De Fetkeapers wienen in partij yn Fryslân en Grins yn de 14e en 15e iuw. Harren namme wurdt yn ferbân brocht mei de kleasteroarder fan de Norbertinen, dy’t fetweiders west hawwe soenen. Yn 1394 is foar it earst sprake fan de "fette partij".
De Fetkeapers hienen de oerhân eastlik fan de Middelsee (Dokkum, Ljouwert, Grinslân, East-Fryslân) en wienen soms ree om Hollânsk gesach te erkennen (1398, 1470). By de ûnderwerping oan Albrecht fan Saksen wienen de Fetkeapers de ûnderlizzende partij, dy’t help socht by Karel fan Egmond.
Sjoch ek
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.