Festival foar Amerikaanske Films fan Deauville
plak en tiid
lân Frankryk
regio Normanje
departemint Calvados
plakDeauville
bysûnderheden
ôfkoartingFCAD
soarte evenemintfilmfestival
sjenreAmerikaanske films
bestean1975 – no
offisjele webside
festival-deauville.com

It Festival foar Amerikaanske Films fan Deauville (Frânsk: Festival du Cinéma américain de Deauville; Ingelsk: Deauville American Film Festival) is in Frânsk filmfestival, dat elts jier holden wurdt yn Deauville, yn 'e regio Normanje. It evenemint is tawijd oan 'e filmyndustry fan 'e Feriene Steaten en is wichtich by it yntrodusearjen fan minder bekende en ûnôfhinklike Amerikaanske films yn Jeropa.

Skiednis

It Festival foar Amerikaanske Films fan Deauville waard yn 1975 oprjochte troch Lionel Choudan, André Halimi en de doetiidske boargemaster fan Deauville, Michel d'Ornano. Hja waarden dêrby stip troch de Groupe Lucien Barrière, dy't foar it hâlden fan it evenemint in lúkse gelegenheid beskikber stelde. Hoewol't it festival fan oarsprong gjin kompetatyf elemint omfieme, begûn it yn 1995 dochs prizen út te rikken foar langspylfilms, en yn 1998 ek foar koarte films.

Prizen

  • Grand Prix
Foar de bêste film. Dizze priis hiet fan 1995 oant en mei 1997 en fan 2000 oant en mei 2007 de Grand Prix spécial Deauville, en yn 1998 en 1999 de Grand Prix du cinéma indépendant américain.
  • Prix du Jury
De sjuerypriis foar bêste film. Dizze priis hiet fan 1995 oant en mei 1997 de Prix du Jury spécial Deauville en yn 1998 en 1999 de Prix spécial du Jury du cinéma indépendant américain.
  • Prix du Public
De publykspriis, takend oan 'e film dy't dêrfoar útornearre wurdt troch in stimming ûnder de besikers fan it filmfestival.
  • Prix de la Critique Internationale
In ynternasjonale priis fan filmkritisy, dy't op it Festival foar Amerikaanske Films fan Deauville útrikt wurdt.
  • Prix d'Ornano-Valenti
Foarhinne bekend as de Prix Michel d'Ornano. Ferneamd nei Michel d'Ornano, in earder boargemaster fan Deauville en mei-oprjochter fan it festival, en finansjeel stipe troch it Frânsk-Amerikaansk Kultureel Fûns. Dizze priis wurdt útrikt oan in Frânske film dy't it debút is fan syn regisseur. Dêroan is ferbûn in jildbedrach fan 3.000 foar de regisseur, nochris €3.000 foar de filmprodusint en €10.000 foar de Frânske filmdistributeur, om te helpen by de promoasje fan 'e film.
  • Prix de la Révélation
In priis dy't takend wurdt oan in nije akteur/aktrise of in nije regisseur.
  • Prix de Scénario (opheft)
In priis foar it bêste senario, dy't inkeld yn 2004, 2005 en 2006 útrikt waard.

Winners

Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.