De Fiif speesjen (Nederlânsk: Vijf speciën) wie in belesting dy’t yn 1637 yn Fryslân ynfierd waard nei Hollânsk model; it wie in gearfoeging fan in oantal al besteande belestingen. De fiif speesjen wienen:
- It haadjild, wie in belesting foar begoedigen;
- It Hurdsteejild of skoarstienjild, in belesting heft op grûnslach fan it tal skoarstiens;
- It hoarnjild, belesting op basis fan it tal kij;
- It hynstejild; belesting op it tal hynders
- It middel op besiedde lannen.
De fiif spesiën waarden yn it earstoan ferpachte, dat wol sizze dat dejinge dy’t it measte biede it rjocht fan ynjen krige. It pachtersoproer hie fan gefolgen dat de wize fan barren yn 1748 feroare waard,; it waard doe troch oanstelde ûntfangers bard. De oanslaggen waarden registrearre yn de saneamde spesykohieren.
Ek de yndirekte belestings en aksynzen waarden wol speesjen fan konsumpsjemiddelen neamd. Sa komme as Fiif speesjen ek de aksynzen op wyn, brandewyn, bier, turf, bisten en sâlt foar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Schoorsteengeld. |