Yn Nederlân binne de ferkearsbuorden definiearre yn it Reglement verkeersregels en verkeerstekens (RVV 1990). Dy algemiene maatregel fan bestjoer stelt foar Nederlân ûnder mear de neikommende ferkearsbuorden fêst. Tusken heakjes it nûmer neffens RVV 1966.
A: Faasje
- A1: Beheining fan de tastiene maksimumfaasje (1)
- A2: Ein fan 'e beheinde maksimumfaasje (2)
- A3: Maksimumfaasje op in elektronysk oantsjuttingsbord
- A4: Rjochtfaasje
- A5: Ein fan 'e rjochtfaasje
B: Foarrang
- B1: Foarrangsdyk (6)
- B2: Ein fan 'e foarrangsdyk (7)
- B3: Foarrangskrusing (8)
- B4: Foarrangskrusing mei syddyk lofts(8)
- B5: Foarrangskrusing mei syddyk rjochts (8)
- B6: Foarrang jaan oan bestjoerders op 'e krusende dyk (9)
- B7: Ophâlde fan riden, en foarrang jaan oan bestjoerders op 'e krusende dyk (10)
C: Ferbod
- C1: Ferbean tagong yn beide rjochtingen foar alle ferkear, útsein fytsers en fuotgongers (11)
- C2: Ienrjochtingswei, yn dizze rjochting sletten foar alle ferkear, útsein fytsers en fuotgongers (12)
- C3: Ienrjochtingswei (13)
- C4: Ienrjochtingswei, ynfierd yn 1990
- C5: Ynriden tastien
- C6: Ferbean foar motorreauwen op mear as twa tsjillen (17)
- C7: Ferbean foar frachtauto's
- C7a: Ferbean foar autobussen
- C7b: Ferbean foar autobussen en frachtauto's
- C8: Ferbean foar lânbou - en boskboutrekkers, motorreauwen mei beheinde faasje en mobile masines
- C9: Ferbean foar ruters, fee, weinen, lânbou - en boskboutrekkers, motorreauwen mei beheinde faasje, mobile masines, brommobilen, fytsen, snorfytsen, bromfytsen en handicapteweinen.
- C10: Ferbean foar motorreauwen mei oanhingwein (18)
- C11: Ferbean foar motorfytsen (19)
- C12: Ferbean foar alle motorreauwen (20)
- C13: Ferbean foar bromfytsen, snuorfytsen en reauwen foar handikepten mei in wurkjende motor (21)
- C14: Ferbean foar fytsen en reauwen foar handikepten sûnder motor (22)
- C15: Ferbean foar fytsen, bromfytsen en reauwen foar handikepten (23)
- C16: Ferbean foar fuotgongers (27)
- C17: Ferbean foar reauwen en gearstallen fan reauwen dy't, mei de lading ynbegrepen, langer binne as op it boerd oanjûn is (32)
- C18: Ferbean foar reauwen dy't, mei de lading ynbegrepen, breder binne as op it boerd oanjûn is (33)
- C19: Ferbean foar reauwen dy't, mei de lading ynbegrepen, heger binne as op it boerd oanjûn is (34)
- C20: Ferbean foar reauwen wêrfan't de asdruk heger is as op it boerd oanjûn is (35)
- C21: Ferbean foar reauwen en gearstallen fan reauwen, wêrfan't de totaalmassa heger is as op it boerd oanjûn is (36)
- C22: Ferbean foar reauwen mei bepaalde gefaarlike stoffen
- C22a: Ferbean foar persoane- en bedriuwsauto’s, frachtauto’s of bussen mei in diselmotor fanwegen miljeusône
- C22a1: Underboerd by boerd C22a: miljeusône tagonklik foar persoane- en bedriuwsauto’s emisjeklasse 3 oant en mei 6
- C22a2: Underboerd by boerd C22a: miljeusône tagonklik foar persoane- en bedriuwsauto’s emisjeklasse 4 oant en mei 6
- C22a3: Underboerd by boerd C22a: miljeusône tagonklik foar persoane- en bedriuwsauto’s emisjeklasse 5 en 6
- C22a4: Underboerd by boerd C22a: miljeusône tagonklik foar frachtauto’s emisjeklasse 4 oant en mei 6
- C22a5: Underboerd by boerd C22a: miljeusône tagonklik foar frachtauto’s emisjeklasse 6
- C22a6: Underboerd by boerd C22a: miljeusône tagonklik foar bussen emisjeklasse 4 oant en mei 6
- C22a7: Underboerd by boerd C22a: miljeusône tagonklik foar bussen emisjeklasse 6
- C22a8: Underboerd by boerd C22a: miljeusône tagonklik foar frachtauto’s en bussen emisjeklasse 4 oant en mei 6
- C22a9: Underboerd by boerd C22a: miljeusône tagonklik foar frachtauto’s en bussen emisjeklasse 6
- C22b: Ein ferbod miljeusône
- C22c: Ferbean foar bedriuws- en frachtauto’s fanwege nul-emisjesône
- C22c1: Underboerd by boerd C22c: nul-emisjesône tagonklik foar emisjeloase bedriuws- en frachtauto’s
- C22d: Ein ferbod nul-emisjesône
- C23-01: Spitsstripe iepen
- C23-02: Spitsstripe frijmeitsje
- C23-03: Ein spitsstripe
D: Rydrjochting
- D1: Rotonde; ferplichte rydrjochting (15)
- D2: Hjitten foar alle bestjoerders de oan rjochterkant fan it boerd del te gean (16, 62)
- D3: Oan allebeide kanten fan it boerd mei riden wurde. Ynfierd yn 1990.
- D4: Hjitten ta it folgjen fan de rydrjochting dy't op it boerd oanjûn is (46, 47)
- D5: Hjitten ta it folgjen fan de rydrjochting dy't op it boerd oanjûn is (46, 47)
- D6: Hjitten ta it folgjen fan ien fan de rydrjochtingen dy't op it boerd oanjûn binne (46, 47)
- D7: Hjitten ta it folgjen fan ien fan de rydrjochtingen dy't op it boerd oanjûn binne (46, 47)
E: Parkearjen
- E1: Ferbean te parkearjen (49)
- E2: Ferbean stil te stean (51)
- E3: Ferbean fytsen en bromfytsen del te setten (52)
- E4: Plak om te parkearjen
- E5: Plak foar in taksy
- E6: Plak foar handikepten
- E7: Plak ornearre foar it fuortendaliks laden en lossen fan guod
- E8: Parkearplak allinnich ornearre foar de kategory reauwen of groep reauwen dy't op it boerd oanjûn is
- E9: Parkearplak allinnich ornearre foar fergunninghâlders
- E10: Plak dêr't it ferplichte is in parkearskiif te brûken om te parkearjen
- E11: Ein fan de sône dêr't it ferplichte is in parkearskiif te brûken
- E12: P+R-foarsjenning ornearre foar oerstappers op it iepenbier ferfier
- E13: Parkearplak ornearre foar carpoolers
F: Oare gebods- en ferbodsbuorden
- F1: Ferbean foar motorreauwen om inoar yn te heljen (40)
- F2: Ein ferbod foar motorreauwen om inoar yn te heljen (41)
- F3: Ferbean foar frachtauto's om motorreauwen yn te heljen (42)
- F4: Ein ferbod foar frachtauto's om motorreauwen yn te heljen (43)
- F5: Bestjoerders fan de tsjinoerstelde rjochting hawwe foarrang (44)
- F6: Bestjoerders fan de tsjinoerstelde rjochting moatte foarrang jaan (45)
- F7: Ferbean te swaaien (48)
- F8: Ein fan alle ferbodden dy't op forkearsbuorden oanjûn binne (55)
- F9: Ein fan alle ferbodden dy't op elektroanyske buorden oanjûn binne
- F10: Stop. Op it boerd kin oanjûn wurde troch wa of wêrom it boerd brûkt wurdt (56)
- F11: Ferplichte om de ynhelstripe te brûken om reauwen, dy't net hurder ride meie as 25 km/oere, yn te heljen
- F12: Ein om de ynhelstripe ferplichte te brûken
- F13: Rydbaan of -stripe allinnich ornearre foar lynbussen
- F14: Ein busbaan of -stripe
- F15: Rydbaan of -stripe allinnich ornearre foar trams
- F16: Ein trambaan of -stripe
- F17: Rydbaan of -stripe allinnich ornearre foar lynbussen en trams
- F18: Ein bus- en trambaan of -stripe
- F19: Rydbaan of -stripe allinnich ornearre foar frachtauto's en lynbussen
- F20: Ein rydbaan of -stripe foar frachtauto’s en lynbussen
- F21: Rydbaan of -stripe allinnich ornearre foar frachtauto's
- F22: Ein rydbaan of -stripe foar frachtauto’s
G: Ferkear
- G5: Wenhiem
- G6: Ein wenhiem
- G7: Fuotpaad (61)
- G8: Ein fuotpaad
- G9: Ruterpaad
- G10: Ein ruterpaad
- G11: Ferplichte fytspaad (59)
- G12: Ein ferplichte fytspaad
- G12a: Fyts/bromfytspaad
- G12b: Ein fyts/bromfytspaad
- G13: Unferplichte fytspaad (60)
- G14: Ein ûnferplichte fytspaad
H: Beboude kom
- H1: Beboude kom (3, 4)
- H2: Ein beboude kom (5)
J: Warskôging
- J1: Minne dyk (65)
- J2: Bocht nei rjochts (66)
- J3: Bocht nei lofts (67)
- J4: S-bocht(en), earst nei rjochts (69)
- J5: S-bocht(en), earst nei lofts (68)
- J6: Steil omheech gean
- J7: Gefaarlik delgean (70, ek by omheech gean)
- J8: Gefaarlik krúspunt (71)
- J9: Rotonde
- J10: Spoaroergong mei slachbeammen (72)
- J11: Spoaroergong sûnder slachbeammen (73)
- J12: Spoaroergong mei inkeld spoar (75)
- J13: Spoaroergong mei twa of mear spoaren (76)
- J14: Tram(krusing) (77)
- J15: Beweechbere brêge (79)
- J16: Wurk yn útfiering (80)
- J17: Rydbaanfersmelling (81a)
- J18: Rydbaanfersmelling rjochts (81b)
- J19: Rydbaanfersmelling lofts (81c)
- J20: Gefaar om te slippen (82)
- J21: Oerstekkende bern (83)
- J22: Plak dêr't fuotgongers oerstekke (84)
- J23: Fuotgongers
- J24: Fytsers en bromfytsers (87)
- J25: Gefaar foar stiennen dy't los lizze (85)
- J26: Kaai of rivierouwer (86)
- J27: Kâns op oerstekken fan wylde bisten (88)
- J28: Fee (89)
- J29: Tsjinlizzers (91)
- J30: Leechfleande fleantugen (92)
- J31: Sydwyn (93)
- J32: Ferkearsljochten (94)
- J33: File
- J34: Ungemak
- J35: Min sicht troch snie, rein of mist
- J36: Izel of snie
- J37: Gefaar (hokker gefaar is oanjûn op it ûnderboerd) (90)
- J38: Ferkearsdrompel
- J39: Warskôging foar in peal yn de rydbaan dy't elektrysk yn- en útskoot, dêr't de tagong fan strjitten by regele wurde kin
K: Paadwizers
- K1: Lege beslissingspaadwizer by de autodyk del foar trochgeande rjochting, mei ynterlokale doelen en harren ôfstân en dyknûmer fan de autodyk
- K2: Foarpaadwizer by de autodyk del foar ôfslaande rjochting, mei ôfstânoantsjutting, ôfritnûmer, ynterlokale doelen (boppeste doel = ôfritnamme), ferwizing nei loftthaven en dyknûmer fan net-autodyk
- K2: Itselde
- K3: Beslissingspaadwizer by de autodyk del foar de ôfslaande rjochting nei in fersoargingsplak, mei de namme fan it parkearplak en symboalen dy't oanjouwe hokker foarsjennings dêr binne
- K4: Hege beslissingspaadwizer by de autodyk del meiin paniel foar de rydstripe foar de trochgeande rjochting en paniel foar de ôfspjalting foar de ôfslaande rjochting, mei ynterlokale doelen, dyknûmers fan de autodiken en Jeropeeske haadrûten
- K4: Itselde (mei omheechwizende pylk foar trochgeande rjochting)
- K5: Foarpaadwizer by in net-autodyk del, mei ynterlokale doelen, dyknûmers, fiaduktsymboal en oantsjutting yndustryterrein
- K6: Beslissingspaadwizer by in net-autodyk mei ynterlokale doelen en dyknûmer net-autodyk
- K7: Paadwizer foar fytsers en bromfytsers (hânwizer), mei lokaal doel, ynterlokaal doel, stêdlik fytsrûtenûmer (boppe), en mei ynterlokale doelen en ynterlokaal fytsrûtenûmer (ûnder)
- K8: Paadwizer foar fytsers en bromfytsers (steapelboerd), mei ynterlokale doelen en een oer in alternative rûte te berikken doel (kursyf, grien)
- K9: Omlieding. Maatregel op foarpaadwizer by in net-autodyk del
- K10: Foarpaadwizer yn de beboude kom mei ynterlokaal doel, lokaal doel, in deirekreaasjesintrum, objekten en stedsrûtenûmers
- K11: Foarsortearje op net-autodyk. Boerd mei ynterlokale doelen, dyknûmers en ferwizing nei in autodyk
- K12: Wykpaadwizer yn de beboude kom, mei wyknammen (yn ferkearsgebieten)
- K13: Wykpaadwizer yn de beboude kom, mei wyknûmers (yn ferkearsgebieten)
- K14: Rûte foar it ferfieren fan bepaalde gefaarlike stoffen
L: Ynformaasje
- L1: Hichte trochgong
- L2: Oerstekplak foar fuotgongers (sebrapaad)
- L3a: Tramhalte/bushalte
- L3b: Bushalte (102)
- L3c: Tramhalte
- L4: Foarsortearje
- L5: Ein rydstripe (ritsen)
- L6: Ofspjalting
- L7: Tal trochgeande rydstripen
- L8: Bline wei (101a)
- L9: Foaroantsjutting foar in bline wei (101b, c, d)
- L10: Foaroantsjutting ferkearsmaatregel foar de oanjûne rjochting
- L11: Ferkearsboerd jildt allinnich foar de oanjûne rydstripe(n)
- L12: Ferkearsboerd jildt allinnich foar de oanjûne rydstripe
- L13: Tunnel
- L14: Needstopplak
- L15: Needstopplak mei in needtillefoan en brândwêster
- L16: Needtillefoan (108)
- L17: Brândwêster
- L18: Needtillefoan en brândwêster
- L19: Tichtstbywêzende útgong mei ôfstân dêrhinne (rjochts)
- L19: Itselde (loftss)
- L20: Utwykplak rjochts fan de dyk
- L21: Utwykplak lofts fan de dyk
Sjoch ek
Keppeling om utens
- (ned) Oersicht fan alle offisjele (en net-offisjele) ferkearsbuorden foar iepenbiere romte en eigen terrein
- (ned) Grutter oersicht fan ferkears- en oare buorden yn Nederlân
- (ned) Brosjuere Verkeersborden en Verkeersregels in Nederland
- (ned) Folsleine tekst fan it Reglement Verkeersregels en verkeerstekens op overheid.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Noten op dizze side.
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.