Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
In sneed yn in fingertop.

In ferwûning of wûne is in type fan lichaamlik letsel dat foarkomt as de hûd útskuord, trochsnien of trochboarre wurdt (in iepen wûne) of as der troch útwindich geweld in kniezing plakfûn hat, mei in ûnderhûdske bloedútstoarting ta gefolch (in tichte wûne). Yn 'e patology wurdt de term 'wûne' allinnich mar brûkt foar iepen wûnen.

By iepen wûnen kin it gean om:

  • snijwûnen (bgl. feroarsake troch in mês, in skearmês of in glêsskerf)
  • skuorwûnen (bgl. feroarsake troch in oanriding wêrby't men skept wurdt troch in auto)
  • skaafwûnen (bgl. feroarsake troch in fal wêrby't in mei de knibbel, earmtakke of in oare lichemsdiel oer in al as net ferhurde oerflak glidet)
  • skrammen (bgl. feroarsake troch de klauwen fan in kat)
  • ôfskuorwûnen (wêrby't in lichemsdiel losskuord wurdt fan 'e rest fan it lichem, bgl. as men mei in finger yn in bewegend apparaat komt)
  • punktuerwûnen (feroarsake troch in foarwerp dat de hûd op ien punt trochboarret, lykas in houtsplinter, in spiker of in nulle)
    • penetrative wûnen (feroarsake troch foarwerpen lykas in mês, dat de hûd en it ûnderlizzende diel fan it lichem alhiel trochboarret)
    • skotwûnen (feroarsake troch de kûgel út in fjoerwapen; hjirby kinne der twa wûnen wêze, in yngeande en in útkommende wûne)

Ienfâldiger iepen wûnen, lykas skrammen, lytse skaafwûnen, lytse punktuerwûnen en simpele snijwûnen, betterje ornaris út harsels wer oer. Foar slimmere iepen wûnen moat men help fan in dokter sykje, dy't gauris in hechting pleatse sil om 'e rânen fan in ferwûning flugger oaninoar fêst groeie te litten. Ek foar skea oan ûnderhûdsk weefsel en organen hat men fansels ferlet fan medyske help. Iepen wûnen binne tige fetber foar ûntstekkings. As dêr alhiel gjin sprake fan is, sprekt men fan in skjinne wûne. As de wûne, meastal koart nei it oprinnen, noch net skjinmakke is, giet it om in besmette wûne. As men in ûntstekking oprûn hat, neamt men it in ûntstutsen wûne, en as de wûne sa ûntstutsen is dat er net mear genêze wol, sprekt men fan in kolonisearre wûne (nammentlik: kolonisearre troch baktearjes).

By tichte wûnen kin it gean om:

  • kniezings (wêrby't ûnderhûdsk weefsel troch útwindich geweld mei in stomp oerflak skansearre rekke is, bgl. troch in fal of troch jin te stompen)
  • blierren (feroarsake troch oanhâldende wriuwing op in plak dêr't de hûd dêr net oer kin)
  • bloedblierren (feroarsake troch it knipen fan in diel fan 'e hûd)
  • brânblierren (feroarsake troch ekstreme hjitte of kjeld)
  • drukwûnen (feroarsake troch in grutte krêft oer langere tiid, bgl. as men fêst komt te sitten ûnder in omfallen beam of yn in ynstoart gebou)

Tichte wûnen moatte yn prinsipe út harsels genêze. Ofhinklik fan it gefal kin de medyske stân wol skansearrings oan ûnderlizzende organen en/of bonken behannelje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.