Ferkundigingskatedraal

Благовещенский собор

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adresKremlyn
koördinaten55° 45' N 37° 37' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaatMoskou
Arsjitektuer
boujier1484-1489
monumintale statusMonumint fan federaal belang
monumintnûmer7710353041
Webside
Museum Kremlyn fan Moskou
Kaart
Ferkundigingskatedraal (Moskou)
Ferkundigingskatedraal

De Ferkundigingskatedraal is in russysk-otterdokske katedraal yn it kremlyn fan 'e Russyske haadstêd Moskou.

Skiednis

De tsjintwurdige katedraal waard op it plak fan in âldere tsjerke mei deselde namme boud. Foar dy tiid stie der in houten tsjerke, dy't neffens de oerlevering yn 1291 boud wie en oan de Ferkundiging fan de Hear wijd waard. Nei't de houten tsjerke by ien fan de doe regelmjittich foarkommende stedsbrannen troch it fjoer ferneatige waard, bouden se in tsjerke fan stien. Fan dy tsjerke is allinne it jier 1397 as datum fan earste fermelding bekend, mar nei alle gedachten wie de earste stiennen tsjerke al desinnia earder noch ûnder grutfoarst Dmitri Donskoj stifte. Nei in ferbouwing yn 1416 bleau de âlde katedraal noch ûngefear santich jier stean, oant se brekfallich en oant de fûneminten ôfbrutsen waard. De doedestiidske grutfoarst Ivan III noege doe foar in grutte ferbouwing fan it kremlyn njonken Italjaanske arsjitekten ek boumasters út de stêd Pskov út. Dy lêsten setten op de âlde fûneminten útein mei de bou fan in nije Ferkundigingskatedraal, dy't nei fiif jier, yn augustus 1489, foltôge waard

Om't de katedraal fuort by de ferbliuwen fan 'e grutfoarst yn it kremlyn stie (op it plak dêr't tsjintwurdich it grutte Kremlynpaleis stiet), waard de katedraal troch de foarst ta de hôftsjerke útkeazen. De boufakkers fan Pskov lieten in trep fan 'e katedraal nei it paleis bouwe, dy't noch foar in part bewarre bleaun is. It tal 15e iuwske ikoanen bleaune bewarre en krigen wer in plak yn 'e nije katedraal.

19e iuwsk skilderij fan in earetsjinst yn de Ferkundigingskatedraal.

Ynearsten hie de Ferkundigingskatedraal mar trije koepels, mar nei de brân fan 1547 waarden der twa ekstra koepels op 'e westlike kant en ek noch fjouwer koepels boppe de sydalters tafoege, sadat de tsjerke meiïnoar njoggen koepels besit. Yn 1572 krige de katedraal oan 'e súdlike gevel in opgong, dy't letter de namme "Groznenski" (Russysk: Грозненский) krige en ferneamd waard nei Ivan de Ferskriklike (Russysk "Ivan Grozni"). It diel fan 'e ynrjochting dat by de brân fan 1547 ferlern gyng, waard yn it midden fan 'e 16e iuw wer in orizjinele foarmen rekonstruearre.

Sûnt de kroaning fan Ivan wie de Ferkundigingskatedraal de hûstsjerke fan 'e Russyske tsaren en dat bleau sa oant de bou fan it oanbuorjende Terempaleis mei de paleistsjerke yn it jier 1636. Tusken dy tiid bidde de tsarenfamylj yn 'e Ferkundigingskatedraal, trouden se dêr en lieten se harren bern dêr dope. Ek nei it ferlies fan 'e status fan keninklike hûstsjerke en sels noch nei de ferhûzing fan it hôf nei Sint-Petersburch bleau de tsjerke ien fan 'e wichtigste tsjerken fan Ruslân. De haadpreester fan 'e tsjerke wie tagelyk de bychtheit fan 'e tsaren en by bysûndere gelegenheden wenne de famylje de fiering fan 'e earetsjinst by.

Nei de 16e iuw waard de katedraal ferskate kearen troffen troch grut ûnheil. Oan it begjin fan 'e 17e iuw waard mei de Poalsk-Litouwske ynfaazje in grut diel fan 'e skatten stellen. Yn 1737 fûn in grutte brân plak (de saneamde "Trije-ienheidsbrân"), dy't njonken oare gebouwen yn it kremlyn ek de Ferkundigingskatedraal skeinde. It restauraasjewurk, dêr't de ferneamde stedsarsjitekt Matvej Kazakov oan meiwurke, waard wer foar in part ferneatige yn 'e kriich tsjin Napoleon yn 1812, doe't de Frânske besetters de tsjerke plonderen en brûkten as kazerne. Tusken 1815 en 1820 fûn de weropbou plak. Oare grutte ferbouwings waarden yn 1840, doe't de bou fan 'e residinsje fan 'e nije tsaar oanlieding joech om in ferbining mei de katedraal troch in loftbrêge te realisearjen, en yn 'e jierren 1880 útfierd.

Ek de gefjochten yn 'e Oktoberrevolúsje fan 1917 soarge foar skea oan it gebou. Fuort dêrnei waard de tsjerke troch de nije bolsjewistyske machthawwers mei de oare no noch besteande tsjerken foar de earetsjinst sletten en sekularisearre. Tegearre mei de oare bewarre kremlyntsjerken waard de tsjerke yn 'e jierren 1950 wer tagongklik foar it publyk, mar no as museum.

De ynauguraasje fan Dmitri Medvedev op 7 Maaie 2008 yn de Ferkundigingskatedraal.

Ek tsjintwurdich is de katedraal noch in museum. It makket diel út fan it Iepenloftmuseum Kremlyn fan Moskou. Sûnt 1992 wurde yn 'e katedraal ek wer earetsjinsten fierd by spesjale gelegenheden en op 'e otterdokske feestdei fan Marije-boadskip (7 april). Doe't Dmitri Medvedev yn maaie 2008 as presidint fan Ruslân beëdige waard krige er yn 'e Ferkundingskatedraal de tsjerklike segen foar syn nije amt. Tusken 2005 en 2009 folge in lêste restauraasje fan de Ferkundigingskatedraal.

Arsjitektuer

Opwekking fan Lazarus (taskrean oan Andrej Rûbljov).

De Ferkundigingskatedraal is yn ferlikening mei oare kremlynkatedralen wat lytser. Om't de Ferkundiginskatedraal krekt as de Kleedôflizzingstsjerke net troch Italjaanske mar troch Russyske arsjitekten út Pskov boud waard, wykt se wat arsjitektuer oanbelanget wat ôf fan 'e Untsliepeniskatedraal en de Michaelkatedraal. Karakteristyk foar de Ferkundingskatedraal binne de njoggen koepels. Neffens in leginde soe Ivan de Ferskriklike foar it fergulden fan 'e koepels tsjerkeskatten út Novgorod omraand ha. It dak is fersierd mei de foar Russyske tsjerken typearjende kokosjniki, dy't benammen kylbôgich binne. De gevels fan de mei bakstiennen boude katedraal binne mei wite kalkstien beklaaid, dat benammen by de Moskouse tsjerkebou yn 'e 15e iuw wenst wie.

Oan 'e eastlike en súdlike kant fan it gebou binne yngongen. Oer de eastlike opgong komme tsjintwurdich de toeristen de katedraal yn, wylst it by de súdlike opgong giet om 'e yn de jierren 1570 foar Ivan de Ferskriklike boude opgong giet. Dy yngong waard mei de gefjochten yn 1917 slim skansearre en fanôf it midden fan 'e 20e iuw wer yn 'e âlde steat reonstruearre. De nei de tagong liedende trep tsjut op in bysûnderheid fan 'e katedraal: se waard op in ferhege sokkel fan 'e foargonger boud. De ûnderferdjipping tsjinne yn 'e 15e en 16e iuw û.o. foar it bewarjen fan jild en skatten fan 'e tsaar.

De tsjerke waard yn 'e 16e iuw útwreide mei galerijen foar sydalters. Boppe de tagong nei de noardlike galerij falt in grut ikoan fan Kristus de Ferlosser op, dy't taskreaun wurdt oan 'e ikoaneskilder Simon Usjakov. De galerij wurdt fan 'e eigentlike tsjerke skieden troch in portaal, dat yn 'e 16e iuw troch Italjaanske arsjitekten yn opfallend azuerblauwe kleuren mei fergulde ornaminten fan planten dekorearre waard. De koperen doarren binne mei ôfbylden fan dichters en filosofen út de antike tiid fersierd.

Fresko's yn de Ferkundigingskatedraal.

Fan 'e oarspronklike fresko's út 1508 is in diel bewarre bleaun. Se binne oanbrocht troch de master Teodos, soan fan Dionysos en syn learlingen. De fresko's binne yn 'e tsjerke sels en de galerijen te sjen en stelle bibelske foarstellings en Russyske foarsten en grutfoarsten foar. By in grutter diel fan 'e muorrefresko's giet it lykwols om lettere rekonstruksjes dy't nei brannen yn 'e 16e en 17e iuw de ferneatige fresko's ferfongen.

It ferwult fan 'e sintrale tsjerke wurdt droegen troch fjouwer rjochthoekige pylders, dy't ek allegear ryk beskildere binne. Ut de tiid fan de foargongertsjerke stamt de fiif ferdjippings tellende ikonostaze út 1405. Yn 'e tredde en fjirde rige binne ikoanen te sjen fan Andrej Rûbljov en Teofanes de Gryk. Yn 'e ûnderste rige is de sulveren poarte in keunstsinnich fersierd elemint. Achter dy poarte leit de galerij mei de eardere treppen nei de ferbliuwen fan 'e tsaar. As de tsaar mei syn famylje nei de tsjerke gyng dan kamen se troch dy poarte nei binnen, de doarren wurde dan ek wol mei tsarenpoarte oantsjut.

De flier fan de alterromte bestiet út platen fan giel-reade jaspis, dy't mooglik oarspronklik út Konstantinopel stamme. Efter it alter, dêr oarspronklik de sakristy lei, stiet sûnt 1894 in grutte sulveren relykskryn mei 50 oerbliuwsels fan hilligen. De reliken binne fan 'e 15e iuw oant yn 'e 20e iuw fanút ferskate plakken fan 'e Kristlike Oriïnt sammele en nei de katedraal brocht.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis .


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.