In fetisj is in foarwerp dat troch in sjamaan makke is út stoffen dêr't in grutte krêft oan takend wurdt, mei it doel it in spesifike krêft te jaan om it kwea tsjin te hâlden, of it goede te bringen, of eat spesifyks ta stân te bringen.
In fetisj wurdt as tige krêftich beskôge, mei in gruttere krêft as dy fan in talisman of in amulet. Oars as by in talisman of in amulet hoecht in fetisj net droegen te wurden. Dat soe in guon gefallen ek net kinne, om't fetisjen dy't gâns in doarp beskermje moatte foar dy grutte krêft ek in grutte foarm krije, bygelyks bulten of peallen by de tagongen ta it doarp. Dochs kin ek de krêft gearbrocht yn in lytse fetisj sa grut wêze dat dy taboe is foar eltsenien útsein de eigner.
De fetisj kin lykas in talisman in ôfbylding wêze, mar dat is net wichtich foar de funksje. Fetisjen komme fral foar by fetisjisme yn natoerreligys, benammen yn West-Afrika. Ferskate oare religys hawwe lykwols ek stadia hân dêr't bygelyks ferhoalen godsbyldsjes doarpen of oare plakken beskermje moasten.
It wurd fetisj is fia it Frânske fétiche en it Portegeeske feitiço ôflaat fan it Latynske wurd facticius, dat "keunstmjittich of makke" betsjut.