefskip Seelân en Greefskip Henegouwen yn 1433 en yn 1451 hartochdom Lúksemboarch. (1451)

Nei de moard op syn heit woe hy net al te folle te krijen hawwe mei [Frankryk]. Hy begûn nei de grutte ekspânsje fan syn ryk him te rjochtsjen op de ynterne konsolidaasje fan al dy gebieten. Yn syn rol as hear fan de Nederlânske gewesten fierde hy in soad herfoarmingen yn dy’t it bestjoer oer syn gebieten makliker meitsje moasten. Hy begûn mei de ynfiering fan in sintraal bestjoer foar alle Nederlânske gewesten en ek in sintrale rjochtspraak fierde hy yn. Tink oan de grutte ried fan Mechelen. Ek fierde Filips de goede in sintrale ining fan belestingen yn, dit yn de foarm fan ien inkele jildsom foar it hiele gebiet. Hoe oft dit opbrocht wurde moast, moasten sy sels beslute troch in goeie ferdielssleutel te meitsjen. Om dit oerlis mooglik te meitsjen waard troch Filips de Steaten-Generaal oprjochte. Dizze Steaten-Generaal waard foar it earst oproppen yn 1464 yn Brugge. Dizze maatregels mei al dy sintrale ynstellingen fan Filips lei de basis foar de Nederlannen as lân. De gewesten waarden konfrontearre mei it feit dat se mienskiplike belangen hienen omdat se ien foarst hienen.

By de earste gearkomst fan de Steaten-Generaal waard it regintskip besprutsen. Filips woe graach op krústocht. Mar yn 1465, foardat hy fuort soe, sakke hy fuort yn gekte en syn soan Karel de Stoute naam doe de touwen yn hannen.

Famylje

Filips de Goede wie de soan fan Jan sûnder Eangst en Margareta fan Beieren-Straubing en troude trije kear.

Earste houlik mei Michelle fan Falois (1395-1422),
Twadde houlik mei Bonne fan Arteezje (1396-1425),
Tredde houlik op 7 jannewaris 1430 te Sluis mei Isabella fan Portegal. Sy krigen ien bern: Karel de Stoute (1433-1477).

Filips hie 30 erkende mêtressen en 18 bûtenechtlike bern

  • Korneille fan Boergonje (± 1420 - 1452), ek wol neamd as Knillis fan Beveren, ferstoarn by de slach fan Bazel (1452);
  • Antoine fan Boergonje (1421 - 5 maaie 1504), greve fan La Roche, Sainte-Menehould, Guînes, hear fan Crèvecoeur en Beveren;
  • David fan Boergonje, (± 1427 - 1496) dy’t bisskop fan Utert waard;
  • Anna fan Boergonje (± 1435 - 1508), gûvernante fan Marije fan Boergonje, troude mei Adriaan fan Borssele en letter mei Adolf fan Kleef-Ravenstein;
  • Rafael fan Boergonje ek wol neamd as Rafael de Marcatellis, (± 1437 - 1508), abt fan de Sint-Baafsabdij yn Gint en fan de Sint-Pitersabdij te Aldenburch;
  • Boudewyn fan Boergonje (± 1446 - 1508), hear fan Fallais, Peer, Boudour, Sint-Annaland, Lovendegem, Zomergem en Fromont;
  • Filips fan Boergonje (1464 - 1524), Biskop fan Utert

Antoine en Corneille soenen syn leavelingsbasterds west hawwe. Sy droegen (earst Corneille, dan Antoine) de titel fan Grut basterd fan Boergonje.

Wapenskyld fan Filips de Goede nei 1430

Bûtenlânse polityk

Diplomatyk gie Filips de Goede folle foarsichtiger te wurk as syn heit Jan sûnder Eangst of syn soan Karel de Stoute. Hy makke handich gebrûk fan de twastriid tusken Ingelân en Frankryk yn de tiid fan de Hûndertjierrige Oarloch. Mar hy woe him net echt minge yn it konflikt. Yn in kampanje tsjin Compiegne arrestearre hy Jeanne d’Arc, dy’t hy útlevere oan de Ingelsen. Uteinlik twong hy yn 1435 de Frânske kening ta in frede my de namme Frede fan Atrecht. Yn 1436 beslute hy ta in belis fan Calais om dizze stêd fan de Ingelsken ôf te pakken. Mar dit mislearre. Syn fierdere ekspânsjepolityk wie foaral basearre op erfenissen en it opkeapjen fan titels.

Rykdommen fan it hof

It Boergondyske ryk omfette de tichtbefolke en it rykste gebiet fan West-Jeropa. Net tafallich liet Filips de Goede him dan ek neame "grand duc d'occitaine" (grutte hartoch fan it westen). Hy joech hjir hiel dúdlik mei oan dat hy ûnôfhinklik wie fan Frankryk. Hoewol't de boargers yn de stêden mear en mear privileezjes krigen en mear ekonomyske macht, profitearre de aristokrasy op wielderige manier mei fan de rykdom fan it hof. Dat utere him yn grutte útjeften om klean en keunstfoarwerpen te keapjen. It skynt sels sa te wêzen dat oan it hof fan Filips de Goede yn de perioade 1444-1446 oant 2 persint fan ynkomstenbegrutting spandearre is oan de oankeap fan goud beklaaide stof en side. De Oarder fan it Gouden Flues wie ferneamd om de grutte feesten. Filips boude skitterjende paleizen lykas Coudenberg yn Brussel, Palais de ducs yn Dijon. Filips de Goede fûn in tapijt moaier mar ûnder syn bewald berikte de skilderkeunst in toppunt mei masters lykas Van Eyck en Rogier van der Weyden. De Boergondyske skoalle ûntstie út in elite fan musisy Gilles Binchois, Robert Morton en letter Guillaume Dufay dy’t allegear tsjinnen yn de hofkapel fan de hartoggen.

Filips de Goede op in miniatuur skildere troch Rogier van der Weyden

Dea en begraafplak

Filips de Goede ferstoar yn Brugge op 15 juny 1467. De hiele stêd wie yn djippe rou. In roustoet en 20.000 taskôgers soenen him begeliede nei de Sint-Donaas katedraal wêr't hy seremonieel te hof brocht is. Yn 1467 besliste Karel de Stoute om it stoflik omskot fan syn heit nei syn útdruklike winsk oer te bringen nei it paleis fan de hartoggen fan Boergonje yn Dijon. Inkel it hert en de yngewanten, dy’t al apart bewarre wienen binne efterbleaun yn Brugge.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.