De Fesuvius.

De Fesuvius is in fulkaan oan de westkust fan Itaalje súdeastlik fan Napels. De namme "Fesuvius" komt fan it Oskyske "fesf", dat 'reek' betsjut. De fulkaan leit yn de flakte fan Kampaanje, hat in trochsneed fan 8 kilometer en is 1281 meter heech. De Fesuvius is in stratofulkaan; strato- komt fan stratum, Latyn foar 'leech'. In stratofulkaan bestiet út in ôfwikseling fan lagen jiske en lava, dy't yn de twa stadia fan in útbarsting fan dit type fulkaan foarme wurde.

De Fesuvius is ien fan de 16 Decade Volcanoes dy't oanwiisd binne troch de IAVCEI yn ferbân mei har skiednis fan grutte útbarstings en de tichteby lizzende bewenne gebieten.

Sûnt 1995 is de Fesuvius (mei omkritenen) beskerme as Nasjonaal park Fesuvius.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.